Master of Puppets

Publisearre op 30 juli 2023

Barbie en Oppenheimer, twa grutte blockbusters dy’t op deselde dei yn premjêre giene, waarden troch kreative geasten op de ‘socials’ ta ien grut spektakel nifele. De plestik wrâld fan de pop Barbie en de allesferneatigjende skiednis fan de atoombom lizze sa fier útinoar, as Alaska en Ruslân op de wrâldkaart, dat se mekoar by einsluten oan de efterkant wer reitsje.

Barbenheimer ja, de grap is stadichoan belegen. Dus, gau fierder, mei in koarte refleksje op de belangrykste film fan beide, it ferhaal dat it measte losmakket en foar de heftichste reaksjes soarget.

Barbie.

ARJAN HUT – Warskôgings rôlje as diggelfjoer oer it wrâldwide web, fan bewegings dy’t bern beskermje wolle tsjin folwoeksen grappen en seksuele taspilings, oant besoarge boargers dy’t achter alle beammen feministyske propaganda freze; ’t is mar in greep út it oanbod. Hiele húshâldingen, as is de lokrop fan religy en heitelânsleafde even op fakânsje nei Rhodos, ruilje lykwols de tradisjonele noarmen en wearden mei leafde yn foar in ticket nei Barbielân.

Margot Robbie spilet Barbie en Ryan Gosling spilet Ken. Barbie har libben is ien grut feest, alle dagen binne de moaiste ea. Dat feroaret wannear’t se ynienen selsbewust wurdt. As Eva nei in hapke appel! Tinzen befolke har holle en se feroaret, wurdt minder pop en mear …. minske. (parallellen binne hjir te lûken mei Pinocchio, it ferskuorrende ferhaal oer in pop dy’t him identifisearret as in echte jonge.)

We binne mar even yn dy ideale Barbiewrâld. Helaas, want it is in fassinearjende wrâld. Dy wurdt fierder befolke troch allerhanne oare Barbies en Kennen. De Barbies ha it foar it sizzen. Se ha alle beroppen, en wenje stik foar stik yn har eigen rôze dreamhûs. De Kennen binne dekoratyf. Se steane op it strân, dat is harren lot, en hingje nachts bûten om. Alles feroaret wannear’t Barbie (mei Ken as ferstekling) op ûndersyk nei de echte wrâld reizget. 

Muppets
Yn de minskewrâld feroaret de toan fan de film. Der binne echte minsken (it puberfamke en har mem dy’t ferantwurdlik lykje foar Barbie har nije bewustwêzen) mar ek in soad kartoeneske personaazjes, lykas it bestjoer fan boartersguodgigant Mattel. Kluchtige humor en in mjuks fan grappen foar bern en folwoeksenen, it ropt de sfear op fan in Muppetfilm. In soad slapstick, in snjitter Sesamstraat, in hantsje musical.

Ken sjocht hoe’t it der omta giet yn de echte wrâld. Manlju en hynders binne dêr folle belangriker. Yn alle gefallen, Ken leart gau en wurdt in mantsje-man, wylst Barbie de iene mentale tsjinslach nei de oare te ferwurkjen krijt. Foar har falt alles útinoar, it fertroude wurdt frjemd, ja, hiel werKenber, se wol dat alles wer is as earder – mar de Kennen dramme troch. Hoe sille de helten falle?

Doaze
Der wurdt yn de filmseal in soad lake. Der sitte foaral froulju, mar ek fiif mantsjes mochten mei, ik bin dêr ien fan. Miskien komt it troch it optimistyske kleurepalet fan de film, de fermaaklike dûnssênes, de moderne soundtrack (mei dochs ek plak foar Aqua’s âlde hit Barbie Girl), it fakmanskip fan regisseur Greta Gerwig (in frou!) of it charisma fan de haadrolspilers, mar de op it darkweb oankundige feminazistyske slachting bliuwt út.

Barbie wol de wierheid net. Se wol har tradysjes hâlde!

Der stiet in grouwe doaze yn de gong fan de bioskoop, sa’nien dêr’t in pop yn kin, mar libbensgrut. Besikers krûpe deryn en litte har fotografearje as oantinken. Sa oerwint dochs wer de hokjesgeast. Wilens spilet alles wat ik krekt sjoen ha yn myn holle om. Is Margot Robbie troud? Hoe kom ik oan in sixpack? Bin ik no in feminist wurden? Ik ha it frege oan myn frou en dy seit fan net.

Bin foaral benijd hoe’t it fierder giet. Sil Barbie (de film) de wrâld fleurich opfiskje út it moeras fan polarisearring? Of einiget dit aventoer yn ien grutte poel fan fjoer en dea?

Op nei Oppenheimer!

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels