Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: No sa!
Publisearre op 6 juli 2023
Moatst tsjintwurdich in Gofundme-akkount oanmeitsje ast in patatsje helje wolst. In nije rubryk, “No Sa”: Gabrielle har kollum, oer de tiid. Arjan lêst ek in kollum, oer Naar gelang het noorden. Sipke de Schiffart skreau in poepgedicht foar it projekt Wjerspegelje fan City of Literature. Wêrom drinke we gjin bargemolke? Frouljushaat wie eartiids hiel gewoan, blykt út sitaten fan Anton Tsjechov en Schopenhauer.
Gabrielle is nei alle gedachten ôfstudearre as dit online komt en wie foar it earst yn har libben yn Berlyn. It ferlitten pretpark foel wol ôf. Dêr is it iten noch wol te beteljen. Arjan hat syn lêste rit oant djip yn de Fryske Wâlden hân mei boargemaster Oebele Brouwer en syn Walddichterskip sit der no echt op. Der is muzyknijs oer Nyk de Vries, de Tigers fan Greonterp en der is lang om let wer ris in Frisian Metal Massacre LP útkaam! Fierder is der poezy fan Gerard Marcel de Jong, Fryslân, live yn de Gouden Leeuw!
HARKJE \m/
Shortcuts:
0.00 Gerard Marcel de Jong “Fryslân” Live yn De Gouden Leeuw
28.40 Gabrielle har kollum oer tiid
54.35 Arjan syn kollum oer blomlêsgedonder
Kategory
Blog, Literatuer, Opiny, podcast, Poëzij
Tags
Gjin tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]