De nachtmerje giet nei de film troch

Se sitte achter Beau oan

ARJAN HUT — “Je weet niet wat echt is,” seit de menear. “Je moet niet vergeten dat het een patient is. Je ziet de wereld door zijn ogen.” We komme krekt Slieker Film út. Die-hards, we binne de hiele premjêre fan Beau is Afraid sitten bleaun. Sawat de helte fan it publyk ferliet de seal foar it earste healoere om wie. De film duorret trije oeren.

De reaksje fan de menear docht my tinken oan it besprek yn de Filmkrant. In ûnbetroubere ferteller, do witst net wat wier is yn de film. Ferlikingen waarden makke tusken dizze film en de eardere beide titels fan regisseur Ali Aster, te witten de horrorfilms Hereditary en Midsommar. De TV-krant seit itselde. “Is het de werkelijkheid die we zien, of speelt het verhaal zich grotendeels in Beau’s bovenkamer af, gelet op de vele pillen die hij dagelijks slikt?”

Sawat de helte fan it publyk ferlit de seal foar it earste healoere om is. De film duorret trije oeren.

Beau fantasearret himsels in moaiere takomst – oant ek dy yn misêre en betizing útrint.

Beau is afraid wurdt troch de regisseur omskreaun as in nachtmerje-komedy fan trije oeren, of – mei in knypeach – as in ‘joadske Lord of the Rings’. Haadpersoan Beau moat nei de begraffenis fan syn mem. Alles wurket tsjin him. Hy hat in eangststoornis. Syn mem hat dêr mei te krijen. Watsto sjochts is yn it ramt fan de film allegear echt – dit is gjin puzelsinema dêrsto útfine moatst wat der oan de hân is. Aster nimt de sjogger mei yn de angst, it skuldgefoel, it selsbegrutsjen fan Beau.

Oan it begjin fan de film hearst ien razen. It is in man op de râne fan it dak fan in flat. Underoan steane minsken mei mobyltsjes klear. “We besykje him springe te litten,” nokkeret in hipster. It gefoel dat jin bekrûpt is it gefoel dat de wrâld in iepen ynrjochting is, fol oerflakkige, domme, ôfstompte omkoalen. Itselde gefoel dat wolris opkomt wannearsto te lang op sosjale media omhingest.

By in Marvel-film tinkst dochs ek net fan, ‘hee, immen sjit spinreach út syn pols … ha we te krijen mei in hallusinaasje?’

Eangst foar spinnen, in tsjustere souder, nearne byhearre, falsk beskuldige, opsletten of fergiftige wurde, de eangst dat eat of immen yn dyn hûs is, it gefoel begluorke te wurden, al dit en mear wurdt meifielber yn byld brocht. Yndied, in portret fan in nachtmerje! Der barre dingen dy’t yn it echt net kinne, en ja, der is in lange deidreamsêne, dêr’t Beau himsels in moaiere takomst fantasearret – oant ek dy yn misêre en betizing útrint.

Memmy

Mar de fraach ‘wat is waar?’ is op al dizze byldtaal en symbolyk nearne fan tapassing. It is film en alles yn it ramt fan dizze film mei men yn meigean. By it sjen fan in Marvel-film tinkst dochs ek net fan, ‘hee, immen sjit spinreach út syn pols … ha we hjir te krijen mei in hallusinaasje?’

Ja, we pappegaaie inoar en besprekken wat nei. En dan bekrûpt my de folgjende tins: Wat as al dy besprekken no skreaun binne troch in chatbot? Datst dêrom gauris sokke foar de hân lizzende, oerflakkige stikken ûnder eagen krijst? En dat wy te dom of lui binne om dat te sjen en dan rêstich meilulle, “Is alles wel echt wat je ziet …. in deze film?”

Sels kenners, de autoriteiten dêr’t men op fertroud, ha der gjin doel oer. We binne op ús sels oanwiisd, moatte ris mei eigen eagen sjen – mar de helte kin soks net opbringe en rint de seal út en de rest praat in chatbot nei. Of komt dat troch ús mem dat ik sa tink?

(Beau is Afraid is dizze wike noch te sjen by ûnder oaren Slieker Film yn Ljouwert.)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.