Haadkategory: Opiny

  • 11 oktober 2023

    Fjouwer skriuwers presintearren tiisdeitejûn nije teksten ynspirearre op Gysbert Japicx yn De Gouden Leeuw. Op it barren, organisearre yn it ramt fan de Gysbertwike, as opmaat nei it útrikken fan de Gysbert Japicxpriis oan Jetske Bilker takom sneon yn Boalsert, kamen sa'n tweintich besikers ôf. Gabrielle Terpstra (1990) út Ljouwert mocht begjinne en sette daliks yn mei in foardracht yn it Bildtsk fan Gerard Marcel [...]

  • 9 oktober 2023

    Wy binne werom!  En we moasten ek noch in bytsje opsjitte, want nei dizze opname gongen we nei de studio fan de Omrop om mei te wurkjen oan in earbetoan oan ien fan de grutste (en noch libjende) Fryske skriuwers troch ferkate dichters. (sjoch foto). Dus, hurry hurry, gjin tiid om te knippen en te plakken, yn ien kear, live, bam! Ja, ha we noch [...]

  • 6 oktober 2023

    Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr Kafee. M.G. NUNEZ-PRINSEN  “Jim meie der wol bykomme hear, op [...]

  • tegearre lêze

    29 september 2023

    Mei-inoar lêze is mei-inoar genietsje fan moaie romanfragminten, pakkende ferhalen en bysûndere gedichten, en mei-inoar prate oer wat dy teksten oproppe. It is dus gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Yn dizze spesjale edysje fan Mei-inoar lêze yn de Gysbert Japicxpriis-wike, lêze we teksten fan de winner fan de priis (yn 2023: Jetske Bilker), fan Gysbert [...]

  • Erik of it lyts ynsekteboek

    22 september 2023

    MAAIKE ANDRINGA -  It wie in prachtige moarn. Flamjend read en oranje tearde de jonge dei de wjukken iepen en al it gewaaks, foardelbûgd ûnder it gewicht fan ’e daudrippen, rjochte him risseljend op en skodde de fracht as in diamanten kleed fan him ôf. In fragmint út Erik, dat de prachtige fertelwize fan Bomans yllustrearret en tagelyk de taalkeunst fan Geart Tigchelaar sjen lit, [...]

  • 22 september 2023

    HUUB MOUS -  We schrijven 6 maart 1960. Die dag werkte mijn vader veertig jaar bij de PTT. Dat jubileum werd bij ons thuis in Amsterdam gevierd met een receptie, waarbij niet alleen mijn hele familie, maar  ook alle collega’s van mijn vader aanwezig waren. Laatst vond ik in een doos op zolder een groepsfoto terug die gemaakt is bij deze feestelijke bijeenkomst. Aan de [...]

  • 11 september 2023

    “Jetske Bilker hat mei ''Spegel en sonde' in fakkundich literêr wurkstik ôflevere. Se bringt dêryn it tema deminsje tige betûft tepas om de algemiene delgong fan in haadpersoan te beskriuwen dy’t har libben op leagens en yllúzjes boud hat en alhiel ferslacht yn ’e rollen dêr’t se yn twongen is of dêr’t se harsels yn avensearre hat. Dêrby ferbynt se op in yntrigearjende wize in [...]

  • 21 augustus 2023

    Pauper fiert feest, Gabrielle Terpstra is slagge oan de Akadeemje foar Popkultuer én it losse kollektyf Pauper Poëzy bestiet 4 jier! Muzyk, poëzy en in kombinaasje dêrfan. Orizjinele Pauperset mei âlde bekenden en nije Pauperfreonen.Mei muzyk fan:Minne PrysterMethoxyDichters:Erik de BoerJaimy HindriksMartsje de JongLubbert Jan de VriesAlwin van der ToornEmily WielandOm 7 oere trapet Methoxy ôf mei har sfearrike, persoanlike muzyk, en tusken de dichters troch [...]

  • 21 augustus 2023

    Ik hâld de jûn yn myn hân as wie it in apel dy’t eins daliks opiten wurde moat, want hy stiet op it rantsje fan bedjerren. De skimer falt hoeden oer it kanaal, de brêge en de stille treppen by myn finster del. Alles is sa feroarlik as de maitiid. En ik: hjir ferside, yn dit stjerrende ljocht dat falt as op in skilderij fan [...]

  • 13 augustus 2023

    "Wiene we allegear mar in lyts bytsje mear Aggie" ARJAN HUT - Sneon, wylst de sûndfloed oer it lân losberste, is Aggie van der Meer op 95-jierrige leeftyd ferstoarn. De skriuwster kaam op lettere leeftyd literêr op gong en bleau oant de ein ta warber. Se lit in grut en yndrukwekkend oeuvre nei, mei titels as Wachtsje op it daagjen, De oerfeart (Piter Jelles Priis [...]

  • 30 juli 2023

    Barbie en Oppenheimer, twa grutte blockbusters dy’t op deselde dei yn premjêre giene, waarden troch kreative geasten op de ‘socials’ ta ien grut spektakel nifele. De plestik wrâld fan de pop Barbie en de allesferneatigjende skiednis fan de atoombom lizze sa fier útinoar, as Alaska en Ruslân op de wrâldkaart, dat se mekoar by einsluten oan de efterkant wer reitsje. Barbenheimer ja, de grap is [...]

  • 20 juli 2023

    Spoken word, poëzy & metal, wat bart der allegear yn de studio fan Schaaf? Annemarie Lindeboom leit it ús út. Ground zero, jierren 40. Oppenheimer is syn barbie kwyt. Gabrielle (no professor yn de popkultuer) hat noch nea in Spiderman-film sjoen, mar sil al nei Barbie èn Oppenheimer.   We harkje nei Foppe Land syn foardracht yn de Gouden Leeuw op 16 maaie. [...]

  • 11 juli 2023

    "In moanne as wat lyn fielde ik al dat der wat rommele oan de hoarizon, der hong wat  yn de loft, in frjemde, nuvere spanning. Stilte fan wantrouwen foar in stoarm fan ûntefredenheid. Men wie dwaande  in nij oersjoch fan de Fryske poëzy gear te stallen, erges yn in keuken op it Fryske plattelân." Dit boekje bevat een interessant overzicht van en [...]

  • 6 juli 2023

    S. de Schiffart Moatst tsjintwurdich in Gofundme-akkount oanmeitsje ast in patatsje helje wolst. In nije rubryk, "No Sa": Gabrielle har kollum, oer de tiid. Arjan lêst ek in kollum, oer Naar gelang het noorden. Sipke de Schiffart skreau in poepgedicht foar it projekt Wjerspegelje fan City of Literature. Wêrom drinke we gjin bargemolke? Frouljushaat wie eartiids hiel gewoan, blykt út sitaten fan Anton [...]

  • 1 juni 2023

    22 juny 2023 (20.00 - 21.30 )Wat it slavernijferline no mei ús docht. Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân We meie op 1 july dan wol betinke dat it 150 jier lyn is dat Nederlân de slavernij yn de eardere koloanjes ôfskafte, mar hoe wurket dat ferline noch altyd troch yn ús maatskippij? Oer dy fraach organisearret Tresoar op tongersdei 22 juny in temajûn, [...]

  • 22 mei 2023

    Gabrielle Terpstra yn petear mei (hast) alle dielnimmers oan it earste offisjele Frysk kampioenskip slamdichtsje. Dy is op 24 maaie, jûns yn De Gouden Leeuw (Tresoar). Hoe binne de oansteande slammers begong mei skriuwen? Wat hat harren besiele en jou harsels op? Ha se in taktyk om te winnen? Wat dogge se mei it prizejild? De Fryske Slam is in inisjatyf fan Dichter fan Fryslân [...]

  • 13 mei 2023

    Se sitte achter Beau oan ARJAN HUT --- “Je weet niet wat echt is,” seit de menear. “Je moet niet vergeten dat het een patient is. Je ziet de wereld door zijn ogen.” We komme krekt Slieker Film út. Die-hards, we binne de hiele premjêre fan Beau is Afraid sitten bleaun. Sawat de helte fan it publyk ferliet de seal foar it earste [...]

  • 11 mei 2023

    De Dichter fan Fryslân is te gast, mar Sigrid Kingma sjocht Kriebelvisje op tafel lizzen en kin al gau net mear ophâlde fan lêzen. Hoe sjocht se werom op de earste oardel jier, wat is har favorite snack?   Tegearre mei Gabrielle hat Sigrid de earste offisjele Fryske Slam organisearre, en we sjogge ek foarút nei de útfiering fan Katharsis takom wike yn De Gouden [...]

  • 8 mei 2023

    Dichters Joël Hut en André Looijenga bringe kommende sneon tagelyk harren nije bondel út. Foar Looijenga (1982) is it syn earste bondel. De leksikograaf dy't by de Fryske Akadeemje wurket, wie earder redaksjelid fan it tydskrift Ensafh. Yn 2017 fertsjinne er in Rely Jorritsmapriis foar syn fers De Brêge. Looijenga is ek dosint klassike talen. Hut (1995) brocht al ferskate titels yn eigen behear út. [...]

  • 4 mei 2023

    Fryske SLAM! Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet dizze jûn, dêrnei kinne de dielnimmers los. De presintaasje is yn hannen fan Gabriëlle Terpstra. It is in klassike slam, wat betsjut dat it publyk kiest wa’t de bêste [...]