“Nude stjoerd nei Wobbe-Jan”: Gysbert rekket skriuwers fan no

Publisearre op 11 oktober 2023

Fjouwer skriuwers presintearren tiisdeitejûn nije teksten ynspirearre op Gysbert Japicx yn De Gouden Leeuw. Op it barren, organisearre yn it ramt fan de Gysbertwike, as opmaat nei it útrikken fan de Gysbert Japicxpriis oan Jetske Bilker takom sneon yn Boalsert, kamen sa’n tweintich besikers ôf.

Gabrielle Terpstra (1990) út Ljouwert mocht begjinne en sette daliks yn mei in foardracht yn it Bildtsk fan Gerard Marcel de Jong syn poetysk manifest Fryslân. It wie in moaie opmaat foar har Wobbe-Jan, in fariaasje op Gysbert syn leafdessang Wobbelke. Hielendal nei it no helle freget de dichter har ôf oft Wobbe-Jan har oan it ‘ghosten’ is.

Gabrielle Terpstra lêst Wobbe-Jan. Foto: Natalia Balanina.

“Left-un-read, wêrom stjoerst my no neat werom?
App stjoerd nei Wobbe-Jan
GIF stjoerd nei Wobbe-Jan
Nude stjoerd nei Wobbe-Jan
Fiel my sa dom”

In hiel oare oanpak kaam fan Elly de Leeuw (1962) út Marssum. De Leeuw studearret oan de Skriuwersfakskoalle en skreau in ferhaal wêryn’t de ferteller op syk giet nei de stjerrende Gysbert foar in ynterview. De lêste fraach slút moai oan by de bydrage fan Terpstra, dy’t it fanke Wobbelke feroare yn de man Wobbe-Jan.

Elly de Leeuw reizget werom nei de 17e iuw. Foto: Natalia Balanina.

“Want soe in ferbeane leafde foar Simon of eins earder al foar manlju yn it algemien de boarne west hawwe foar al dy skitterjende gedichten, foar syn bysûndere wize fan leauwen,  foar de minne ferstânhâlding mei syn heit en de ôfstan ta syn gesin?” (út: De lêste fraach)

Marleen Nagtegaal fan Explore mei jonge Flaamske skriuwers. Foto: Natalia Balanina.

Under de besikers wiene ek in tal jonge Flaamske skriuwers, dy’t wurkje oan it projekt foar it kommende Explore the North-festival.

“do seist dan, nee do eist
ik mut föral net opjaan yn
myn streven nei de top
yn gysbert myn gelikense
te finen, no wy wyt
‘ja do,’ seist tsjin mij, ‘wês no mar
dyn eigen pionier
en stean ruchtop en gean förop’”

Súdwesthoeke is in the house, mei Joël Hut. Foto: Natalia Balanina.

It betinken fan jins eigen stavering en skriuwe yn de taal sa’tst dy om dy hinne hearst, it sil foar dichter Joël Hut bekend terrein wêze. Hy skreau al in wurdboek foar it Lemsters en boartet hjirmei ‘fölop’ yn syn bydrage förop.

KUÒ docht it mei in fette beat. Foto: Natalia Balanina.

Hiphop-artyst KUÒ (1989) groeide op yn Twente, ferhûze letter nei Grins en wennet rom tsien jier yn Ljouwert. Hy hat himsels it Frysk oanleard troch goed te harkjen en Frysktalige Facebookposts te lêzen, ûnder oaren dy fan Terpstra en presintator Arjan Hut. De meartalichheid en eigensinnichheid fan Gysbert ynspirearren him ta Zolang ik schrijf.

“In een andere vertaling, uiting van de tijdsgeest
Je naam vereeuwigd door de tijd heen, er is geen eindstreep
Natuurlijk gaan de generaties met hun tijd mee
Maar heeft je naam nog invloed op de hedendaagse mindstate”

De jûn waard organisearre troch Leeuwarden City of Literature, Explore the North yn gearwurking mei De Moanne en Tresoar. Oant sjen yn Boalsert! (NINA DE JONG).

Skriuwers oan de lêstafel. Foto: Natalia Balanina.

KUÕ en presintator Arjan Hut. Foto: Natalia Balanina.

Gesellich yn de Gouden Leeuw. Foto: Natalia Balanina.

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels