Arjan Hut nije ‘Dichter fan Fryslân’!

Publisearre op 16 november 2023

Arjan Hut is de nije Dichter fan Fryslân! Dat is hjoed bekend makke. Hy folget Sigrid Kingma op, sy wie de tredde Dichter fan Fryslân nei Nyk de Vries en Eeltsje Hettinga.

De offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân fûn hjoed plak yn de Stadskas fan it Explore the North-festival op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert. Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije DfF troch deputearre Eke Folkerts naam Sigrid Kingma ôfskie as Dichter fan Fryslân 2021 – 2023.

Arjan Hut (1976) is al jierren in wurdearre redaksjelid fan de Moanne. Hy is dichter en skriuwer en skriuwt meastentijds yn it Frysk en soms yn it Nederlânsk. De dichter hat seis dichtbondels op syn namme stean, wêrûnder Fjoertoer yn it wâld út 2020 en Ien tel de ierde stil, dat fan’t simmer ferskynde.

It amt is Hut net ûnbekend, yn 2005/2006 wie hy Stadsdichter van Leeuwarden, wêr’t hy ta keazen waard mei it gedicht ‘Under de toer’. Hy wie dêrmei de earste stedsdichter fan de Fryske haadstêd. De ôfrûne jierren wie er yn tsjinst as Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen.

Mei Hut hat de organisaasje in dichter keazen dy’t mei syn taal én foardracht minsken wit te reitsjen. Syn teksten binne tagonklik mar noait ienfâldich, aktueel en skerp en in oare kear just wer tiidleas.

It projekt Dichter fan Fryslân is in inisjatyf fan de Provincie Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. De advyskommisje bestiet dit jier út Sigrid Kingma, Céline Wierda en Ammerins Moss-de Boer (foarsitter).

Tialda Hoogeveen

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels