Fryslân te lyts foar literêre priis foar skriuwer mei measte sukses

Publisearre op 21 november 2023

BERT DE JONG – 

Alle rom en eare hat skriuwer Hylke Speerstra oer him hinne komme litten. Mei de takenning fan de Fryske Anjer hat er de erkenning foar syn grutte bydrage oan de Fryske kultuer en oan de Fryske literatuer. Mar der mist noch wat.

It fenyn siet yn ien sin út de lange jubel oer Hylke Speerstra (1936). Dizze sette ta neitinken en de saak ek op skerp. Want hoe bestiet it dat de meast suksesfolle skriuwer fan Fryske boeken – mei in lange list oan proaza op syn namme en it meast bekend fan It Wrede Paradys, Op klompen troch de Dessa en Testamint fan de Siel – nea in literêre priis krigen hat?

It wie kommissaris fan de kening Arno Brok dy’t as foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan it Cultuurfonds in waarme brûs hie foar de winner fan de Fryske Anjer 2023. Hy neamde him ien fan de ikoanen fan Fryslân, mar hy wreau ek sâlt yn de iepen wûne fan hoe’t yn syn provinsje ompankoekbakt wurdt mei de literêre prizen.

Hylke Speerstra

Hylke Speerstra

Hylke Speerstra sels berêstet: ‘Ik bin gjin priiswinner. It is net foar my weilein.’ Ferneamde Fryske skriuwers lykas Anne Wadman, Tiny Mulder, Rink van der Velde en Durk van der Ploeg hawwe yn it ferline de Gysbert Japicxpriis foar harren folsleine oeuvre krigen. In skriuwer, dy’t in grut tal jierren mear as de helte fan de ferkeap oan Fryske boeken foar syn rekken nimt, past yn dit rychje. Allinnich fan de Fryske útjefte fan It Wrede Paradys binne mear as 30.000 boeken ferkocht. De oersetting yn it Nederlânsk en it Ingelsk is goed foar hast 50.000 eksimplaren.

Adfyskommissje

Mei syn yn 2021 ferskynde roman  stie de doar iepen om de suksesfolle skriuwer te earen. Mar Fryslân is hiel faak in doarp, te lyts om yn dit stik fan saken grut te wêzen. It wie oan de troch de provinsje beneamde adfyskommisje fan de Gysbert Jabicxpriis om de winner te kiezen. Foar dit kear wienen dat Rieuwert Krol, redakteur fan it literêre weblog Tzum, Jarich Hoekstra, oant foar koart heechleraar Frysk en Jelma Knol, redakteur fan tiidskriften en boeken.

It wie foar de sjuery in drege saak om ta in ienriedich adfys te kommen. It feit dat Jelma Knol en Hylke Speerstra yn 2005 grutte dalje hienen, spilet hjiryn in grutte rol. Knol as redakteur by Friese Pers Boekerij en Speerstra as haadredakteur fan de Ljouwerter Krante wurken lange tiid yn itselde hûs, mar koenen net meiïnoar troch ien doar. It liede ta de oergong fan de skriuwer nei útjouwer Bornmeer.

Yn de lytse oester dy’t Fryslân is, hawwe soksoarte saken in wichtige betsjutting. Jawis, in elts seit offisjeel dat it net sa is en dat de sjuery ta in moai adfys kaam foar winner Jetske Bilker, dy’t de priis ek mear as takomt foar har boek Spegel en Sonde. Mar it is wol in útkomst trochdat de sjuery der by oare nominearre skriuwers net yn slagge is ta in ienriedich adfys te kommen.

Foar syn Op klompen troch de dessa is it yn 2015 bleaun by in nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis. En mei It Wrede Paradys soe er yn 2008 de Rink van der Veldepriis krije, mar dy hat Hylke Speerstra wegere. Yn syn eagen wie dat in oanmoedingspriis: ‘Ik fûn mysels doe gjin debutant’. Eins hat er ek gjin literêre prizen nedich, is it ekskús út it lytse literêre wrâldsje. Syn sukses sit ommers al yn it grutte tal boeken dat ferkocht wurdt.

De krityk is dat syn wurken foaral in sjoernalistike dokumintêre ynslach hawwe en eins te min as literatuer beskôge wurde kinne. Soks mei hinnebruie. Hylke Speerstra wit mei in skerp each de spegel fan de mienskip te beskriuwen of yn de wurden fan Bouke Oldenhof: ‘De biezemwein fan de reis fan de Friezen troch de tiid.’  Yn Amearika hawwe skriuwers lykas Joan Didion, Norman Mailer en Tom Wolfe, dy’t yn it sjenre fan New Journalism wurken, krekt in heech oansjen. Hja binne fanwegen harren grutte en erkende sukses behongen mei prizen.

Byldzjende ferhalen

Oer de betsjutting fan Hylke Speerstra foar de Fryske taal en kultuer is gjin inkelde twifel. As skriuwer en ferteller fan ferhalen fan Fryslân en de Friezen, mar ek as in presys waarnimmer fan de feroaringen op it Fryske plattelân. Skippers, boeren, reedriders, sy hawwe troch him in poadium krigen. Hy hat de minsken fan it plattelân in stim jûn. As gjin oarenien fûn hy de moaie wurden om byldzjende ferhalen te meitsjen.

At der ien yn slagge is om Fryske boeken ûnder de minsken te bringen, dan is hy it wol. It is syn fertsjinste as skriuwer, mar ek as keapman. Toanielskriuwer en produsint Bouke Oldenhof seach mei eigen eagen hoe’t Hylke Speerstra op in middei sels twahûndert eksimplaren fan syn nijste boek Testamint fan de Siel ferkocht. Syn pikante observaasje is dat dit in oantal is dat oare skriuwers mei harren boeken yn lingte fan jierren nea berikke.

It wie Ben van der Knaap silliger, oant syn hommels ferstjerren dizze simmer bestjoerslid fan de Fryske ôfdieling fan it Cultuurfonds, dy’t slim oantrúnd hat op it takennen fan de Fryske Anjer oan Hylke Speerstra. Foarsitter Brok skeat fol op it feestlike barren fan de útrikking doe’t er syn wurden werhelle: ‘En snel een beetje, anders is het te laat’.

‘Ik bin in bliid man’, fertelde Hylke Speerstra yn de grôtfolle Steateseal fan it Provinsjehûs. Krekt sa grutsk as hy is op it krúske foar it beheljen fan de Alvestêdetocht is hy it op dizze Fryske Anjer. Mar yn de lange list fan de Gysbert Japicxpriis ûntbrekt in namme. At dizze de wichtigste literêre priis foar Frysk proaza en poezij is en bliuwe moat, dan kin it net sa wêze dat Hylke Speerstra by libben dizze priis nea takend krije soe.

Bert de Jong is sjoernalist

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels