Presintaasje dichtbondels Joël Hut en André Looijenga
Dichters Joël Hut en André Looijenga bringe kommende sneon tagelyk harren nije bondel út.
Foar Looijenga (1982) is it syn earste bondel. De leksikograaf dy’t by de Fryske Akadeemje wurket, wie earder redaksjelid fan it tydskrift Ensafh. Yn 2017 fertsjinne er in Rely Jorritsmapriis foar syn fers De Brêge. Looijenga is ek dosint klassike talen. Hut (1995) brocht al ferskate titels yn eigen behear út. Hy skriuwt yn it Súdwesthoeks. Ferline jier presintearre hy syn eigen Lemster wurdboek. In gedicht út syn debút Börtersgrut waard opnommen yn de blomlêzing Do draachst de leafde oan (Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril).
Dûbelpresintaasje fan twa nije dichtbondels: de debútbondel Fuortsjefinne fan André Looijenga en Wurd för wurd för wurd fan Joël Hut
Datum: sneon 13 maaie
Tiid: 15.00 -17.00
Plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert (Bûterhoeke 1, 8911 DH)
As jo fan doel binne om te kommen soene jo dat dan yn ferbân mei de catering trochjaan wolle oan
Utjouwerij Hispel: info@hispel.nl
Wy hoopje op jo komst.
Mei freonlike groetnis,
De auteurs: Joël Hut en André Looijenga
en Piter Boersma (Utjouwerij Hispel)