Jetske Bilker fertsjinnet de Gysbert 2023

Publisearre op 11 september 2023

“Jetske Bilker hat mei ”Spegel en sonde’ in fakkundich literêr wurkstik ôflevere. Se bringt dêryn it tema deminsje tige betûft tepas om de algemiene delgong fan in haadpersoan te beskriuwen dy’t har libben op leagens en yllúzjes boud hat en alhiel ferslacht yn ’e rollen dêr’t se yn twongen is of dêr’t se harsels yn avensearre hat. Dêrby ferbynt se op in yntrigearjende wize in suver klinyske analyze mei in flotte fertelstyl en in fine humor.”


Dit sitaat komt út it sjueryrapport en giet oer de roman Spegel en sonde fan Jetske Bilker, dy’t dêrmei dit jier de Gysbert Japicxpriis krijt. Dizze belangrykste provinsjale priis foar Fryske literatuer wurdt sûnt 1947 om de twa jier útrikt. Bilker is nei Ypk fan der Fear (1979) en Aggie van der Meer (2019) de tredde frou dy’t de priis krijt yn de kategory proaza.

Spegel en sonde (2021) giet oer toskedoktersassistinte Doutsen dy’t in nije baas krijt. Fan dat momint ôf begjint har libben út de rails te rinnen. Se ferjit saken, werkent minsken net mear en rekket geregeld it paad bjuster en ferliest de kontrôle oer har libben en har relaasjes mei har famylje en freonen.

Utrikking
De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis is sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De priis bestiet út in bedrach fan 10.000 euro en 5.000 euro foar it oersetten fan it wurk fan de winner. Yn de foarôfgeande wike binne ferskate literêre aktiviteiten yn de Gysbert Japicxpriiswike. 

Oer de skriuwster
Jetske Bilker (1960) mocht as bern al graach skriuwe. Se studearre Algemiene Literatuerwittenskippen en wurke ûnder oare yn it ûnderwiis. Yn 1998 debutearre se mei Imitaasjelear. Dêrnei ferskynde yn 2012 It libben fan in oar en yn 2021 kaam Spegel en sonde út. Neist dizze romans hat se in grut ferskaat oan publikaasjes op har namme stean. Fan oersettingen fan De Kameleon oant Harry Potter en fan Ilja Leonard Pfeijffer oant in ‘hertaling’ fan Trinus Riemersma. Ek makke se ferhalebondels, blomlêzingen en skreau se it Fryske boekewikegeskink fan 2004. De lêste jierren is se ek aktyf as dosint kreatyf skriuwen.

(Mear ynfo op de webside fan Tresoar)

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels