Poëtysk Frysk en josels doarre te bliuwen

Publisearre op 13 november 2023

Poëtysk Frysk en poëtysk Ingelsk binne offisjeel oan elkoar keppele by de boekpresintaasje fan keunstner Liza Prins har boek ‘Bitterswiet: ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en stim’. Boppedat jout it oan dat jo as minsk josels wêze meie en ek jo eigen taal brûke meie. Mulder wie op it mêd fan taal en fan frouljusrjochten in subtile mar krêftige fersetsfrou, lykas sy dat ek yn de Twadde Wrâldoarloch wie.

Foto: Johan Vogelzang. Liza Prins mei har boek.

JOHAN VOGELZANG – It boek oer in ûndersyk nei de Fryske skriuwster, dichter en sjoernaliste Tiny Mulder, yn it Frysk en yn it Ingelsk, is tongersdeitemiddei troch de Amsterdamske keunstner Liza Prins presintearre yn Kunsthuis Syb’s yn Beetstersweach.

It is net tafallich dizze wike ek de Fryske Boekewike, dus it is in moai moment om soks te presintearjen en foar it ljocht te bringen, foar it Frysk en foar de feministische saak. Keunstner Liza Prins bringt de emansipaasje fan it Frysk en de emansipaasje fan de frou subtyl, lykas de yn Beetstersweach berne en yn Jellum stoarne Tiny Mulder (1921-2010) ek subtyl wie yn har ferset tsjin de patriarchale oerhearsking yn de maatskippij en yn de taal.

Prins har yn boekfoarm útkaam ûndersyk hat in soad ynteressante lagen, want it giet net allinnich oer hoe’t Tiny Mulder (1921 – 2010) yn it Frysk skreaun hat, mar ek hoe’t har stim klonk.

Omt Mulder as fersetsfrou aktyf west hat yn de Twadde Wrâldoarloch, tinkt Prins dat Mulder derfoar keazen hat har taalgebrûk net al te polityk te meitsjen. Omt sy sjoen hat wat hurde en grutte politike wurden foar grutte kwealike gefolgen hawwe kinne.

Tiny Mulder. Foto: Jacob van Essen

Prins: ,,Haar werk is weleens beschouwd als kinderlijk, maar dat was het niet. Er zit veel meer in, over hoe ze naar de wereld keek. Ze nam dan een beeld, bijvoorbeeld van een vrouw met oranje paraplu of een figuur uit een Disney- film en gaf dat op zo’n manier weer dat je snapt dat er meer achter zit.”

It boek is troch har yn it Frysk en yn it Ingelsk skreaun, om it Fryske ferhaal fan Tiny Mulder ek yn in gruttere taal te fersprieden. ,,Ik bewonder haar, hoe ze opkwam voor de emancipatie van de Friese taal en ook voor de rol van de vrouw.”

Mulder wie net in ‘Dolle Mina’ sa as froulju fan de twadde feministiske golf doetiids neamd waarden, mar kaam op har eigen wize foar wurkjende froulju op, froulju dy’t bûtendoar wurkjen kombinearje mei it hûshâlden. Har man Jildert Sudema wie sjoernalist by de Ljouwerter krante, sy by it Frysk Deiblêd, dat is op himsels ek al in bysûnder aspekt.

Liza Prins (31) krige yn 2019 in jong talint beurs fan it Mondriaan Fûns. Sy hâld derfan taal te ûndersykjen dy’t brûkt wurdt as ferset. Sa is sy bygelyks ek dwaande mei ûndersyk nei it taalgebrûk yn ‘werkmansliederen’ út ferskate lannen. Tige nijsgjirrich fansels. It Mondriaan Fûns en it Feitsma Fûns hawwe bydroegen en Tresoar hat mei tekst en stimopnames út it argyf ek in soad bydroegen oan Prins har ûndersyk.

Kunsthuis Syb’s yn Beetstersweach. Foto: Johan Vogelzang.

Wa’t wite wol wa’t allegear meiholpen hawwe oan it ûndersyk, moat de earste pagina fan it boek lêze, want der binne aardich wat minsken dy’t neamd wurde meie. Prins is bliid mei de stipe, om sa in goed byld yn tekst en gefoel fan Tiny Mulder krije te kinnen. In taal fan leafde en ferset, neamt Prins it. Dêr sit de waarmte en de krêft yn, dêr’t sy al brieven skriuwend mei Alina Lupu fierder oer filosofearret yn har ûndersyk, dy brieven steane der ek yn.

De tinzen en observaasjes fan beide froulju jouwe ek in moai gefoel en ynhâld wer oer hoe’t sy it libben en wurk fan Tiny Mulder besjogge yn it ljocht fan de wrâld, it feminisme. It is tige nijsgjirrich om harren fyzje te lêzen en de wrâld troch frouljuseagen te besjen.

Yn it ramt fan de emansipaasje fan de Frysk taal, is har kar foar it Ingelsk ek logysk. Fan akademyske heechdravend taalgebrûk oant lytse gefoelige minsklike wurden, alles kinst deryn fine. Sawisa mei it Frysk as in moaie taal, is in taal fan poëzij, dat is op himsels ek al moai om sjen en hearen te litten oan minsken út bûtenlannen dy’t de Fryske taal net behearskje.

De oersetting fan it poëtyske Frysk nei poëtysk Ingelsk – sa-as yn Prins har ûndersyk yn boekfoarm te sjen is – jout oan de bûtenwacht oan dat Frysk it wurdich is om te behâlden en foaral ek ferspriede te bliuwen en libjend te hâlden. As ferset tsjin oerhearskjende talen mar ek foaral as opkomme fan de eigen identiteit en josels doarre te bliuwen. Dêr kin net faak genôch oer skreaun wurde, mei krêft en leafde.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Proaza

    MINDERT WIJNSTRA -  In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer [...]