End of April / Hester Schippers.
fotografy: End of April / Hester Schippers.

Meitsje in DaDaDichtsel uit de DaDaDichtPot

Dada en Dr8888 hawwe al 100 jier in bysûndere relaasje mei inoar. Fansels fanwegen de Dútske keunstner Kurt Schwitters dy’t befreone wie mei de twa Drachtster bruorren Evert en Thijs Rinsema. En mei Theo van Doesburg, de man dy’t wat no hjit de Papegaaiebuert kleur joech. Net sa gek dus dat Hester Schippers just yn de bibleteek yn Drachten dizze moaie wurkwinkel jout: ‘Meitsje in DaDaDichtsel uit de DaDaDichtPot.’
End of April / Hester Schippers

End of April / Hester Schippers

Yn it ramt fan de poëzie week is der op snein 28 jannewaris gelegenheid om in bysûnder gedicht te meitsjen yn de bibleteek yn Drachten. Schippers: ‘Ik vind het belangrijk om creativiteit, duurzaamheid, educatie en kunst op een laagdrempelige manier voor iedereen toegankelijk te maken en dit te stimuleren. Met mijn bedrijf End of April laat ik zien dat je met restmaterialen de mooiste dingen kunt maken. Ik merk steeds vaker dat er op scholen minder aandacht is voor creativiteit, maar dat hier wel behoefte aan is. De DaDaDichtPot is één van de workshops die ik geef waardoor je kennis kunt maken met kunst en gedichten maken. Iedereen kan het!’

Doch fergees mei!

Hester Schippers fan End of April jout op 28 jannewaris dizze workshop fergees. Mear witte? Sjoch op de webside fan Bibliotheek Drachten.

Yn dit filmke is te sjen hoe’t Schippers te wurk giet:
Comments
2 reaksjes oan “Meitsje in DaDaDichtsel uit de DaDaDichtPot”
  1. Be schreef:

    Alleen Hollandse woordjes?

  2. de Moanne redaksje schreef:

    Welnee! Schwitters zelf gebruikte Duits, Fries, Nederlands én cijfers!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.