Skonken, poepsekjes en earbetoan op lêste evenemint Kingma as DfF

Publisearre op 6 oktober 2023

Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr Kafee.

M.G. NUNEZ-PRINSEN  “Jim meie der wol bykomme hear, op de tribune, of sko oars oan by ien fan de tafeltsjes,” wiist Sigrid Kingma, no hast oan de ein fan har termyn as DfF. Dit is it lêste evenemint dy se yn funksje organisearret. Fierderop steane twa senioaren al in skoftke nei it barren te sjen, mar se doare net en kom tichterby. Op de houten bûten tribune oan de Bûtenkant fan it OBE-paviljoen sitte al in pear besikers, en fierder dichters mei oanhing.

Tafeldichter Arjan Hut. Foto: Gabrielle Terpstra

Op it plein sels stean in tal tafeltsjes. Wylst by it paviljoen de foardrachten en it live-skilderjen úteinsette, sitte hjir dichters Syds Wiersma, Christa Niklewicz en Arjan Hut oan in tafel en wachtsje. Kinne se in gedicht skriuwe oer it libben of in ferhaal fan de minsken dy’t oanskowe? Yn it hjerstige waar is der net in soad folk op ’e toffel yn de stêd fan coke en Cambuur.

Los

Ut it plein spuitet om de safolle tiid wetter op, mar út de wolken wei komt inkeld driging. Martsje de Jong is ien fan de foardragers, har Reade Kryst klinkt as in spoken word-performance, taal nimt stelling tsjin de wapenhannel. Erik de Boer skildert live ferskate wurken by de foardrachten. De Aldehou bûget noch wat fierder foar Elmar Kuiper.

Martsje de Jong, Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma, dichters ûnder de Aldehou. Foto: GT

Kingma sels komt oan it wurd, lêst in nij gedicht mei fjoer, einlings wer ris in gedicht dat nèt yn opdracht makke is. Cornelis van der Wal bringt syn sekuer skreaune poëzij ta libben, Edwin de Groot (yn koarte broek) rikt mei syn fers oant yn de Prinsetún. Tuskentroch sjongt de jonge Immen út Utrecht har Frysktalige repertoire, mei kalme stim en stimmige kalmte. Kingma kaam har op it spoar fia Gabrielle Terpstra, dy’t fannemiddei ek foardraacht.

De tafeldichters binne los. It evenemint rint. Twa suterige, mar fatsoenlike manlju strompelje it dak fan it paviljoen ôf, tusken it publyk troch. “Ja sorry, de treden aan de andere kant zijn veel te smal.” Der is nei it dichtersprogramma noch tiid oer. Skilder de Boer docht dan mar syn dada-gedicht “Dada” en Hut fertelt oer dy kear dat er hast in besiker te liif woe ûnder in foardracht yn de Aldehou.

In part fan de dielnimmers oan it Dichtersbarren bliuwt iten, gesellich by De Skeve Toer. It praat giet oer wa Kingma opfolgje sil as Dichter fan Fryslân. Nammen fleane oer en wer. En wa is de folgende Stêdsdichter fan Ljouwert? Wurdt it fisk, fleis of fegetarysk, dat is alles wat de ober witte wol.

Literêr Kafee

Bert de Vries & It Hûs fan de Skries, foto: Gabrielle Terpstra.

Om sân oere hinne begjint yn De Gouden Leeuw, oare kant it plein, in Literêr Kafee. Hjir presintearje de tafeldichters harren nije gedichten, dy’t oer skonken geane, of haikû of Frânske poepsekjes. Niklewicz wurket wat langer oan har teksten as Hut en Wiersma en komt mei de meast delikate tafelpoëzij. Kuiper lêst twa nije fersen fan eigen hân, op de tema’s oarloch en frede. It optreden fan it Pauper kollektyf (Bert de Vries, Alwin van der Toorn, Gabrielle Terpstra op muzyk fan It Hûs fan de Skries) is in hichtepunt fan ymprovisaasje en foardrachtskeunst. DfF Kingma spilet gitaar en sjongt nei materiaal (healweis ferdútst se, ûnder it sjongen, ‘it is foar bern, trouwens!’), tige eksklusyf.

Njonken de dichters dy’t op it programma steane, is der in iepen poadium, dêr’t ûnder oaren Melvin van Eldik, Joël Hut, Hindirk Hannema en Albert Schaafsma gebrûk fan meitsje. Ek bysûnder is it spontane tribute-part, dêr’t dichters foarlêze út it wurk fan kollega’s, al as net mear ûnder ús. De Vries en Kingma dogge in duet mei wurk fan Josse de Haan en Beart Oosterhaven, Wiersma en Kuiper ferfrisselje Bartle Laverman en Sybe Krol ta in unike medley. De Dichter fan Fryslân sjocht tefreden ta hoe’t tusken de oanwêzigen nije plannen makke wurde. De gesellichheid bliuwt lang hingjen. Rûnom bledderje besikers yn bondels om, oant Tresoar de doarren slút.

Wa it mist hat: Yn de Gouden Leeuw sil de kommende tiid de lêste tongersdei fan de moanne jûns in Literêr Kafee wêze.

 

De Dichter fan Fryslân (mei hoed) en har sus Rixt (gjin fierdere relaasje mei it dichterskollektyf fan deselde namme, MNP). Foto: GT.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]