Carolina Pihelgas – Nacht

Publisearre op 21 augustus 2023

Ik hâld de jûn yn myn hân as wie it in apel dy’t eins daliks opiten wurde moat, want hy stiet op it rantsje fan bedjerren. De skimer falt hoeden oer it kanaal, de brêge en de stille treppen by myn finster del. Alles is sa feroarlik as de maitiid. En ik: hjir ferside, yn dit stjerrende ljocht dat falt as op in skilderij fan Vermeer. Yn in stêd dêr’t de wyn op alle strjithoeken wachtet as in mem op in bern dat har net byhâlde kin.

Nûgje my en ik kom deroan. Sneakers, in tinne jas, inkeld mar ien kaai yn de bûse. De loft is damp nei de rein, swaaiende skaden fan it nije grien, freonlik as de begroeting fan guon lette foarbygongers. Glâns fan rein op it trottoir. De tiid hinget skean as in âlde grêfstien en dochs jout er de goeie rjochting oan, feilleas boppedat, krekt as de Aldehou.

De hûzen komme tichterby, se steane hutsjemutsje. Allinne it sêfte knipperjen fan skermen dat troch de gerdinen skynt, jout oan dat der folk wennet. Dan samar ynienen in fytsbel. De beammen njonken de Grutte Tsjerke ha woartels dy’t nei de himel rikke, myn eagen folgje se en ik begjin stadichoan te begripen wêrom’t ik sa fier komme moast.

Yn elke strjitte wachtsje ik op myn fuotstappen. It libben komt op my oer as in tichtgroeide fiver dy’t my net langer wjerspegelet. Dat besef is like benearjend as licht. Ik drink fan it tsjuster en wurd sichtber.



Hoian õhtut käes nagu plekilist õuna, mis oleks parem ära süüa nüüd ja kohe. Hämarus laskub leebelt üle kanali, silla ja tasaste sammude, mis akna alt mööduvad. Kõik sama muutlik nagu kevadki. Ja mina: peidus siin, selle hääbuva valguse sees, mis langeb nagu mõnel Vermeeri maalil. Linnas, kus tuul seisatab kõikidel tänavanurkadel küsivalt justkui ema, kes ootab, et laps talle järele jõuaks.

Kutsu mind ja ma tulen. Tennised, õhuke mantel, taskus üksainus võti. Õhk on pärast sadu niiske, värskete lehtede õõtsuvad varjud sõbralikud nagu üksikute hiliste möödujate teretusedki. Vihmaläige tänavasillutisel. Aeg vajub räätsakile nagu hauakivi ja ometi näitab ta suunda sama eksimatult kui Oldehove.

Majad tulevad ligemale, nad seisavad kobaras koos. Ainult ekraanide õrn värelus, mis kumab kardinate vahelt, annab märku sellest, et siin elatakse. Rattakella järsk hüüatus. Puud Grote Kerki juures on juured, mis sirguvad taevasse, mu pilk järgneb neile ja hakkan tasapisi mõistma, mispärast pidin nii kaugele tulema.

Ootan oma samme järele igal tänaval. Minu elu ilmub mulle läbikasvanud tiigina, mis ei peegelda enam mind ennast. See taipamine on korraga kohutav ja kerge. Joon pimedust ja saan nähtavaks.

(Oersetting út it Estsk: Arjan Hut. Earder ferskynd yn De Moanne #3, 2023)

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Proaza

    MINDERT WIJNSTRA -  In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer [...]