Perron 1
Publisearre op 24 augustus 2020
WILLEM WINTERS –
nei G
ik gean net nei bommel om de trein te sjen
ik bin ûnderweis mei it boemeltsje nei G. yn koudum
dêr begjint myn dreamreis – winter ’64
ik stek myn kop ta it raam út
ik sjoch de snie yn ûnbidige wolkens omheech stowen
in man faget in paadsje op it perron
ruslân yn ‘e winter
it lânskip mei troika op ‘e staverse kafeemuorre komt
ta libben
foar it earst by har thús
spanning
it perron – 2020
ik sjoch nei alles,
fûn ik mar in slûfke mei deselde rook as oan har brieven
lâns de wei
lâns it kanaal
1 kilometer
noch altyd sniestoarm
pal der tsjinyn
it perron
de kjeld grypt my
ik kom yn it fiskershúske
heit en broer binne ielfiskers
hja wurket by philips oan ‘e rinnende bân
moai wurk seit se
docht de nedige hanlingen automatysk
de hiele dei tinke oer dingen
tinke
dreame
tsjin tolven hat har mem it iten klear
ik rûk it grientesop
broer komt yn ‘e hûs
sjocht nei it akwarium mei tropyske fisken
dêrneist lizze in stikmannich minyfûkjes
– wat sil heit mei dy fûkjes
– no, ja ‘k wit net
– set se mar út yn it akwarium
de dei is om
de sniestoarm jaget noch
de disel-elektryske trein gnoarret
stoppet altyd presys op itselde plak
spoar ien
der is mar ien spoar,
ik bin dat ek, ienspoarich.
hiel ûnhandich mei de froulju.
we prate ôf yn stasjon snits
dêr oeren sitte
’t wie dien
net oer
ik gean werom
it stoarmet
it reint
it spoar tusken koudum en molkwar in izeren gerdyn
ln winter lang
neat sizze
Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 3, 2020
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]