500 euro foar bêste Fryske Slamdichter

Fryske SLAM! Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam!

Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet dizze jûn, dêrnei kinne de dielnimmers los. De presintaasje is yn hannen fan Gabriëlle Terpstra.

It is in klassike slam, wat betsjut dat it publyk kiest wa’t de bêste foardrager is troch hieltyd twa stimmen wei te jaan oan de favoriten. Der binne trije rondes: foarronde (alle 10 dielnimmers), twadde ronde (5 meie troch) en de finale (2 finalisten yn in duel). Tusken de earste en twadde ronde troch is der in bysûnder yntermezzo mei Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân 2019-2021 dy’t nij wurk hearre litte sil. Dat ûnder it genot fan boarrelhapkes wylst de stimmen teld wurde. De finalist dy’t de measte roazen ûntfangt fan it publyk, wint de slam en in bedrach fan €500,-.

Meidwaan oan de slam?
As dielnimmer kinst dy oant 15 maaie opjaan foar de slam fia: info@dichterfanfryslan.nl. Tink derom: fol = fol. Alle dielnimmers wurde yn de oanrin nei de slam yntrodusearre yn podcasts. Hâld rekken mei twa foardrachten fan elk maksimaal 3 minuten en in repetoire foar de finale: yn 7 minuten bringe twa finalisten om bar in fers. Alles yn it Frysk fansels.

Nim dyn fans, famylje en freonen mei. Tagong is fergees en oanmelde is net nedich. Wy tidigje op ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Oant dan!

Foto: Kafee De Gouden Leeuw – Natalia Balanina

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.