Haadkategory: Literatuer

  • 31 januari 2024

    Marrit Jellema (30) is tiisdeitejûn beneamd ta nije Stêdsdichter fan Ljouwert. Yn de Westertsjerke makke wethâlder Hein Kuiken nei in koart programma bekend dat de kar fan de sjuery op de spoken word-artyst fallen is. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf. Marrit Jellema en Ronald Wijnia stelle har foar yn de Westertsjerke. Fjouwer finalisten bleaune nei in earste rûnde oer. Ien fan harren (Hendrik Willemsen, [...]

  • 27 januari 2024

      Arjan, Douwe en Gabrielle ha it der even oer. It is poëzywike!  Arjan hat poëzy meinaam mei it tema Thús. Gedichten fan Albertina Soepboer en Harmen Wind en ek in nijen fan himsels.Douwe Dijkstra is te gast om te fertellen oer syn nijste show Let's get mental en it sjenre terapypop. Hy fertelt oer syn ûnderfining mei terapy en ek Gabrielle en [...]

  • End of April / Hester Schippers.

    19 januari 2024

    Dada en Dr8888 hawwe al 100 jier in bysûndere relaasje mei inoar. Fansels fanwegen de Dútske keunstner Kurt Schwitters dy't befreone wie mei de twa Drachtster bruorren Evert en Thijs Rinsema. En mei Theo van Doesburg, de man dy't wat no hjit de Papegaaiebuert kleur joech. Net sa gek dus dat Hester Schippers just yn de bibleteek yn Drachten dizze moaie wurkwinkel jout: 'Meitsje in [...]

  • Titi Zaadnoordijk

    30 december 2023

    Nee, de wrâld is net sa grut. It hinget oan in tinne tried. In wûnder? Miskien net, miskien wol. Twivelje gerêst, it makket dy miskien ta minske. Der is safolle datsto mist asto alles seker witst. Arjan Hut - Dichter fan Fryslân

  • Reve syn gedicht yn kafee De Watersport, Heeg.

    24 december 2023

    Arjan hat in supersmûke wurkwike as Dichter fan Fryslân en Gabrielle hat yn Dútslân op de Krystmerke west. Brêge yn Amsterdam, 1946, it dekôr fan De Avonden fan Reve. Raucamp, Koos / Anefo Hoe is it om yn de redaksje fan in literêr tydskrift te sitten? En mei Gabrielle noch wol by Pauper Poëzie no't se oan in Frjentsjerter grêft wennet?Arjan stelt fragen [...]

  • Podcast de zinnen verzetten #9

    22 december 2023

    STOPT Anita Terpstra als schrijfcoach van Ritsko van Vliet? In de nieuwste podcast DE ZINNEN VERZETTEN #9 komen Anita Terpstra en Ritsko van Vliet samen om te praten over hun recente ervaringen in de wereld van het schrijven. Er hangt een vraag in de lucht: blijft Anita de schrijfcoach van Ritsko? Verder in podcast DE ZINNEN VERZETTEN #9: Anita's drukte rondom haar Friese kadoboek Ritsko [...]

  • 100 jier Reve

    14 december 2023

    Hjoed is it 100 jier lyn dat Gerard Reve yn Amsterdam berne waard. Pal foar de Liwwadder Aldehou leit Reve's gedicht Boetpsalm, dit tableau it is ûnderdiel fan de Ljouwerter poëzyrûte. Greonterp Dat gedicht giet oer Reve syn bysûndere tiid yn Fryslân. De katolike skriuwer wenne in skoft lang yn Greonterp mei syn twa geleafden Teigetje en Woelrat. Syn ferbliuw dêr duorre fan maaie 1964 [...]

  • Reve woelrat

    11 december 2023

    HUUB MOUS -  Op 14 december is het honderd jaar geleden dat Gerard Reve in Amsterdam werd geboren. Zaterdag 16 december wordt in HCR De Watersport in Heeg een gedicht van Gerard Reve onthuld in aanwezigheid van Teigetje en Woelrat, Reves partners uit zijn periode in Friesland. Ook voor Slauerhoff is het een herdenkingsjaar. Op 15 september j.l. was het 125 jaar geleden dat hij in Leeuwarden [...]

  • 8 december 2023

    Arjan is Dichter fan Fryslân wurden en Gabrielle ynwenner fan Frjentsjer, se ha der fan alles oer te fertellen, want hoefolle stress hat Arjan en wat is der te dwaan yn Frjentsjer as der net iens in boekwinkel is? Bert de Vries draacht syn gedicht Gjalp foar en Arjan syn earste DfF-gedicht Twifelje mei (ferzje 5 1/2). Gjin boekwinkel yn de hiele stêd? [...]

  • 29 november 2023

    Wy sjogge werom op in prachtedysje fan it festival 'Explore the North'! Muzyk, literatuer, foarlêssesjes, ynterviews, poëzij en noch hiel folle mear of dat allegearre tagelyk. Koene wy it mar opnij belibje, dêrom noch hiel efkes werom nei de iepening yn de Stadskas wêr Mees van Rijswijk it gedicht 'Bestaanszekerheid' foardroech. Als iemand vraagt of je zeker weet dat je bestaat wat doe je dan? [...]

  • 22 november 2023

    Fan 24 oant en mei 26 novimber binne op festival Explore the North yn Ljouwert ferskate programmaûnderdielen fan Ljouwert UNESCO City of Literature te sjen. Ek magazine LETTER fan Ljouwert City of Literature is op it festival op te heljen. Mei-inoar lêze mei de Culturele Apotheek yn De Utrecht sneon 25 nov. 14.00 en 17.30 oere en snein 26 nov. 14.00 en 16.00 oere Ferdjipje [...]

  • 21 november 2023

    BERT DE JONG -  Alle rom en eare hat skriuwer Hylke Speerstra oer him hinne komme litten. Mei de takenning fan de Fryske Anjer hat er de erkenning foar syn grutte bydrage oan de Fryske kultuer en oan de Fryske literatuer. Mar der mist noch wat. It fenyn siet yn ien sin út de lange jubel oer Hylke Speerstra (1936). Dizze sette ta neitinken en [...]

  • Arjan Hut

    16 november 2023

    Arjan Hut is de nije Dichter fan Fryslân! Dat is hjoed bekend makke. Hy folget Sigrid Kingma op, sy wie de tredde Dichter fan Fryslân nei Nyk de Vries en Eeltsje Hettinga. De offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân fûn hjoed plak yn de Stadskas fan it Explore the North-festival op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert. Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de [...]

  • 13 november 2023

    Poëtysk Frysk en poëtysk Ingelsk binne offisjeel oan elkoar keppele by de boekpresintaasje fan keunstner Liza Prins har boek ‘Bitterswiet: ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en stim’. Boppedat jout it oan dat jo as minsk josels wêze meie en ek jo eigen taal brûke meie. Mulder wie op it mêd fan taal en fan frouljusrjochten in subtile mar krêftige fersetsfrou, lykas sy dat ek [...]

  • Maria Louise van Hessen Kassel – Marijke muoi – lit de ierdappel priuwe op it Prinssessehof te Ljouwert, omstrings 1742

    6 november 2023

    It projekt: De Keunstmjittige Ierdappel? fan Frysk en Frij is in projekt dat de feroaringen oangeande de ierdappel sichtber meitsje wol, en minsken ta tinken sette wol oer de feredeling, maakbaarheid en sa fierder hinne. Dit petear ferrint ûnder mear troch in sammelbondel yn ferskate streektalen út te bringen en wurkwinkels teäter en poëzy op basisskoallen te jaan. Trije jonge kreativen (Doutsen van Gosliga, Eelke Veltman [...]

  • Pim Lammers

    1 november 2023

    Mei de lêste edysje fan de Moanne, is de twadde special foar bern in feit. Dizze kear mei wer prachtige bydragen fan al dat goede Fryske talint dat de provinsje ryk is, lykas Lida Dykstra, Linda de Haan, Yke Reeder, Nina Peckelsen en Paul van Dijk. In tydskrift fol mei poëzij, ferhalen en opdrachten dy ta tinken oansette: wat is it ferskil? Wat is it [...]

  • 23 oktober 2023

    Bulten poëzij yn de nije (stam)podcast; leafdesgedichten en finzenis-fersen fan Henk Dillerop, bistachtich nij wurk fan Beatdichter Pier Boorsma, Anne Feddema roeit Cambuur nei de top, Gabrielle lit har ynspirearje troch Gysbert Japicks en leit Arjan út wat Ghoste is. Mar it belangrykste nijs: Gabrielle wurdt gjin stêdsdichter fan Ljouwert, want … no harkje sels mar. Wy tippe Annemarie Lindeboom! En fierder ha we it [...]

  • 11 oktober 2023

    Fjouwer skriuwers presintearren tiisdeitejûn nije teksten ynspirearre op Gysbert Japicx yn De Gouden Leeuw. Op it barren, organisearre yn it ramt fan de Gysbertwike, as opmaat nei it útrikken fan de Gysbert Japicxpriis oan Jetske Bilker takom sneon yn Boalsert, kamen sa'n tweintich besikers ôf. Gabrielle Terpstra (1990) út Ljouwert mocht begjinne en sette daliks yn mei in foardracht yn it Bildtsk fan Gerard Marcel [...]

  • 9 oktober 2023

    Wy binne werom!  En we moasten ek noch in bytsje opsjitte, want nei dizze opname gongen we nei de studio fan de Omrop om mei te wurkjen oan in earbetoan oan ien fan de grutste (en noch libjende) Fryske skriuwers troch ferkate dichters. (sjoch foto). Dus, hurry hurry, gjin tiid om te knippen en te plakken, yn ien kear, live, bam! Ja, ha we noch [...]

  • 6 oktober 2023

    Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr Kafee. M.G. NUNEZ-PRINSEN  “Jim meie der wol bykomme hear, op [...]