Resinsje: Erik of it lyts ynsekteboek

Publisearre op 22 september 2023

MAAIKE ANDRINGA – 

It wie in prachtige moarn. Flamjend read en oranje tearde de jonge dei de wjukken iepen en al it gewaaks, foardelbûgd ûnder it gewicht fan ’e daudrippen, rjochte him risseljend op en skodde de fracht as in diamanten kleed fan him ôf.

In fragmint út Erik, dat de prachtige fertelwize fan Bomans yllustrearret en tagelyk de taalkeunst fan Geart Tigchelaar sjen lit, dy’t mei dizze oersetting fertsjinstlik de Obe Postmapriis fan 2016 wûn hat. It ferhaal giet oer in jonkje dat yn de wrâld fan de ynsekten bedarret, wêr’t neat minskliks frjemd is, en dêr allerhande aventoeren belibbet.

Beoardielingen fan Fryske boeken geane faak oer de kwaliteit of gevens fan it Frysk, mar dêr hoege wy ús by Tigchelaar net om te bekroadzjen: syn gebrûk fan de Fryske taal fertsjinnet alle lof. Yn dizze resinsje wolle wy krekt sjen nei de keunst en feardichheden fan it oersetten nei in oare taal.

Kwa ferhaal bliuwt Tigchelaar deun op it orizjineel. Hy folget de folchoarder fan it Nederlânsk nau, mar as it Frysk freget om in feroaring, dan docht er dat. Neffens Arthur Langeveld, kenner yn oersetten, moatst as oersetter it orizjineel los doarre te litten, bygelyks troch in wurdsoarte te feroarjen of de folchoarder fan de sin. Ast te min of gjin saneamde oersetterstransformaasjes tapast, hast it gefaar datst troch de oersetting hinne te folle it orizjineel lêst, mei bygelyks in ferkearde wurdfolchoarder (Langeveld, 2008, p. 98).

It folgjende fragmint út it begjin fan it boek, dêr’t Erik op bêd leit, lit sjen dat Tigchelaar ticht by Bomans syn ferzje bliuwt, mar dochs de nedige oanpassingen doart te meitsjen.

No barde der wat aldereigenaardichst, en dat wie… dat der eins neat barde. Erik miende mar dat pake sa kjel wurde soe dat er miskien sels wol út de list oer de grûn falle soe, mar pake poetste rêstich troch. Allinnich skodde er efkes de holle en lake stilwei wat foar him út… O, wat in wûnderlike laits!

Nu gebeurde er weer iets verbazends, en dat was – dat er eigenlijk niets gebeurde. Erik had stellig verwacht dat grootvader zou schrikken, misschien wel uit de lijst op den grond zou vallen, doch hij poetste rustig door. Alleen schudde hij even het hoofd en lachte stil voor zich heen… O, het was een wonderlijk lachje.

Ynhâldlik stiet yn de Fryske oersetting itselde as yn Bomans syn ferzje, mar de wize fan formulearjen ferskilt bygelyks yn de twadde sin: Erik had stellig verwacht wurdt Erik miende mar en yn stee fan twa bysinnen op deselde hichte (dat grootvader zou schrikken en misschien wel … zou vallen) giet er nei dat pake sa kjel wurde soe djipper de bysin yn: dat er miskien sels wol … falle soe. Omdat sa it ûnderwerp fan it poetsen net dúdlik is, hat Tigchelaar dy eksplisyt makke: pake poetste rêstich troch. In feroaring dy’t Tigchelaar wol faker oanbringt, is it weilitten fan it tiidwurd by in puntige útspraak: wat in wûnderlike laits. Dit fragmint is ien fan de safolle foarbylden dat Tigchelaar deun by it orizjineel bliuwt, mar wol de nedige feroaringen oanbringt, dy’t meitsje dat de Fryske tekst goed rint.

In moai foarbyld fan in oersetting dy’t ynhâldlik op deselde situaasje slacht, mar dochs oars is, is de situative oersetting, in weardefolle keunstgreep foar de oersetter, mar ien dy’t mei grutte foarsichtichheid tapast wurde moat (Langeveld, 2013, p. 104). Tigchelaar brûkt dy net faak, mar as er him brûkt, is er goed te plak. In holder seit by Bomans: ‘Ik ben vader en echtgenoot, meneer.’ en by Tigchelaar ‘Ik ha frou en bern, menear.’ In oar foarbyld: Zodra de rust was weergekeerd wurdt yn de oersetting Sadree’t it leven saksearre wie.

Neist de ynhâld moat in oersetter ek rekken hâlde mei it taalgebrûk fan it hiele ferhaal: hy moat de sfear fan it ferhaal en de ferteltoan itselde hâlde. De tekst moat itselde op de lêzer oerkomme as it orizjineel. Brûkt de skriuwer bewust hieltyd lange sinnen, dan moat de oersetter dat bewarje, as it teminsten net om in eigenskip giet dy’t yn de boarnetaal hiel gewoan is en yn de doeltaal net. Tigchelaar behâldt faak de lingte fan de sinnen, al grypt er wol yn as it der yn it Frysk wat te mâl oan ta giet, mar dat moat er ek foaral dwaan. Ast no it boek fan Bomans lêst, dan falt op dat it taalgebrûk âlderwetsk is, yn alle gefallen yn de 28e druk dy’t hjir yn de kast stiet, mei it gebrûk fan namfallen en âlderwetske wurden. Bewarret de oersetter sok âld taalgebrûk, dan komt it ferhaal ynienen hiel oars op de moderne lêzer oer. Elke tekst is ommers bûn oan in tiid. De oersetter moat net allinne kulturele ferskillen oerbrêgje, mar ek temporele. Der is dêrom gjin reden om yn oersetting fan âld wurk mear argayske wurden te ferwachtsjen as by moderner wurk, stelt Langeveld (2013, p. 140). Lokkich hellet Tigchelaar de taal nei ús eigen tiid, sûnder nuvere argayske wurden.

Guon saken past de oersetter oan oan ús tiid: guon dingen leit er út of omskriuwt er oars, bygelyks omdat dy no oars sein wurde. Sa is in hansopje in pyama wurden, Prinsjesdag wurdt de tredde tiisdei fan septimber en de salon wurdt de keamer. Henkie Sjollema sit net mear yn de derde klas, mar yn groep fiif en de learlingen sitte no net mear achter in lessenaartje, mar yn in skoalbankje of oan in taffeltsje. Erik syn bynamme is net mear Eerdje, mar Rik. Hy is boppedat net mear de soan fan het kamerlid Mr Pinksterblom, mar fan it achte keamerlid. De kachel wurdt yn de oersetting in iepen hurd, omdat men by in kachel no earder oan in cv of soks tinkt. Der is noch wol sprake fan ryksdaalders en de bruorren fan Erik smoke noch altyd wol piip – wat eartiids tige gewoan wie, mar no net mear –, al wurde se by Tigchelaar grutte broers neamd, folwoeksen finten dus, en net mear allinne ‘broers’. Hjir hie om my de oersetter wol mear frijheid nimme mochten, troch de pipen dy’t fierder neat tafoegje oan it ferhaal fuort te heljen. Of it dat dan sensuer?

It is aardich om te sjen wat Tigchelaar mei alle nammen fan de personaazjes docht. Erik Pinksterblom behâldt syn orizjinele namme. Blom klinkt ommers al aardich Frysk. De measte nammen ferfrysket er: Henkje Sjollema wurdt Henkie Sjollema, oom Hendrik wurdt omke Hindrik, broer Piet wurdt Pyt, Annetje en Wannetje wurde Antsje en Wantsje en buorfamke Marycke kriget de namme Margje. It skilderij Wollewei dêr’t it hiele ferhaal om draait kriget de titel Wolwiid, wêrby’t de alliteraasje fan de w en de sfear fan it skilderij (it is in skilderij mei skiep op it lân) bewarre bleaun wurde. De wespefamylje de Liesheuveltjes wurdt moai ferfryske ta de Lyswerda’s. De aadlike famylje Van Vliesvleugel kriget de deftige namme Van Vlueswjuck, dy’t op in alleraardichste wize de staveringsregels folget fan typysk Fryske nammen mei in sjike –ck op de ein en in ferwizing is nei de flueswjukkigen (vliesvleugeligen).

Neist nammen fan de personaazjes binne der ek noch wat titels, nammebuordsjes of kaartsjes. Dêr giet Tigchelaar ferskillend mei om. It hotel ‘Slakkenhuis’ wurdt ‘Slakkehûs’ en de nammebuordjes J. Mug en A.A.M. Hooiwagen yn dat hotel wurde oerset mei J. Mich en A.A.M. Langpoat. Ek it briefke fan de juf oan de ein fan it boek wurdt yn it Frysk oerset. De boektitel Solms’ Beknopte Natuurlijke Historie bliuwt lykwols yn it Nederlânsk, lykas de namme fan de skilder fan Wolwiid (J. Th. van Brienen). De tekst A.J. Mulder / Fotographie en Vergrooting / (voor groepen reductie) wurdt op ien punt oanpast: de ph yn fotographie wurdt in f, de dûbele oo bliuwt behâlden. In oar kaartsje dat ek Nederlânsk bliuwt is it fisitekaartsje fan E.J.H. Bij. Under syn namme stiet ‘was handelaar’. It kin ek hast net oars, want nei oanlieding fan dat kaartsje lit Bomans Erik freegje: ‘Mar wat binne jo no?’

In inkelde kear komt der ek Dútsk, Ingelsk of Frânsk yn it boek foar. Frânske beneamingen nimt Tigchelaar oer, bygelyks yn in namme fan in ferske (l’Hirondelle), of horrible (dat sie ek as Ingelsk opfetten wurde kinne) of de sin ‘Prenez garde, Jean! Il est trop jeune!’, wat de beppe fan Erik seit tsjin har man. It Dútske boek Schicksal der Gegenwart behâldt syn Dútske titel. Benammen dat Frânsk sil foar de bern hjoed-de-dei net like maklik wêze om te lêzen, mar it bliuwt beheind ta in oantal wurden en sinstjes.

Troch it lêzen fan dit boek learst ek in soad oer de nammen fan ynsekten yn it Frysk. De oersetter sil sels wol in soad ûndersyk dwaan moatten hawwe nei de ynsektenammen en oar ynsektefaktaal, lykas de flueswjukkigen. Tigchelaar kiest yn syn beneaming fan de ynsekten foar de echt Fryske farianten: maaituorren (meikevers), eamels (mieren), krobkes (kevertjes), holders (hommels), blaumiggen (bromvliegen), kowebrimzen (horzels), Drintske miggen(paardenvliegen). It is opfallend dat er wol kiest foar de namme wesp en net foar ealjebij, al sit de ferklearring mooglik yn in wurdgrap dy’t oars ferlern gean soe:

‘Goeie, menear de weps’.

‘Wesp,’ sei de wesp.

‘Weps,’ sei Erik, dy’t reade wangen krige.

Dyselde tongbrekker mei -sp komt Erik letter wer tsjin by it wurd rupsen, mar dêr moat de oersetter yn it Frysk in oare trúk op betinke. Tigchelaar makket der it folgjende fan:

‘Achte flinters en rupsen…’

‘Rûpen,’ preuvele ien.

Dêr hast it wer, tocht Erik. Mar hy gie moedich fierder.

Sa’n taalgrap is in foarbyld fan in stik tekst dêr’t de referinsjele funksje (wat bart der no feitlik) en de poëtyske funksje (hoe wurdt it sein) beide in grutte rol yn spylje. Yn dat soarte gefallen is it oersetten fan de tekst in útdaging. Faak kin de oersetter net beide funksjes like goed bewarje en moat er in kar meitsje wat er it wichtichst fynt. It oersetten fan gedichten ferget al hielendal in berop op de kreativiteit fan de oersetter. Yn Erik komme meardere gedichten foar. Wy pikke der hjir twa út.

Earst in gedicht dy’t in flinter mei help fan Erik skreaun hat foar syn grutte leafde. It earste en it lêste kûplet:

Dit wurdt samar noch myn ein,              Ik kàn het niet langer meer dragen,

Myn holle is slim op hol,                       Mijn hoofd raakt er nog van op hol,

’t Is my al yn ’e teister slein,                  Reeds is ’t in mijn voelspriet geslagen,

as by in minske yn ’e bol.                      Zoals bij een mens in zijn bol.

Wy sille aanst in ring omdwaan,            Zo zijn we eer we ’t weten,

Sa, grif, einet dit relaas,                        Een vrolijk vlinder-paar,

En rûpkes sil er ús dan jaan,                 Rups-kinders zal ons geven

De warb’re eibert-baas.                        De nijv’re ooievaar.

It is foar in oersetter hast gjin dwaan om yn it gefal fan in gedicht ynhâld én foarm folslein te behâlden. Tigchelaar docht syn bêst. Ynhâldlik slagget it him hjir goed om deselde ynformaasje te jaan as yn it orizjineel: de flinter is oerstjoer fan de leafde, sil trouwe en de eibert sille se rûpkes jaan. Dy eibert moat der fan Erik yn, want wêr komme de berntsjes oars wei? Kwa foarm rint it Fryske gedicht lykwols lang sa goed net as de Nederlânske. It rymskema (ABAB) is netsjes oanholden, mar it ritme wol der net goed ynkomme. It Nederlânske gedicht hat yn in goed rinnend earste kûplet mei 9 – 8 – 9 – 8 wurdlidden, mei hieltyd klam op de fet drukte wurdlidden. It lêste kûplet hat hieltyd ien wurdlid minder (7 – 6 – 7 – 6). It Fryske gedicht hat yn it earste kûplet 7 – 7 – 8 – 8 wurdlidden en it lêste hat 8 – 7 – 8 – 6. Ik jou mei opsetsin net de beklamme wurdlidden yn it Fryske gedicht oan, sa’t de lêzer sels it ritme deryn ûntdekke kin. Dat wol net yn ien kear. Tekst oersette wêrby’t ynhâld en foarm gearkomme is net maklik en Tigchelaar hat him dêr eins knap mei rêden.

In oar foarbyld fan in gedicht, dêr’t ek nochris in wurdgrap yn sit, is in striidliet fan de mieren:

Foarút! Foarút!                                    Vooruit! Vooruit!

Sa klinkt ’t flink beslút!                       Zo klinke ’t kloek besluit!

Dus eamelje net mear,                         Nu ook niet langer mieren,

Mar striid foar rom en ear                    Trekt allen uw rapieren

En stoart jo op de bút!                         En werpt u op den buit!

De oersetter is wêr’t dat koe ticht by it orizjineel bleaun, yn sin 1, 2 en 5, al hat er yn de twadde sin de net-feitlike foarstelwize (de konjunktyf) derúthelle en dêrmei dy sin ien wurdlid koarter makke as de Nederlânske ferzje. Mooglike hie er hjir better de ’t feroarje kinnen yn it, foar in folweardich wurdlid. In prachtige fynst sit yn it tredde fers: it mierenbetsjut dêr it seuren, mar ferwiist fansels ek nei de lytse ynsekten sels. Mei eamelje hat Tigchelaar de dûbele ferwizing goed bewarje kinnen. It rymskema AABBA hat de oersetter oanholden, mar sin 3 en 4 (en 2?) hawwe ien wurdlid minder. It Fryske liet rint eins likegoed as de Nederlânske. Dat sin 4 wat ferskilt fan ynhâld is fansels de frijheid fan de oersetter: beide geane om de striid.

Wy hawwe it earder oer it taalgebrûk yn it hiele ferhaal hân. Soms is der by personaazjes sels sprake fan markearre taalgebrûk, dêr’t de oersetter wat mei moat. De wesp, mefrou Van Vlueswjuck brûkt dúdlik in heech register, om’t se fan hege komôf is en dat graach sjen litte wol. Oan de oersetter de taak om dat hege register oer te nimmen. Dat kin faak goed troch it prinsipe fan kompensaasje (Langeveld, 2013, p. 130-131). De oersetter hoecht net presys deselde wurden as yn it orizjineel te brûken om dat hege register sjen te litten, mar mei dat ek yn oare sinnen of sindielen werom komme litte. Mefrou Van Vlueswjuck oan it wurd:

‘Het móet er rieken,’ besloot zij, ‘en het riekt er ook. Een neef van mijn man, die op het consulaat werkt en dientengevolge met die luitjes ambtshalve in aanraking komt (zij legde groten nadruk op het woord “ambtshalve”), heeft mij de woning eens beschreven.’

Wurden as rieken, dientengevolge en die luitjes litte dúdlik it ferheven taalgebrûk fan mefrou sjen. It Frysk docht it sa:

‘It moat dêr stjonke,’ besleat sy, ‘en it stjónkt der ek. In neef fan myn man, dy’t op it konsulaat wurket en fan gefolgen mei sok folk yn oanrekking komt op grûn fan syn amt (se lei bot klam op de wurden ‘op grûn fan’), hat my de wente ris beskreaun.’

Hoewol’t Tigchelaar mefrou earst wat neutraal prate lit (stjonke is folle gewoaner as rieken), komt har twadde sin dochs wol ferheven oer, net iens troch de brûkte wurden, mar mear troch de sinsbou dy’t it allegear wat yngewikkeld makket. Boppedat klinkt wente my in stik sjiker yn de earen as wenning.

In oar foarbyld fan eptich taalgebrûk fine wy by menear Van Vlueswjuck:

‘De nieuwe tak,’ vervolgde meneer van Vliesvleugel, ‘voert wel den naam van Vliesvleugel, en, zeker, zeker, zij zijn aan ons geparenteerd, doch door een mésalliance met de Liesheuveltjes zijn zij enigszins – enigszins…’

Hjir blykt it hege register troch wurden as zeker, zeker, geparenteerd en mésalliance. Tigchelaar set it sa oer:

‘De nije tûke (…) fiert wol de namme Van Vlueswjuck, en wis, wis, hja binne ek besibbe oan ús, mar troch in mésalliance mei de Lyswerda’s binne hja wat… wat…’

Geparenteerd aan wurdt oerset mei it wat neutralere besibbe oan, mar neist it wurd mésalliance komme troch it gebrûk fan it persoanlik foarnamwurd hja syn wurden ynienen eptich oer. Wat sa’n lyts wurdsje dwaan kin foar de toan fan sa’n passaazje.

By in wjirm, dy’t krekt troch eamels út elkoar helle is, is de toan nei myn miening wol hielendal oars wurden, wat neffens my net nedich wie:

Wilt u even tegen deze heren zeggen, dat ze zich onmiddellijk, maar dan ook onmiddellijk verwijderen?

Al is de wjirm lilk, hy bliuwt fatsoenlik. De Fryske wjirm ferliest troch de assosjaasje fan it lêste wurd lykwols syn geduld:

Wolle jo efkes tsjin dizze hearen sizze dat se op slach, mar dan ek op slach opsokkebalje?

By it oersetten fan wurden dy’t in emosjonele of ekspressive funksje hawwe (foaral yn útroppen) hat de oersetter in soad frijheid. In moai setsje Fryske skelwurden of útroppen komme yn it ferhaal del, lykas smjunt (schalk), skarlún(schavuit), rosmos (Canaille), o hearken (o herejeétje), heden hitskes (o jeetje). Dêrneist jout it oersetten fan wurden mei in konnotative funksje (befellen of fersiken) of mei in fatyske funksje (wêrby’t it giet om it iepenhâlden fan it kommunikaasjekanaal) ek in soad frijheid. In pear foarbylden: Toe! (Vooruit!), Hjir komt er (Opgelet), Tink derom (Opzij), Tige! (Hartelijk dank!), Sjesa (welnu), Der wurdt betelle, wik ik jo! (Je zult betalen, vriend.) Moai om te sjen dat de oersetter hjir de frijheid nimt dy’t him takomt.

Oer it algemien hawwe de oersettingen fan Tigchelaar ûngefear deselde lingte as it orizjineel. Somtiden is er langer fan stof: en (slechts) zwijgend nee knikte wurdt koe er neat sizze en allinnich mar de holle skodzje. Hy moat ek faak de fuortsettende mulwurden ombouwe nei nije (by)sinnen, om’t it Frysk it sa eins net seit. In oar foarbyld fan in langere oersetting: ‘Aangenaam,’ antwoordden allen. Dit wurdt ‘Moai om mei jo yn ’e kunde te kommen,’ antwurde elkenien, fan trije nei alve wurden. En Tigchelaar kiest derfoar om alle getallen út te skriuwen (miskien in hânrikking oan de wat minder Fryskfeardige lêzer?), wat soarget foar mear lingte. Faak binne mear wurden nedich omdat it Frysk deselde ynformaasje op in oare wize sizze moat. Soms brûkt Tigchelaar krekt minder wurden: Het enige wat over blijft, is dat ik zelf de lijst probeer terug te vinden. Yn it Frysk: Ik sil sels de list weromfine moatte. Soms wurdt de tekst stelliger troch it weilitten fan it tiidwurd: Grutte konsternaasje (De ontsteltenis was zeer groot.). It moaiste is dat it orizjineel en de oersetting ûngefear deselde lingte hawwe. Soms wurdt dêrfoar ek de technyk fan it weilitten brûkt. Mooglik is dat de reden dat der yn de folgjende passaazje in sin ûntbrekt. De flinterheit seit tsjin Erik: ‘Het ontbreekt u misschien aan allen levensernst. Maar dat is niets; wacht maar tot de eerste rupsjes komen, dan zult u wel anders praten.’ Tigchelaar set oer: ‘It ûntbrekt jo miskien oan de earnst dy’t men yn it libben nedich hat. Mar wachtsje mar oant de earste rûpkes komme, dan prate jo wol oars.’ Hjirby set er Maar dat is niets dus net oer.

By de oersetting is in soad ôfhinklik fan de ynterpretaasje fan de oersetter. Hat de oersetter goed yn de rekken wat de skriuwer bedoeld hat? Begrypt de oersetter in wurdgrap of sjocht er dy oer de holle? In foarbyld fan in miste (of om in oare reden weilitten) wurdgrap giet oer it it ferlies fan eamelaaien troch Erik: Het verschil was spoedig weer bij-gelegd, mei de wurdgrap yn it lêste wurd. It Frysk hat hjir gjin grap: It ferskil wie samar wer oersljochte. In ferwizing nei in berneferske fan Hieronymus van Alphen liket Tigchelaar wol werkend te hawwen: mar oan in beam sa grôtfol miste men ien, twa prûmkes net. In echt foutsje liket der yn de folgjende oersetting te stean: En naar zijn oordeel, waren ook alle andere mieren grote sufferds is oerset mei En, yn syn foardiel, alle oare eamels wienen ek grutte sûgen, mar ik kin my net yntinke wêrom’t foardiel hjir passe soe en net oardiel wêze moatten hie. In oar grut en wat my oanbelanget net goed motivearre ferskil is de folgjende oersetting: en holp dat net, dan strûpte er ynienen de mouwen fan syn pyama op. Ik begryp net wêrom’t Tigchelaar Erik hjir net gewoan syn jaske útlûke lit om de oare bisten skrik oan te jeien, lykas yn it orizjineel. Mocht der noch in nije printinge komme, dan meie de pear dûbele spaasjes (benammen yn de haadstikyntroduksjes) der ek wol út.

De foarbylden yn dizze resinsje litte sjen dat it net maklik is om in tekst nei in oare taal oer te setten en dêrby it gefoel en de sfear itselde te hâlden. Ik tink dat Geart Tigchelaar hjir poerbêst yn slagge is. Hy hat in kwalitatyf hege oersetting delset, dy’t net foar neat de Obe Postmapriis krigen hat. Boman syn wurk is oarspronklik in berneboek, mar foar Fryske bern, dy’t oer it generaal net in soad ûnderfining hawwe mei it lêzen fan Fryske boeken, sil it lêzen fan Erik of it lyts ynsekteboek wol in útdaging wêze. Dat wol lykwols net sizze dat it net foar bern geskikt is en it sil ferriking oanbringe yn har eigen taal. Ik tink dat it in moaie oanfolling is op it Frysktalich berneboekoeuvre.

Boarne: Langeveld, A. (2013), ‘Vertalen wat er staat’. 7e printinge. Amsterdam: Atlas.

Oer it boek

Oerset troch Geart Tigchelaar

Yllustraasjes fan Nina Peckelsen

Uitgeverij Het Spectrum N.V., Utrecht-Antwerpen, Utjouwerij Regaad

Foar dizze resinsje is gebrûk makke fan de 28e printinge fan Bomans en de 2e printinge fan Tigchelaar

Maaike Andringa is studint oan de edukative Master Frysk

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels