Skriuwer en dadaleafhawwer Willem Winters stoarn

Publisearre op 16 mei 2023

TIALDA HOOGEVEEN – 

Willem Winters (1946) is stoarn. De dadaleafhawwer, skriuwer, útjouwer, dosint, samler, keunstleafhawwer en sosjolooch is 77 jier wurden, lit in frou en soan efter en lit in ryk oeuvre nei.

Nei sa’n fiifentritich jier Parkinson wie hy geastlik en lichaamlik op. Of sa’t op de roukaart stiet:

Je leven was rijk, creatief en eigenzinnig. Schrijver, lezer, gesprekspartner, uitgever, kunstgenieter, verzamelaar en reiziger: omdat steeds meer van wat belangrijk voor je was wegviel, vond je het tijd om te gaan.

Troch syn sykte wie it him net langer mooglik te skriuwen, lêzen en goede petearren te fieren. Foar in skriuwer, útjouwer en yntellektueel in grutte ierlitting.

Hofleveransier 

Willem wie as skriuwer en sjoernalist fan it begjin ôf belutsen by de Moanne, en earder al by de foarrinner, literêr tydskrift Trotwear. Hy waaide gauris oan by de Afûk wêr doe noch de Moanne makke waard om Sito Wijngaarden en Ernst Bruinsma te foarsjen fan artikelideeën en om syn nijste Perio-útjeftes sjen te litten. Foar sawol de webside as it tydskrift skreau hy beskôgingen, resinsjes, artikels en ferhalen. Yn syn wurk wie hy orizjineel, skerp, satirysk, beskôgjend, gefoelich, absurdistysk en humoristysk.

Hoewol de sykte fan Parkinson him mear en mear útputte, hat hy ta it ein ta stikken skreaun foar de Moanne. Sa skreau hy bygelyks tegearre mei syn frou Anneke van Renssen in in memorian oer Jan Bylsma. As sosjolooch makke hy him drok oer it feit dat Willem Drees de Canon útgoaid wie. En foar de rubryk It Perron skreau hy it gedicht Nei G.  It is mar in greep út syn wurk, om oan te jaan hoe ryk en fol ferskaat syn wurk wie. Net allinnich foar de Moanne, mar ek Hjir, Ensafh, de Leeuwarder Courant, de Dagkranten fan it Noordelijk Filmfestival en de ‘uitgids’ Uit in Leeuwarden skreau hy sûnt begjin jierren tachtich stikken.

Eigensinnich, ûnneifolchber 

Heleen Haijtema

Syn lêste ferhaal kaam mei in dûbelynterview dat Jacob Haagsma hulde mei Willem en syn Perio-opfolcher Hans van der Heijde, en yn feite ek mei syn frou Anneke van Renssen, dy net allinnich tolke dêr wêr Willem lestich út syn wurden kaam, mar likegoed belutsen wie by eltse letter fan de Perio-publikaasjes. ‘Perio is de meast eigensinnige útjouwerij fan hiel Fryslân en, wierskynlik, fier dêrbûten. In titel as Ite & skite seit al genôch – en oars de plaatsjes wol, skriuwt Haagsma yn it stik dat hy de titel De uterwaarden fan de keunst joech. 

It artikel waard publisearre mei twa fan Willem’s ferhalen: Eekhoorn is ziek en Toon Tellegen fan door nijlpaard gedood. It wie syn lêste publikaasje yn de Moanne. De ferhalen binne dúdlik in parody op Toon Tellegen-ferhalen dy’t hy jierrenlang bysûnder heech hie, mar dy’t plotseling exit wie en fan syn fuotstik kukele, omdat Willem him steurde oan de leave toan en sfear dy’t de skriuwer skepte yn dy bistewrâld. Dwers ta it ein ta. Eigensinnich, en somtiden ûnneifolchber.

Stokstijf 

It ferhaal het verjaarskado is ek ergens yn de ôfrinne jierren yn de Moanne publisearre, febrewaris 2021 moat dat west ha. Ik wie krekt einredakteur fan de Moanne en koe Willem inkeld noch mar fia syn wurk. It giet oer in stokje en in elastykje. Ik lês it no wer en kin my net oan de yndruk ûntlûke dat it giet oer syn Parkinson, oer it ‘op slot sitten’ wat by dy sykte heart, en it langstme nei de soepelheid fan in elastykje. Miskien sit ik der folslein neist, mar dat is wat der bart mei keunst: je jouwe it oan de wrâld en dan is it fan de lêzer, of skôger, dy’t der mei dwaan mei wat hy wol. In fragmint:

het verjaarskado

Stok stond stijf. Stokstijf. Hij kon niet anders. Praten, praten, praten. Daar legde hij zijn hele ziel en zaligheid in; dan voelde hij dat hij gelukkig was. Rijk aan taal, dat maakte hem rustig. Stokdweil, stokankers, stokbrood, stokvis…

Perio

Tegearre mei Anneke hie Willem útjouwerij Perio, in lytse útjouwerij wêr minsken abonnee fan wêze koene. Lytse boekjes, stik foar stik keunstwurkjes, rûgelen sa de brievebus fan sa’n tachtich abonnees yn. In lytse seleksje fan de utjeften Alpha en Omega – 40 beginnen en einden van zogenaamde damesromans (1992), De teloorgang van het Laaxumer vishok (2018), Papierfiskjes lêze net en oare ferhalen (2018), Nostalgie. Boomers / Nostalgie. Vroeger was alles beter (2019), skreaun yn de Skriuwersarke yn de Feanhoop, wêr hy en Anneke in pear kear moannenlang ferbleaun ha. Ek de gedichten fan Kees, syn ymaginêre broer, fûnen in wei nei de lêzer fia Perio.

Yn 2022 noch joech hy syn lêste boek út: Bokke Heidehipper en syn doarpsgenoaten tsjin Gloeilampe Anton, skreaun troch Willem en yllustrearre troch Richard Bos. Bokke Heidehipper is in âlde bekende, troch Perio yn in nij jaske stutsen. De strip wie fan 1947 ôf jierrenlang deistich yn de Heerenveense Koerier te lêzen. In jier earder ferskynde it boek Sjen, dat in kar út it wurk fan Willem jout en by gelegenheid fan syn 75e jierdei ferskynde.

Willem Winters, lêzen op in strân

Willem Winters, lêzend op in strân

Neist eigen wurk, joech Perio ek wurk fan oaren út. It earste stripboek – de Fryske oarlochsstrip De F.K.P – fan de doe noch 15-jierrige Skelte Braaksma bygelyks. In wichtige earste stap yn de rinbaan fan de jonge stripmakker, it makket dúdlik wêr’t de tekst ‘inspirator’ op de roukaart op slacht.

It ynspiratorskip gie meastentiids fia de keunst, kitsch en boeken. Yn de pear jier dat ik Willem kin hat hy my in protte boeken oanrikke. Boeken om thús iepen te slaan as neislachwurk foar myn eigen wurk as skriuwer. Of foar it petear oer boeken of skriuwers. Keunst as ferbiner tusken minsken.

Samler 

Wa wolris by Willem thúswest hat, wit it: hy wie in samler. Yn harren hûs oan de Beethovenstraat komst eagen te koart. Dat begjint al sadree de foardoar iepen giet en ast in earste blik op de gong werpe kinst. In fitrinekast mei Russyske kamera’s, muorren fol mei skilderijen en parafernalia. De keuken is de tentoanstellingsromte foar in samling herteskilderijen en oanferwante bisten, fansels ek dy fan Han van Meegeren. Wat it measte opfalt yn syn wenkeamer beneden – Anneke hat har wenromte boppe – binne de kasten oerweldigjend fol boeken. Pas yn twadde ynstânsje sjochst dat ek hjir de muorren folhingje, en kinst Sjoerd de Vries, Anne Feddema, Jochem Hamstra, Boele Bregman, Willem van Althuis, Sies Bleeker en noch folle mear op it pleisterwurk gewaarwurde.

Kitsch

Wat der net mear hinget, mar wat in ôfgryslike eye-catcher wie, wie it grutte skilderij fan Peter Klashorst boppe de bank. Sjoen de lokaasje wêr it hinge ferwûnderet it net dat dit in kado wie dat Willem krige nei oanlieding fan in in jierrenlange searje stikjes Boven de bank, dy’t hy skreau foar de útnûgings dy Galerie Hoogenbosch de doar útdie foar harren eksposysjes. Yn ruil dêrfoar mocht Willem fan de eigners Atze Hoogeveen en Dieuwke Bosch in skilderij útkieze, it waard dus dat wanstaltige skilderij fan in dochs betûft keunstner, in berchlânskip, in hiel goede parody op it wurk fan Bob Ross. It wie sa’n typysk foarbyld fan Willems leafde foar de soms fage skieding tusken keunst en kitsch. Hoewol dus de kwaliteit fan it skilderij fan twiveleftich kaliber wie – mar oer smaak falt net te twisten fansels – slute it wol hiel goed oan by de hûnderden snieballen yn de finsterbank.

De swarte boekekast tsjin de bûtenwand docht ferslach fan in allesfretter oan boeken yn Frysk en Nederlânsk, mar ek Dútsk en sûnder twifel oare talen. Boeken oer keunst, dichtbondels, literatuer fanút de hiele wrâld, berneboeken, boeketreeksen, non-fiksje, bysûndere útjeften, skoalboekjes, strips, ynformatyf en ik sil grif in oantal kategoryen ferjitten wêze. Dy boekekast stiet sa grôtfol boeken dat de houten balken op de fundaminten foarich jier fersakken en in grutte operaasje nedich wie om de kast te leegjen en de flier te ferstevigjen. It liede ta in post-Perio publikaasje: in boekje mei dêryn in smaaklik ferslach fan dizze hachlike ûndernimming dat de twa as nijjierswinsk ferstjoerden nei al harren freonen en kunden.

Wy swije yn dit stik wyslik oer de samling dy’t de souder ryk is

Nutteleaze doaze

Oer syn sammeljen en oer sammeljen yn it algemien skreau hy yn 2021 yn de Moanne yn it artikel Oer in nutteleaze doaze en wat dy op gong brocht: ‘”De patafysici trekken door de wereld met belangstelling voor alles wat op hun weg komt. Zij leggen wilde verzamelingen aan, ordenen zonder tot een orde te geraken.”

By in soad minsken sit it sammeljen yn it bloed, is it in psychyske needsaak. Under fotografen fine wy bysûndere figueren, radikale samlers dy’t fan harren samling fotoboeken meitsje.

Ik krige krekt yn dizze tiid it fotoboek Scheve Palen fan Onno Blase. Brike peallen binne foar him in obsesje; sjocht er in skeane peal, dan makket hy dêr in foto fan, dêrnei bewurket hy dy sa dat de peallen wer fertikaal steane, mei as gefolch dat no de omjouwing nei ien kant oerhinget. Ut de 1400 skeve peallen dy’t er oant no ta sammele, keas er in lytse 300 foar it boek. Dêryn blêdzje is in aventoer.

En ik? Hoe kom ik út dit wylde linespul? Altyd sammele ik fan alles, mar no haw ik in aardige eftergrûn. Ik gean altyd mei myn fototastel op paad. Ik sjoch wat, meitsje in foto en foar’t ik it wit is dat it begjin fan in nije samling. Sa gong it mei de wite plestik terrasstuollen, de bolfoarmige strjitlampen, read-wite ferkearslinten en geleidebuorden en no de ôfwetteringsbuizen lâns muorren. Dêr is nochal wat kreativiteit yn stoppe. It liket wol oft de slangen oan in slangebeswarder ûntsnapt binne.’

Myn soan Marten is ek sljucht op eigenaardige, dadaïstyske boeken, teoryen en dingen dy’t net kinne, sa as it bouwen fan in skip fan papier-maché. Hy skuorde him de bûsen út fan it laitsjen doe’t ik him de skeane peallen fan Onno sjen liet. Hy die in greep yn syn foto-argyf: om de safolle tiid makket hy in foto fan de klep fan syn ôfwaskmasine, foldript mei smoargens. Mar ast goed sjochst, is der dochs sprake fan estetika. Ek by de skeane peallen, de wite plestik terrasstuollen ensfh. Earst tinkst dat dat simpel is. Dat is net sa.’

Heerenveense School

Christo

Willem wie de lêste der Mohikanen fan de saneamde Heerenveense School, de ploech keunstners en keunstminnende freonen út it Fean: Sjoerd de Vries, Boele Bregman, Thom Merkuur en Sies Bleeker. Krusjaal yn syn ûntwikkeling as keunstleafhawwer wie de trip dy’t hy makke mei in part fan dizze freonegroep: Thom Merkuur, Hylke Wierda en Sies Bleeker nei Dokumenta yn Kassel yn 1969. ‘De triennen sprongen my yn de eagen’, skreau hy dêr oer yn it stikje Christo’s lêste pakjes

Anneke moete hy by de drumband yn it Fean. Mei har is hy twa kear troud en krige hy yn 1969 in soan, de keunstner Marten Winters. Doe’t Willem op prinsipiële grûnen de tsjinstplicht wegere, moast hy ferfangende tsjintplicht dwaan yn Den Haach wêr hy te wurkjen kaam by de Nederlandse Staatscourant as korrektor, in baan wêryn hy it fanwegen it lêzen fan de politike stikken tige nei syn sin hie. Anneke wurke op dat stuit yn Leiden as learlingferpleechkundige. Toen ûnferwachts in swangerskip har oankundige, kamen sy werom nei Fryslân wêr Marten berne waard yn it Fean en de trije fia in koart yntermezzo yn Gersleat yn Aldwâld delsaaide. Willem studearre yntusken sosjology oan de RUG yn Grins, tsjin de winsk fan syn âlders yn, mar it boargerlike miljeu fan de húshâlding wêr hy útkaam lei doe al fier efter him, al jong hie hy besletten syn eigen paad te folgjen. Nei syn bul wurke hy as mbû- en hbû-dosint. Ek dêrop is de tekst ‘inspirator’ fan tapassing, desennia letter noch witte learlingen Willem te herinnerjen as bysûndere learkrêft. De sykte fan Parkinson makke yn 1992 in ein oan syn rinbaan as dosint.

Anneke wie yntins ferbûn mei Willem, yn de deistige soarch en ek yn it wurk. Sa lies sy al Willem’s wurk, die de redaksje fan de Nederlânsktalige útjeftes foardat it nei foarmjouwing gong. Op twa wurken nei, dy koe en woe sy net lêze: Ite en skite, oer de keutels van Ids Willemsma, ryk foarsjoen fan fotomateriaal. En it boekje Ik vreet je op, oer kannibalisme by minsken.

In jier lyn ferhuze Willem nei fersoargingshûs Greunshiem, wêr Anneke him eltse dei opsocht. De grutte bibleteek oan dada-boeken ferhuzen mei him mei, en ek dêr sieten de muorren al gau fol mei in seleksje fan de skilderijen dy’t earder op de Beethovenstraat hongen. 

Oer de beropskar fan Marten sei Willem ris tsjin in kunde: ‘Ik hie my net better winskje kind.’ Foar de ‘beropsdadaïst’ kaam dêr in oertreffende trep by doe’t Marten wurke oan in Merzbau yn Museum Dr8888, wêr’t omtinken jûn wurdt oan it feit dat Kurt Schwitters hûndert jier lyn Drachten oandie as ôfsluting fan syn dada-veldtocht. Schwitters wie Willems held, syn ynspirator. En Willem is in wichtige ynspirator west foar Marten as it giet om syn ûntwikkeling as keunstner. De musea yn binnen- en bûtenlân wêr’t sy tegearre hinne gongen, boeken en petearen oer keunst, de iepeningen fan eksposysjes en fansels dy folle muorren thús. Yn de moannen dat Marten wurke oan syn bouwurk yn it museum, wie Willem syn persoanlike dada-bibletekaris. Yn it wurk fan Marten is in nisje makke wêryn in tal fan Willem syn – dadaïstyske – Perio-boekjes lizze. In earbetoan oan syn heit.

Willem en Marten yn de Merzbau yn Museum Dr8888, foto Anneke van Renssen

Dat it lêste wurk dat Willem sjoen hat fan Marten in hjoeddeisk antwurd is op de doetiidske Merzbau fan Schwitters – en dat neist Marten syn Merzbau boppedat in orizjinele Schwitters hinget – makket it hast syklysk: it dadaïsme komt fia Willem by Marten, en fia Marten wer by Willem.

Op 28 april wie Willem oanwêzich by de iepening fan de eksposysje EIN PARADIES FÜR DIE NEUE KUNST Kurt Schwitters in Dr8888. Museumdirekteur Wybren Jorritsma betanke dy middei yn it bysûnder Anneke en Willem, wittende dat Willem in wichtige ynspirator west hat yn Martens wurk, mar fral ek omdat Willem doe al it beslút naam hie om net langer libje te wollen en kinnen.

Willems stim waard hieltyd sêfter, ferlern mear en mear oan krêft. Hy koe de wurden net altyd mear goed útsprekke en koe ek net altyd mear de wurden fine. Mar Willems stim ferliest op gjin inkelde wize oan krêft yn syn boeken, ferhalen en artikels. Hy sil mist wurde.

Sirkwy

Mear oer it wurk fan Willem Winters is te finen op it webstee fan Sirkwy

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels