Mei-inoar lêze op 12 oktober by de Gysbert Japicxpriis-edysje

Publisearre op 29 september 2023

Mei-inoar lêze is mei-inoar genietsje fan moaie romanfragminten, pakkende ferhalen en bysûndere gedichten, en mei-inoar prate oer wat dy teksten oproppe. It is dus gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich.

Yn dizze spesjale edysje fan Mei-inoar lêze yn de Gysbert Japicxpriis-wike, lêze we teksten fan de winner fan de priis (yn 2023: Jetske Bilker), fan Gysbert Japicx sels en nij wurk fan nije Fryske skriuwers. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen en dêrnei mei-inoar bepraten. De tagong, kofje en tee binne fergees.

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan it programma fan de Gysbert Japicxpriis-wike fan Tresoar. Dizze aktiviteit wurdt organisearre troch de Culturele Apotheek, Bibliotheek Drachten, Tresoar en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Op sneon 14 oktober wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, yn Boalsert útrikt oan Jetske Bilker foar har roman Spegel en sonde. Foarôfgeand oan dy dei wurde ferskate literêre aktiviteiten organisearre. Tresoar hat de organisaasje yn hannen en wurket gear mei oare literêre organisaasjes.

Komst ek? Wolkom op tongersdei 12 oktober om 19.30 – 21.00 oere yn Bibliotheek Drachten.

Opjaan kin hjir fia de webside fan de bibleteek yn Drachten.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels