Gabrielle & Arjan bedoele it net ferkeard: Fakânsje!

Publisearre op 20 juli 2023

Spoken word, poëzy & metal, wat bart der allegear yn de studio fan Schaaf? Annemarie Lindeboom leit it ús út.

Ground zero, jierren 40. Oppenheimer is syn barbie kwyt.

Gabrielle (no professor yn de popkultuer) hat noch nea in Spiderman-film sjoen, mar sil al nei Barbie èn Oppenheimer.
 
We harkje nei Foppe Land syn foardracht yn de Gouden Leeuw op 16 maaie. Sjogge koart werom op Arjan syn bondelpresintaasje.
 
Selfhelpboeken: wêrom binne wy nea goed genôch? Moat der in priis komme foar de moaiste rigel út in gedicht? We lêze in stikje út Durk van der Ploeg syn It wrede foarjier, moai, mar fol wurden dy’t we even opsykje moatte.
 

En leafst twa kollums! No sa, harker, no sa. Goeie fakânsje en oant nei de simmershit.

 

Flnr: Gabrielle, Snowy, Arjan. Annemarie Lindeboom wie alwer fuort nei in oare ôfspraak.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels