Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Tsjuster en Terapy

Publisearre op 27 januari 2024

 

Arjan, Douwe en Gabrielle ha it der even oer.

It is poëzywike

Arjan hat poëzy meinaam mei it tema Thús. Gedichten fan Albertina Soepboer en Harmen Wind en ek in nijen fan himsels.

Douwe Dijkstra is te gast om te fertellen oer syn nijste show Let’s get mental en it sjenre terapypop. Hy fertelt oer syn ûnderfining mei terapy en ek Gabrielle en Arjan fertelle oer harren ûnderfiningen mei terapy. We fertelle wat foar ús helpt foar in sûne geast. 

Arjan seach in soad Japanske films (ûnder oaren it nije Monster) en Gabrielle seach in film oer Black Metal en it ferhaal fan Mayhem. Fierder wol Arjan graach fisk as betankje nei in optreden, mar Douwe stjoert leaver in faktuer. Gabrielle fynt it broerke fan Gerard Marcel de Jong knap en Arjan sjocht út nei de nije bondel fan Sytse Jansma: Rozige Maanvissen

De premjêre fan Let’s get mental is op 2 febrewaris yn De Doas (Ljouwert) en sil ek te sjen wêze op ‘e Zwarte Cross.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels