Marrit Jellema Stêdsdichter Ljouwert

Publisearre op 31 januari 2024

Marrit Jellema (30) is tiisdeitejûn beneamd ta nije Stêdsdichter fan Ljouwert. Yn de Westertsjerke makke wethâlder Hein Kuiken nei in koart programma bekend dat de kar fan de sjuery op de spoken word-artyst fallen is.

©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf. Marrit Jellema en Ronald Wijnia stelle har foar yn de Westertsjerke.

Fjouwer finalisten bleaune nei in earste rûnde oer. Ien fan harren (Hendrik Willemsen, de jongste) heakke foar de presintaasje oan de sjuery ôf en krekt foar oanfang fan de bekendmakking moast ek Sannemaj Betten mei pineholleklachten nei hûs. De twa oerbliuwers, Ronald Wijnia en Jellema, waarden oan de oanwezigen foarsteld.

Ald-stêdsdichter Arjan Hut en Gabrielle Terpstra fan Pauper Poëzie presintearren de jûn. Yn in hûskeamerachtige talkshow-setting lei wethâlder Kuiken út wêrom’t Ljouwert no kiest foar in dichter ynstee fan in stêdskeunstner. “Omdat Leeuwarden in 2018 de Culturele Hoofdstad van Europa was, en sinds eind 2019 ook UNESCO City of Literature is, verdient Leeuwarden een Stadsdichter.” 

Jellema wol ‘de verbinding opzoeken’, de wiken en de doarpen yn lûke om mei taal minsken te ferbinen. “Als mensen naar elkaars verhalen luisteren, zijn er grootse dingen mogelijk.” Ta ôsluting fan de bekendmakking, droech Jellema har gedicht Ode foar. Dêrby liet sy daliks hearre wêrom’t de sjuery sa fan har ûnder de yndruk wie.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels