Skriuwer en dadaleafhawwer Willem Winters stoarn

TIALDA HOOGEVEEN –  Willem Winters (1946) is stoarn. De dadaleafhawwer, skriuwer, útjouwer, dosint, samler, keunstleafhawwer en sosjolooch is 77 jier wurden, lit in frou en soan efter en lit in ryk oeuvre nei. Nei sa’n fiifentritich jier Parkinson wie hy geastlik en lichaamlik op. Of sa’t op de roukaart stiet: Je leven was rijk, creatief […]

Willem Winters, de uterwaarden fan de keunst

TEKST: JACOB HAAGSMA Perio is de meast eigensinnige útjouwerij fan hiel Fryslân en, wierskynlik, fier dêrbûten. In titel as Ite & skite seit al genôch – en oars de plaatsjes wol. Willem Winters hâldt op mei it útjaan fan sokke nuveraardige miniatuerkes en hat it spul oerdien oan Hans van der Heijde. Earder dit jier […]

Slak slak: de sparsumens fan dichter Kees

ARJAN HUT –  Krekt op de dei dat Ljouwert foar de ivichheid ta City of Literature útroppen wurdt, sit ik mei in mysterieusk en beskieden bondeltsje yn de hannen. En mei beskieden (de ferlytsing is net denigrearjend bedoeld) bedoel ik dat it lytser is dan in nijmoadrich telefoantsje, dat der mar in pear gedichten op […]

Een kloek boek raakt niet zoek

JOSSE DE HAAN –  Willem Winters is yn de Frysk/Nederlânske útjouwers- en skriuwerswrâld in bysûnder fenomeen – syn útjouwerij Perio bringt om de safolle tiid tige aparte en bysûndere boeken en boekjes op ’e merk. It motto fan de útjouwerij is ‘een kloek boek raakt niet zoek’. It wurd kloek dêryn betsjut net grut, want […]

Bauke de Jong (1931 – 2015)

ARJAN HUT –  Wylst de rop om de grinzen te sluten klinkt en suver alle dagen wol ien as oare besoarge boarger yn it sjoernaal útropt dat ‘hja’ hjir komme om ús froulju en bern te ferkrêftsjen – want dat is de aard fan de man, de Arabier en de moslim – en de sharia […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.