Willem Winters, de uterwaarden fan de keunst

Publisearre op 9 oktober 2022

TEKST: JACOB HAAGSMA

Perio is de meast eigensinnige útjouwerij fan hiel Fryslân en, wierskynlik, fier dêrbûten. In titel as Ite & skite seit al genôch – en oars de plaatsjes wol. Willem Winters hâldt op mei it útjaan fan sokke nuveraardige miniatuerkes en hat it spul oerdien oan Hans van der Heijde.

Earder dit jier wie ik op besite by Willem Winters en syn frou anneks korrektor anneks redakteur anneks ponghâlder Anneke van Renssen, foar in stik yn de Ljouwerter Krante oer syn ôfskied fan Perio. Winters, ek noch sosjolooch en skriuwer, hat al mear as tritich jier lêst fan Parkinson, de freeslike sykte, en it waard him no tefolle. In pear dagen letter die bliken dat ik koroana ûnder de leden hie. Dat gie my wol oan it hert: ik soe dy kwetsbere minsken op leeftiid dochs net oanstutsen ha?

It foel ta, koroana teminsten, mar ek wer net. Anneke van Renssen blykte kanker te hawwen en moast nei it sikehûs. Willem Winters koe net allinne wenjen bliuwe yn it smûke, mei boeken en oare parafernalia folstoppe hûs oan de Beethovenstrjitte en ferhuze nei Greunshiem, it fersoargingstehûs oan de oare kant fan Ljouwert. Foargoed, sa’t it liket.

En hoe is it mei syn opfolger yn de direkteursstoel fan Perio? Dat is in ferhaal, of leaver in sykteskiednis, apart. Hans van der Heijde wie der wol fjouwer, fiif moanne troch út de running. ‘Een buitengewoon merkwaardige aandoening, waardoor ik eruitzag als de Elephant Man. Een abces, dat van alles ontstak. Ik had zo’n last, ik ging midden in de nacht naar het ziekenhuis en ik werd meteen op de operatietafel gedrukt. Ik zei nog, hm, dit is ernstiger dan ik dacht.’ De oarsaak lei yn in lyts hoekje: ‘een zwervende verstandskies’. Dy sit der noch yn, moat noch operatyf fuorthelle wurde. ‘De killer kies. Om zeep gebracht door je eigen verstandskies.’

Al dy ferhalen oer sykte en ferfal: men soe der in aardich boekje oer folskriuwe kinne, en dat hie dan grif net misstien yn de katalogus fan Perio. In lyts healjier letter leit it lân der wer efkes oars hinne. Anneke is ‘skjin’, Hans is ek wer better, myn koroana is in faach oantinken oan in wike neat-dwaan. Willem sit noch altiten yn Greunshiem, want ja, Parkinson, dat giet net mear oer, dat wurdt allinne mar slimmer.

De Moanne hie my frege om nochris omtinken te jaan oan Perio en hoe’t dat aanst fierder giet, mei Hans oan it roer. Willem hie dêr eins net sa’n sin oan, nochris op de praatstoel – it praten falt him swier hjoed-de-dei, dat benammen. Dat ik knip ek mar wat út it LC-ferhaal fan febrewaris. Soks passet ommers wol yn de estetyk fan dada, en dat is ek in prinsipe by Willem, Hans en Perio. Myn eigen stik as readymade, toe mar.

Hoesa dada? En hoe dada is Hans?

Soe dy wol de goede, dadaïstyske geast hawwe? Winters pakt in plestik sparpotsje, made in China, mei in fisk dy’t leven makket ast der in munt yn goaist. ‘Dy ha ’k fan him krigen. Dat ja, ik leau wol dat hy der gefoel foar hat.’

Ik besjoch de boekekast fan Willem yn Greunshiem, mei aardich wat boeken oer dada. Is Perio dan in fuortsetting fan dada, mei oare middels – of faaks deselde? Wat seit Hans dêrfan?

‘Nou, niet al te strikt’, fynt dy. ‘Dat Willem en ik allebei grote liefhebbers van dada zijn, dat is zonder meer waar, en dat beïnvloedt onze keuzes natuurlijk ook.’

Heleen Haijtema

Ah ja, wat is dada? It is in keunststreaming dy’t graach de boel op ’e kop set. Troch banale saken ta keunst te ferheffen bygelyks. De begjin- en einrigels fan Bouquetreeksboekjes sammelje en yn boekfoarm útjaan. Wêrom ek net?

Soks is suver in foarbyld fan in readymade, fan in objet trouvé. Banale saken ta keunst makke troch se as keunst te presintearjen. Oftewol: dada. Noch sa’n foarbyld: de Verzamelde gedichten fan Bob van Daalen, fan de houtwinkel oan it Noordvliet yn Ljouwert, bekend fan syn rymjende slogans. ‘Hout van Bob is top’, dat wurk. Skriuwer Kees ’t Hart wie ek anneks mei dy prachtich útjûne sammelbondel. ‘Dêr wiene guon minsken ferskriklik lilk om’, gnysket Winters. ‘Sa’n djoere útjefte foar sokke ûnnoazele gedichten.’

No ja, sokke dingen dus. Dat kin einigje yn in Perio-boek. Alles kin einigje yn in Perio-boek. Ek de oantinkens fan Willem en Anneke oan harren jierren yn Aldwâld en It Hearrenfean, in ‘damesroman’ skreaun troch Willem sels (ûnder pseudonym fansels), de keutels fan Ids Willemsma (Ite & skite), de stripferhalen fan Bokke Heidehipper en syn doarpsgenoaten tsjin Gloeilampe Anton (in held út Willem syn jeugdjierren op It Hearrenfean, hy hat in nije fersy meitsje litten) en ek dit.

Oer famylje sprutsen: op tafel leit ek in boekje fan Marten Winters. Net de soan fan Winters en Van Renssen en sels keunstner, mar syn pake, Winters syn heit. Dy skreau jierren nei de oarloch foar syn soan syn herinneringen op oan syn jierren as twangarbeider yn Dútslân, en wer jierren letter kaam dat út by Perio. In readymade, in stikje werklikheid dat amper filtere is.

‘It is hiel moai skreaun,’ seit Winters, ‘op in hiel drûge manier. Ofstanlik, nee, dat ek wer net. Mar nee, hy wie noait mear entûsjast te meitsjen. Ik tink dat er tefolle meimakke hat.’

Oarlochsherinneringen as readymade. Dada wie, betink ik no’t ik dit skriuw, ommers ek in reaksje op de ferskrikkingen fan de Earste Wrâldkriich, dus dat kin skoan.

Heleen Haijtema

Of dit: De Orbinthokaster, ‘een verhaal over een fietspomp en een imachinaire taal’, tink om de wurdboarterij. ‘Wat is dit foar in mâl boek jong’, rop ik út, en dat wylst de skriuwer, Hans van der Heijde sels dus, neist my sit.

No is it oan him, skriuwer, resinsint en pensjonearre dosint oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, om it fûns en de geast fan Perio libben te hâlden. ‘Ik ben Willem niet natuurlijk, maar als het om dit soort dingen gaat, zitten we wel op hetzelfde spoor.’

De earste Perio-útjefte út syn koker is in soarte ‘zwartboek’ oer de ferdwining fan in grut keunstwurk fan Auke de Vries, fan it terrein fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. Mei essays (fan Huub Mous bygelyks), in gedicht, foto’s, stikken út de Ljouwerter Krante (mei tastimming – ik doch neat nijs hjirre) en sels wurktekeningen fan De Vries sels. It keunstwurk is weromfûn yn Grou, oan stikken sage.

‘Waar het om draait is de vraag hoe zo’n kunstwerk zomaar uit het publieke domein kan verdwijnen’, seit Van der Heijde. Miskien wie dat ek wol in keunstsinnige died. Lykas de grutte Willem de Kooning wolris in tekening útgomje litten hat troch twa pop-art-keunstners, Robert Rauschenberg en Jasper Johns. It NHL-bestjoer hat nea op dy hypoteze reagearre.

It twadde is in blomlêzing fan gedichten út allerhanne talen en allerhanne tiden, oerset yn it Nederlânsk en it Frysk. ‘Met een dadaïstische inslag, maar er zit ook een van Goethe bij. Maar dan iets wat jij niet kent. Het moet goed vertaalbaar zijn en humor hebben.’ En in dwerse ynslach, ek dat graach.

De uterwaarden fan de keunst, sa omskriuwt Hans van der Heijde soks. Dat tekenet syn opfettings en foarkarren, dy fan Willem Winters en dus ek dy fan Perio.

Dada of net, dochs efkes tiid foar in stikje skiednis. Willem Winters wie dus sosjolooch, en de skiednis fan Perio is dêr ek mei ferbûn. Hy makke stúdzje fan de skiednis fan de pensjoenen yn Nederlân. Mei in kollega stelde er dêr ek in tentoanstelling oer gear. Dêr moast fansels in katalogus fan komme, en fan it jild dat dêrfan oerbleau is Perio oprjochte, yn 1984. Ferneamd nei ien fan de talloaze pseudonimen fan G.L. Jansen, dichter en grut foarfjochter fan it fenomeen pensjoen. Tink dêr mar ris oan as jo der aanst, of no, oan ta binne.

Fan Perio sil nea immen ryk wurde, nea. Sûnder subsydzje hie it net kinnen, en dan noch. ‘Ik zei wel eens tegen Willem,’ seit Anneke, ‘volgens mij heb je weer de postzegels van het huishoudgeld betaald.’ Neidat se ophold fan wurkjen – se wie direkteur fan it Ljouwerter Filmhuis en fan it Noordelijk Film Festival – hold se har dwaande mei de praktyske kant fan de útjouwerij. De sinten − ‘daarom had ik dat door, van die postzegels’ −, de korreksje, de redaksje.

Mar net fan Ite & skite, dat boek mei de samle keutels fan Ids Willemsma. Dat hat se wegere. ‘Even los van dat het onsmakelijk was, vond ik het ook echt helemaal niks.’ It hie gjin substânsje, tink. Dada, Perio of net: ja, it kin allegearre, mar it kin dochs ek te fier gean. 

Jacob Haagsma is kultuerredakteur fan de Ljouwerter Krante

NB De swartdrukte sitaten binne earder ferskynd yn it artikel ‘De werklikheid in triuw jaan’ dat Jacob Haagsma yn febrewaris fan dit jier skreau foar de Ljouwerter Krante.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels