Blommen foar Reve by de Aldehou

Publisearre op 14 december 2023

Hjoed is it 100 jier lyn dat Gerard Reve yn Amsterdam berne waard. Pal foar de Liwwadder Aldehou leit Reve’s gedicht Boetpsalm, dit tableau it is ûnderdiel fan de Ljouwerter poëzyrûte.

Greonterp

Dat gedicht giet oer Reve syn bysûndere tiid yn Fryslân. De katolike skriuwer wenne in skoft lang yn Greonterp mei syn twa geleafden Teigetje en Woelrat. Syn ferbliuw dêr duorre fan maaie 1964 oant maaie 1971. It wie syn produktyfste tiid as literator mei as hichtepunt syn boek Nader tot U (1966) dat in wiere bestseller waard.

Fanwegen Reve’s 100-jierrige kroanjier en dy syn bân mei Fryslân ha Geart de Vries en Peter de Haan hjoed – foarsitter en bestjoerslid fan de stichting Poëzietableaus Leeuwarden – blommen lein op de poëzystien Boetpsalm. Ek is de stien foarsjoen fan it boek Nader tot U en in by Reve syn gedicht passend ljochtingeltsje.

It gedicht is foarôfgeand oan de blommehulde foarlêzen troch Geart de Vries.

Boetpsalm

Vol alcohol, zwaarmoedigheid.

en eerbied voor de Maagd,

woon ik in Friesland.

Niet mijn, Uw wil geschiede.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels