Ljouwert UNESCO City of Literature op festival Explore the North

Publisearre op 22 november 2023

Fan 24 oant en mei 26 novimber binne op festival Explore the North yn Ljouwert ferskate programmaûnderdielen fan Ljouwert UNESCO City of Literature te sjen. Ek magazine LETTER fan Ljouwert City of Literature is op it festival op te heljen.

Mei-inoar lêze
mei de Culturele Apotheek
Preston Losackyn De Utrecht
sneon 25 nov. 14.00 en 17.30 oere en snein 26 nov. 14.00 en 16.00 oere

Ferdjipje dy tegearre mei oaren hearlik in oere yn it wurk fan in skriuwer. De skriuwers skowe oan de ein fan de sesje sels ek efkes oan. Tarieding is net nedich!

Sneon 25 nov. 14:00-15:00 oere: mei teksten fan Tiemen Hiemstra
Sneon 25 nov. 17:30-18:30 oere: mei teksten fan Juhani Karila
Snein 26 nov. 14:00-15:00 oere: mei teksten fan Anne-Goaitske Breteler
Snein 26 nov. 16:00-17:00 oere: mei teksten fan Walt Whitman, troch Preston Losack en Tsead Bruinja

Der is beheind plak, wa ’t meilêze wol moat him oanmelde fia de webside fan Explore the North of yn festivalhert de Stadskas by de Aldehou.

Jurgen van Tiggelen

Culturele Apotheek (c) Jurgen van Tiggelen

Boeken op resept

mei de Culturele Apotheek
yn de Stadskas
sneon 25 & snein 26 nov. 15:00-17:00 oere

Falt de neatichheid fan it bestean dy wolris swier? Hast lêst fan in Calimero-kompleks, of krekt fan it rêd-de-wrâld-syndroom? Kom nei it ynrinsprekoere foar in persoanlik lêsadvys.

Kirsten van Santen yn petear mei Juhani Karila
sneon 25 nov. 20:45-21:30 oere
yn de Waalse tsjerke | fiertaal Ingelsk

De Finske skriuwer Juhani Karila wurdt troch sjoernalist en skriuwer Kirsten van Santen befrege oer û.o. syn bejubele roman De jacht op it snoekje. Finlân en Fryslân lykje inoar te kennen. Ha wy it hjir oer magy? Of oer in ekstra sintúch dêr’‘t wy minsken fan fergetten binne hoe’t we it brûke moatte?

Literêre performance: De ein set útein
mei Tryater en Explore the North
snein 26 nov. 15.00-15:45 en 17.30-18:15 oere
yn de Kapel yn dbieb | meartalich

Skriuwers en dichters Ytje Hoekstra, Tialda Hoogeveen, Remco Kuiper, Eise Ivo Smit, Bauke Vermaas en Jetze de Vries hawwe ûnder lieding fan teätermakker Karel Hermans in boartlike, literêre permanforce makke.

Foar al dizze programmaûnderdielen is it nedich in kaartsje foar it festival te keapjen op www.explore-the-north.nl. Dêr stiet ek it folsleine festivalprogramma.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels