Langstme reitsjend oan langstme – Aggie van der Meer (1927-2023)

Publisearre op 13 augustus 2023

Wiene we allegear mar in lyts bytsje mear Aggie”

ARJAN HUT – Sneon, wylst de sûndfloed oer it lân losberste, is Aggie van der Meer op 95-jierrige leeftyd ferstoarn. De skriuwster kaam op lettere leeftyd literêr op gong en bleau oant de ein ta warber. Se lit in grut en yndrukwekkend oeuvre nei, mei titels as Wachtsje op it daagjen, De oerfeart (Piter Jelles Priis 2011), Untdekking fan ‘e wrâld en De achttjin. Yn 2019 krige sy de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre.

“Wiene we allegear mar in bytsje mear Aggie”, seit myn oarehelte alle kearen as de namme fan de Boalserter Skriuwster op it aljemint komt. Wat se der krekt mei bedoelt, ha ik nea frege, mar ik ynterpretearje it as in ferwizing nei alles wat Aggie van der Meer sa bysûnder makket. Yntelligint, yn balâns, in grut empatysk fermogen, saakkundich, en in kreatyf mirakel – om mar ris wat oan te stippen. Pas op har 73e begûn har karjêre as publisiste werklik, en yn de desennia dêrnei oppenearre se har as ien fan de liedende, en meast produktive stimmen fan Fryslân.

Tinkend oan Aggie ferskine bulten oantinkens. Hân oan ‘e muorre wie de earste dichtbondel dy’t ik lies, as studint oan de dieltydoplieding Frysk. Dat foel net ta. Letter waard har poëzy lichter en boartliker. Aggie trof ik foar it earst ein 2004 by in Fryske poëzijjûn, dêr’t wy beide (netssjinsteande in leeftydsferskil fan in heale iuw) ús ‘live’ debút makken. De balladeske De stêd, it bist, de ingel lûdop lêze mei Sigrid Kingma (no Dichter fan Fryslân), ûnder it repetearjen foar de foarstelling Wachten op de liefde yn it Ljouwerter bosk. Op besite by Aggie yn it fersoargingshûs, wylst sy wurke oan har boek Tsjûgen fan de macht

De lêste kear dat ik har seach wie by de útrikking fan de Gysbert oan Eelsje Hettinga, yn it fernijde kultuersintrum de Tiid yn Boalsert. Midden yn de covidkrisis, yn har rolstoel, treaun troch har soan, ek al flink op jierren – mar se wie der!

Oer Tsjûgen fan de macht sei Aggie dat it wol har lêste boek wurde soe. It tinken wie gjin probleem, mar it typen wol. Se seach hast neat mear en koe ek min hearre. Skriuwen die se op de kompjûter, mei ien finger letter foar letter. We hiene it oer de ferhalen dêr’t se mei dwaande wie, ik bolderjend oan de iene kant fan de tafel en Aggie – altyd fleurich en skerp – mei de hân oan it ear en ien each fokust op myn gesicht. Se fertelde oer it sels optochte wurd tei-iizje en ek oer Het Al en het Geen, in mysterieus duo dat yn guon fan har gedichten en ferhalen foarkomt. Se hie it sjoen op protestbuorden yn in dream. 

Se wenne de lêste jierren yn in fersoargingshûs, net fier fan de wenning dy’t se har thús neamde. Se wie wol benaud om blyn en dôf te wurden op dit frjemde plak. Leaver wie se thús wenjen bleaun, mar dat koe net. Eeltsje Hettinga, doe Dichter fan Fryslân, skreau in fers ta eare fan Aggie, hy neamt har “de lytse Sjong-My, Triuw-My dame, dochter fan Gysbert, Spinoza en Piter Jelles, sy, dy’t út stjerren taal makket, út jiske fûgels snapt.’ In ferwizing, ûnder oaren, nei dy kearen dat Aggie har bûten yn Boalsert delsette liet, yn har rolstoel, mei achterop de tekst: duw mij.

Har man Herman wie doe al ferstoarn, hy hie de sykte fan Alzheimer. Aggie sei dêroer yn in ynterview: “,Ik wit noch dat wy nei de betinkingstsjinst fan Michael Jackson sieten te sjen. Freget Herman: ‘Hasto hjir ek in taak?’ En eefkes letter: ‘Kinne wy der yn dizze klean sa wol bysitte?’ As ik him dat letter fertelde, lake er om himsels.’’ Yn it gedicht Het al en het geen (yn it skift Wer’t de deaden binne, út de bondel Tei-iizje) dichtet se:  ‘(….) net witte wêrom’t / der even gjin grûn is / gjin fiergesicht / inkeld einleas útdijende loften / langstme reitsjend oan langstme / der net mear is as dat.’

Nei it ferskinen fan Tsjûgen fan de Macht hâlde it skriuwen dochs net op. Se krige altyd wol opdrachten. “Ik krij in opdracht en dan skriuw ik wat. Ik stjoer it op as it klear is, en dan sjoch ik wol wat se derfan meitsje. Soms presintearje se it as in gedicht, of in monolooch, of as proaza. Dêr hâld ik mysels by it skriuwen net mei dwaande.” Earder dit jier ferskynde noch in ryk boek, mei muzyk fan Hoite Pruiksma en foto’s fan Foppe Schut om teksten fan Aggie hinne. De titel: Utsicht.

Aggie van der Meer yn 2014

 


Ynterview mei Aggie oer it krijen fan de Gysbert, 2019:

Op in ûnhuerige, stoarmeftige hjerstdei rin ik Aggie tsjin it liif yn de gong op de earste ferdjipping fan fersoargingshûs It Menniste Skil yn Boalsert. De 92-jierrige Gysbert Japicxpriis-winner rint achter in rollator, sjocht en heart lang alles net mear, mar se docht der alles oan om yn foarm te bliuwen, en, as it heal kin, fitter te wurden. Alle dagen rin ik tsien kear dizze gong op en del,” seit se, wylst se foar my út nei har keamer beweecht. “Ik ha ek sa’n bal om yn te knipen, dêr oefenje ik mei, oars rekket sa de krêft út myn hannen.”

Ast earne wat oan dwaan kinst, dan moast dat dwaan. ‘De mantel der liefde’ hâld ik net fan. Mei iepenens komst it fierst.”

De skriuwster set de kofje oan. Der leit in plankje mei koeke op tafel, en njonken de koeke – har nagelnij boek, Tsjûgen fan de macht. It is mei hûndertfjirtich siden net in tsjokke útjefte wurden, mar neam it gjin ‘boekje’, want dan spat de skriuwster op. Se is der wiis mei, mar konstatearret ek , Ik sil wol net wer mei in boek komme.”

Fan’t jier wie it in kommen en gean fan redakteurs, filmmakkers, sjoernalisten en wa al net mear. Bart Kingma makke foar de Omrop de dokumintêre Skrinende Ferealens oer har. Mei útjouwer Ernst Bruinsma wurke se oan ferhalen. Lanlike media kamen del doe’t Aggie in ‘duwen mag’-briefke achter op har rolstoel plakt hie. En dan wie der Sykje, de muzikale oade troch komponist Hoite Pruiksma. No de Gysbert. Aggie sjocht út nei de priisútrikking yn de Martinitsjerke, mar hat der ek wat spanning fan. Hoe soe it gean en hoe sil it dêrnei?

De priis is foar har hiele oeuvre, al wie de nominaasje foar de De Achttjin. Dat ferhaal spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan de Tsjechyske studinteprotesten tsjin de Soviet-oerhearsking yn 1969. Haadpersoan Ferenc Hacha is lid fan it politburo. Macht en wat dat mei minsken docht, it hanneljen fan minsken dy’t tsjûge binne fan machtsmisbrûk, tema’s dy’t ek in har nije boek weromkomme. Ast earne wat oan dwaan kinst, dan moast dat dwaan. ‘De mantel der liefde’ hâld ik net fan. Mei iepenens komst it fierst.”

Dat se de priis krige, wie wol in ferrassing. “De bern wisten it al. Us Obe wist it al in wike. Yn it tehûs wisten se it al. Se ha it allegearre stil hâlde kinnen. Dat se noch noait út de rie binne, sei ik tsjin Obe. Hy antwurde, we sien ut noch in week an. In wike letter, om healwei njoggenen, we sieten krekt te iten, kaam deputearre Sietske Poepjes del, mei Jildou Visser fan de provinsje en noch wat minsken, ik hie totaal net yn de gaten dat der wat dwaande wie. It wie echt feest, yn de gong stie kofje en taart klear, alle bewenners krigen taart. Ernst kaam de middeis del. It wie in leuke dei.”

“Wat ik skriuwe wol, ha ik wol dien,” antwurdet se op de fraach oft der boeken binne dy’t se meitsje woe, mar net oan ta kaam. “Guon ideeën binne daliks ôfkard, dan moast ik fierstente folle opsykje bygelyks. Doe’t ik mei De Achttjin úteinsette, wist ik net wêr’t ik hinne woe. Trije kear bin ik op ‘e nij begûn. Doe slagge it. Jo moatte in manier ha om it libben fan sa’n man te fertellen. No skriuw ik teksten foar Hoite, losse ideeën foar Ernst, dy kin ik behappe. 

“Oan de kofjetafel hjirre lêsten, immen sei, dêr sit in ielreager! Ik woe witte wêr. No, dêre, sy wize. It wie in hiel oe heden foardat ik sa siet dat ik him sjen koe.”

Mei poëtyske effisjinsje boarje Van der Meer har romans en ferhalen in bjusterbaarlike rykdom oan. Dochs is net elkenien altyd te sprekken oer har styl. Wêrom, bygelyks, omskriuwt se net hoe’t har personaazjes der útsjogge? Se docht it mei sin net. “It uterlik bepaald hiel faak hoe’t ik tsjin ien oansjoch, dat moat ik letter faak bystelle. Nee, ik begjin der net oan, sis wol dat immen ‘moai’ is, mar fierder beskriuw uterlik, of de natoer, allinne wannear’t dat nedich is.”

Yn de gedichten, ferhalen en romans tilt it op fan de krieën, tomkes, kobben, neam mar op. Se tink gauris oan de tún fan har eigen hûs, krekt om de hoeke fan It Menniste Skil. “De tún en it hûs mis ik hiel bot. Tink altyd oan de fûgels en de tún, dy’t no sa prachtich ferwyldere is.” Har dûnkere eagen dwale even nei in oare tiid. “Dat is in gemis.” Hjir komme lykwols ek fûgels del. “Oan de kofjetafel hjirre lêsten, immen sei, dêr sit in ielreager! Ik woe witte wêr. No, dêre, sy wize. It wie in hiel oe heden foardat ik sa siet dat ik him sjen koe.”

Fierder kin de Gysbert-winner har wolris fermeitsje mei wat der bûten op de dyk allegear foarby komt. “Sa no en dan is it hjir drok. Lêsten kaam der in man foarby. Hy hat lang hoop hân dat it goed komme soe, tocht ik. Hy hat in suterige âlde jas oan, mar dy hat moai west. Hy fielt him net noflik.” Wylst se fertelt, klinkt it as it begjin fan in nij ferhaal. It wurdt even ûnderbrutsen as in âlde freon delkomt om te hifkjen hoe’t it giet. Tagelyk ferskynt in ferpleechster mei in stazjêr en op de gong blaast in stofsûger foarby.

“Der is hjir sa’n trije moanne in moslim-famke oan it wurk. Se hie in holdoekje om, ik tocht, ik freegje mar gewoan, bisto moslim? Dat koe by har wol, dat seach ik, in prachtige meid. Ja, se wie moslim. Ik frege ot sy tocht dat it paradys der noch wie. Se sei ja, mar jo moatte it wol sjen wolle. Se hie op de Rooms Katolike skoalle yn Wolvegea sitten. Har pake en beppe binne Frysk. Sjongsto wolris, woe ik witte. Nooit. Mar ik woe graach mei har sjonge. Der moatst dochs in ferske wêze dat wy allebei koene? We kamen út op in krystliet, Stille nacht. En dat ha we tegearre songen, in moslimfamke en in ketterske Roomse! Letter kamen we op noch in oar liet, Berend Botje.”

Se sjongt geregeld. Dat is net allinne mar foar de gesellichheid. “As ik in bytsje by stim bin, wol ik by de priisútrikking sels it tankwurd dwaan. Dêrom bin ik de stim oan it trenen. En ik wol gjin hannesjen mei papier of bril. De taspraak duorret trettjin minuten en dy wol ik út de holle leare. Hoe’t dat moat en oft it slagget? Wol it net, dan is der is in back-up plan. Alles is opskreaun, dan moat in oar it dwaan. Wêrom is it sa belangryk om it sels te dwaan? It is benammen om de minsken yn it ljocht te setten dy’t my stimulearre ha om fierder te gean. Mar ik wol mysels ek hearre litte, en minsken ècht betankje. It is net samar in formaliteit.”

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]