fotografy: GT. Dit is net ús echte podcast.This is just a tribute.

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard: In Nij Seizoen

Wy binne werom! 

En we moasten ek noch in bytsje opsjitte, want nei dizze opname gongen we nei de studio fan de Omrop om mei te wurkjen oan in earbetoan oan ien fan de grutste (en noch libjende) Fryske skriuwers troch ferkate dichters. (sjoch foto). Dus, hurry hurry, gjin tiid om te knippen en te plakken, yn ien kear, live, bam! Ja, ha we noch wat meimakke? We fûnen boeken op strjitte by de Koepeltsjerke yn Ljouwert, wiene dy fan Tsjêbbe Hettinga? Ien fan Josse de Haan en ien fan Josip Brodsky. We ha it oer de grutte fraach aller fragen: Wa wurdt de nije Dichter fan Fryslân!? We ferjitte hast dat der ek noch in nije stêdsdichter fan Ljouwert socht wurdt. Hoe stiet it mei it Literêr Kafee yn oanbou, der komme ferkate gedichten foarby (ien oer Sietske Harkema) en Gabrielle fertelt ús alles oer de magyske Cevennes en se seach in film dy’t gjin grutte yndruk makke. No sa, Fryslân, no sa. 

Sfearbyld út de Omrop Studio. Opnames foar earbetoan Durk van der Ploeg. Foto: GT

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.