De ljedder

SJOERD BOTTEMA –

 

Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, wit beppe it praat altyd geande te hâlden: ‘…se eamele ûnfersteurber troch – ‘kwòòòk?’ – socht de aaien út de jirpelbakjes op ’e souder – ‘kwòòòk?’ – lei sa út en troch ien fan de bisten mei de kop op it hakblok en koarte mei de bile – ‘kw?’– de hin in eintsje yn.’

Ien fan de taferieltsjes út it deistich libben fan de famylje Nauta, pake en beppe, heit en mem, omke en muoike, mei-inoar wenjend en buorkjend op in pleats ûnder Frjentsjer, sjoen troch de eagen fan de jongste telch, Jacob Nauta, dy’t njoggen jier is as de oarloch begjint.

Yn 2000 wûn Koos Tiemersma in Rely Jorritsmapriis mei it oarlochsferhaal ‘Job / in alter’. Ferskate fan de ynstjoerde ferhalen hiene de oarloch as tema. Net elk wie dêr like entûsjast oer, skreau de sjuery yn har rapport. ‘Dêrom is it namste opfallender dat krekt Tiemersma syn ferhaal it dochs helle hat.’ De tsjokke debútroman De ljedder hat it Relyferhaal as útgongspunt. De sjueryleden fan 2000 sil dy roman nei alle gedachten noch better noaskje as it ferhaal dat hja mei in Relypriis bekroanden, want it boek is folle minder in oarlochsroman as dat ‘Job’ in oarlochsferhaal wie. Fan it boek giet sa’n fjirtich persint min ofte mear rjochtstreeks oer de oarloch, de oare sechstich persint hat dêr amper wat mei te krijen: dêryn wurde foarfallen beskreaun, faak net sûnder humor, lykas hjirby oanhelle.

Jacob Nauta begjint op syn 56e mei it opskriuwen fan syn oantinkens oan de oarloch en makket dêrby fan de need in deugd: ‘Hy koe net oars, it ferline liet him net los, benaude him. As er no ris opskreau wat er yn syn jeugd meimakke, soe er dy jierren miskien ôfslute kinne, sa tocht er.’ Sintraal stiet Job Wassermann, in Dútske joad dy’t yn de oarloch in skoftke ûnderdûkt west hat op de pleats fan pake en beppe. Job Wassermann is begroeven op it ‘joadeplak’, in joadsk begraafplak tichteby de pleats dêr’t er ûnderdûkt siet. Jacob Nauta stelt him foar hoe’t er nei dat begraafplak ta rydt, mei sân basaltblokken. Sân stiennen omdat Jacob sân in moai bibelgetal fynt. ‘Hy soe se yn de lege hoeke dellizze, ien foar ien foar ien. Sa soe er Job betinke, by elk blok in gedachte.’ It getal sân is yn de opbou fan it hiele boek werom te finen: sân haadstikken, op haadstik sân nei hyltyd ûnderferdield yn in ynlieding, sân flashbacks, in tuskenstik ûnder de titel ‘De ljedder’, en nochris sân flashbacks. It sande haadstik hat gjin ûnderferdieling en telt mar twa siden. De ynliedingen en de tuskenstikken geane oer it lizzen fan de stiennen, de gedachten dy’t Jacob derby hat en syn petear mei fjouwer studinten dy’t dwaande binne mei it opknappen fan de grêfstiennen op it joadeplak. Oan ien fan harren fertelt er (parten fan) syn ferhaal. Dy rekket dêr sa fan ûnder de yndruk dat hja Jacob oantrunet in útjouwer te sykjen. De tuskenstikken wurde ynlieden en ôfsletten mei in kursyf, dêr’t it boek syn titel oan ûntlient: Jacob daalt in ljedder ôf, trieme foar trieme, elk haadstik in trieme leger. It ôfdalen fan dy ljedder is in metafoar foar de reis nei it ferline.

Sân haadstikken dus, by elk blok in gedachte, in floed fan gedachten, foar in part oer of yn ferbân mei Job, mar foar in noch grutter part oer fan alles en noch wat, sûnder rjochtstreeks ferbam mei de oarloch: oer de spultsjes mei omke Geart, it flokken fan feint Sjoerd, ferdwale by it aaisykjen, beppe en har hinnen, it
sljochtsjen en begrintsjen fan de reed, muoike Gel har ûngelokkige leafdesaffêre mei in seeman, Jacob syn skûlplakjes, seksuele foarljochting troch Sjoerd, swierrichheden mei de jarrepomp, pakes keunstje mei syn nije tosken, Jacob syn wyklikse waskbeurt, Jacob syn postsegelsamling, in famke fan ûnderen besjen, stjonksigaren smoke, beppe har earste stofsûger, Jacob syn earste ferkearing, in ritsje yn de frachtauto fan de smid – om mar ris wat te neamen.

Dy stikjes ha trouwens mear wei fan in smaaklik opheljen fan jeugdoantinkens as fan in skuldbewust fan jin ôfskriuwen fan in benearjend ferline. Hoewol’t dat dus net hielendal kloppet mei de driuwfear fan Jacob syn skriuwerij, is it boek der net minder om. Krekt oarsom, yn dy stikken is de skriuwer op syn sterkst, folle oertsjûgjender as yn it eigentlike ferhaal, it ferhaal oer Job Wassermann, dat net altyd like oannimlik is. De reden bygelyks wêrom’t Job Wassermann in ûnderdûkadres by Frjentsjer socht, is nochal ûnwierskynlik. Jacob Nauta slagget der ek net yn om dat fierder út te djipjen, syn speurtocht nei de eftergrûnen fan Wassermann smyt amper wat op. Dat it barren yn de oarloch in djippe yndruk makke hat op de doe alvejierrige Jacob Nauta seit himsels, mar wêrom’t er oant op syn santichste oantangele sit mei sa’n djip skuldgefoel, teminsten sa liket it, wurdt net rjocht dúdlik: der is gjin inkele reden wêrom’t er him ferantwurdlik fiele moatte soe foar de tryste ôfrin.

Net it eigentlike ferhaal dus, mar it dekor dêromhinne soarget derfoar dat dit boek boppe himsels útstiicht: hoe’t de jonge Jacob Nauta fan syn njoggende oant alfde jier de wrâld om him hinne waarnimt en belibbet. It binne dy passaazjes dy’t rinne as in trein en dy’t je ynnimme foar de minsken yn it boek, mei al har lekken en brekken. Behalve foar comic relief soargje dy stikken ek foar ferbreding en ferdjipping, net allinne it hâlden en dragen fan minsken yn in benearjende, gefaarlike sitewaasje wurdt úttekene, mar ek har gewoane dwaan en litten. It strookt ek moai mei Jacob syn idee dat de werklikheid bestiet út lagen, ûnder de boppeste laach sit in djippere laach en dêrûnder wer in oare laach ensafuorthinne: elk antwurd ropt wer in nije fraach op, de sirkel wurdt noait rûn.

Dat Job syn hûn Levi-Strauss hjit – foar in hûn in wol wat wûnderlike en útwrydske namme – sil yn dat ferbân syn reden ha: de antropolooch Lévi-Strauss hold him dwaande mei it oan it ljocht bringen fan ûnbewuste struktueren yn de taal, de godstsjinst, de sosjale betrekkingen ensf. It slagge him ‘allerlei significatiesystemen fan primitieve volkeren te beschrijven en te formaliseren als voorterrein van ingewikkelder cultuurpatronen’ (Winkler Prins). Job syn hûn is dan ek in hûn mei twa gesichten.

En symboalysk foar deselde idee is it skilderij dat by de Nauta’s oan de muorre hinget. De Nauta’s hawwe der aardichheid oan en freegje elkenien wat der no krekt op dat skilderij stiet: in hoeder mei trije skiep of mei trije geiten? Oan dy striidfraach ûntlient it skilderij ek syn namme: it-skilderij-mei-de-hoeder-en-trije-skiepof-binne-it-geiten. Jacob betinkt noch in tredde oplossing: ‘Koe it net sa wêze dat wy in foarbygonger mei trije hûnen seagen?’ Mar letter ûntdekt Jacob dat ûnder it skilderij fan de hoeder op de stille heide in oare foarstelling sit: dat fan in kolkjende see mei in skip yn need.

It ûntdekken of it fermoeden fan in ferburgen of oare werklikheid komt op alderhande nivo’s yn it boek foar. Yn Ingelum, dêr’t Jacob yn it begjin fan de oarloch in skoftke wenne hat, slane de jonges gauris by it fleanfjild om en fergapje harren oan de Dútske Messerschmitts. Dat wurd ha de jonges ferbastere ta ‘Messesmiters’: ‘Dêrmei waard ek de betsjutting helder, ús eagen sochten en fûnen de iepeningen yn de romp dêr’t de messen troch ôfsketten waarden. Ek ûntdutsen wy tusken de bommen en kûgels de kisten mei knyften achterop de frachtweinen.’ Mei muoike Gel har seeman is it dochs oars ferrûn as elkenien ynearsten tocht, oer de dea fan omke Geart komt Jacob bytsje by bytsje wat mear te witten mar noait hielendal it fijne fan ’e saak.

En dat jildt ek foar Job Wassermann: guon fragen bliuwe iepen. Dat de werklikheid him sa dreech kenne lit en hyltyd wer oare, nije gesichten sjen lit, hat te krijen mei de tiid – de oarloch – en mei de leeftyd dy’t de ferteller doe hie: Jacob Nauta wie noch mar in bern en waard troch de folwoeksenen om him hinne ek sa
behannele. In soad waard foar him dus ferburgen holden of ferdraaid. Boppedat binne de Nauta’s net sokke praters mar swijsume klaaikers. ‘As der wat sein waard, gie it meastentiids oer kij, jild, lân, it waar en dan wer oer kij.’ Hiel oars as harren feint Sjoerd, in wâldpyk en in praatbekje, dat oeral wat oer te melden hie, ‘ek oer dingen dy’t it praat net wurdich wiene. ‘Sjoch, de trein!’ sei er as er de trein seach. In Nauta sei yn sa’n gefal neat, de oaren koene de trein sels wol sjen, of net? Wy tóchten net iens fan ‘sjoch de trein’, dat hie neffens ús gjin doel.’

Fandatoangeande is Jacob in echte Nauta. Dat der safolle fragen oerbleaun binne, hat er foar in part oan himsels te witen: ‘Wêrom luts er de mûle net iepen as er de kâns hie? Ivich en altyd wie er te let mei sokke dingen. Hy wist it fan himsels, earst neitinke, nochris de dingen hifkje en alle katten fan de hiele wrâld út de beam sjen om der dan achter te kommen dat er de trein miste en ferwezen op it perron fan syn gedachten achterbleau.’

‘Jacob Nauta rjochtet mei dit boek én yn it boek in monument op foar Job,’ lêze we op de efterside – mar hy docht dat likegoed of eins namste mear foar syn pake en beppe, syn heit en mem, syn omke en muoike. Gelokkich mar, want dêryn benammen leit de krêft fan dit boek, dat sûnder mis in útsjitter yn de Fryske literatuer neamd wurde mei, neffens de flaptekst ‘yn in folslein eigen styl, fol poëtyske bylden, djipsinnich en humoristysk tagelyk.’ En dêrmei is gjin wurd tefolle sein.

 

 

Earder ferskynd yn de Moanne 1 (2002) 1 (septimber/oktober), s. 59-60.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.