Pioenroaskonsert 2023 om Tsjisse Hettema hinne

‘Goeie, achteleaze besiker,Jo stean op it punt in goede deal te dwaan mei de tiid:Relax en lit it oer jo komme’ Dat riedt dichter Tsjisse Hettema (1955-2021) de besikers fan syn website oan (www.tsjissehettema.nl).Itselde jildt foar it Pioenroaskonsert dit jier, dat yn it teken stiet fan syn wurk: in hommaazje oan in dichter mei muzyk, […]

Chemistry publishing, yn gearwurking mei keunstners moaie dingen meitsje

chemistry publishing

ERIK DE BOER & SUSANNE VISSER –  Yn de DOAS yn Ljouwert sit útjouwerij en printshop Chemistry Publishing. Oprjochter Roald de Jong hat in eigen plak ta stân brocht dêr’t er mei tal fan keunstners moaie publikaasjes makket. Mar hoe komt ien dy’t him ynteressearret foar wynenerzjy ta in eigen útjouwerij yn keunstboeken en grafyske […]

IM – Keramisch kunstenaar Melis van der Sluis overleden in Nieuw-Zeeland

Melis van der Sluis, foto De roos van Tudor

WILLEM HAANSTRA –  In zijn woonplaats Hamilton is op 3 februari 2023 Melis van der Sluis overleden. Deze wereldvermaarde keramist, die ook in Fryslân exposeerde, werd op 1 mei 1931 geboren in Bolsward. Hoewel hij al ruim 70 jaar woonachtig was in Nieuw-Zeeland, was zijn band met Fryslân bijzonder hecht. Hij onderhield tot voor kort […]

Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus Oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan […]

Willem Winters, de uterwaarden fan de keunst

TEKST: JACOB HAAGSMA Perio is de meast eigensinnige útjouwerij fan hiel Fryslân en, wierskynlik, fier dêrbûten. In titel as Ite & skite seit al genôch – en oars de plaatsjes wol. Willem Winters hâldt op mei it útjaan fan sokke nuveraardige miniatuerkes en hat it spul oerdien oan Hans van der Heijde. Earder dit jier […]

‘Elkenien soe, foar hy stjert, Han Bennink sjen moatte’

MIRIAM VAN DER MEER –  Han Bennink wordt dit jaar 80 jaar oud. Reden genoeg voor vier feesten. Het werk van dadakunstenaar en superslagwerker Han Bennink is dit najaar ruim een maand lang te zien, horen en ervaren tijdens het Festival HANBENnInK80 in Friesland. ‘Geachte Jort, ik ben Han Bennink + vriend van Thom! Ik […]

Dûbeleksposysje Brecht Kuiper en Elmar Kuiper by Holder Interiors 

Brecht Kuiper

Op snein 18 septimber fynt yn Gytsjerk by Holder Interiors de feestlike iepening plak fan in bysûndere eksposysje mei skilderijen, tekeningen en romtlik wurk. Brecht is treddejiers studint oan Academie Minerva. Har heit Elmar studearre dêr tusken 1994 en 1998. Brecht Kuiper Brecht tekenet en skilderet fan jongs ôf oan. Se is dreaun troch nijsgjirrigens […]

Elske Schotanus: dingen ûntstean ûnder myn hannen

Kyra, Elske Schotanus

PAUL VAN DIJK – It is maitiid yn ’e tún fan Elske Schotanus (1957). We sprekke elkoar op in sinnige moandeitemoarn op It Hearrenfean oer har boek Kyra − In skiednis dy’t spilet yn it Jier fan de Rôt. De earste Fryske graphic novel, wêryn’t neat is wat it liket. De skriuwster, byldzjend keunstner en […]

Presintaasje ‘de nije Moanne’ op de Toverbal

Hoge Noorden / Jacob Van Essen, op de voorgrond Raei (12) Fredic (10) en Yunxi (13)

Hjoed binne de eksimplaren fan ‘de Nije Moanne’ oerlange oan de bern op skoalle De Toverbal yn Sint Anne, in skoalle foar NT2-ûnderwiis. In logyske kar, want Martsje de Jong ynterviewde fjouwer bern fan dizze skoalle oer it ûnderwerp ’thús’, Jabob van Essen makke de byhearrende foto’s foar ‘de nije Moanne’. De ‘nije Moanne’ is […]

(III) Ferwûndering en ferûntrêsting – Griet Westra dichtet by Kor Onclin

Kor Onclin

Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert. Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen. Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen. Dy gedichten waarden foardroegen op […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.