Herinnerje Jan J. Bylsma 1931-2021
WILLEM WINTERS / ANNEKE VAN RENSEN –
Jan Bylsma is ferstoarn. Syn faaks wat iroanyske gedichten bestean foar 99 prosint út gewoane deistige wurden. Dat hie ta doel dat gewoane minsken syn gedichten – wat nea lange ferhalen waarden – lêze en begripe koenen.
de echt klassike poëzij
dat is nou neat foar my
Yn it gedicht Koart Frysk poëtysk lexikon jout er in pear foarbylden:
leavje stiet foar nocht deron
moaie lea foar boarst en kont
immen nimme
bitsjut gewoan
fan ‘e kruk gean
Mei in hantsjefol sokke wurden moat de dichter him rêde. Yn ferskate gedichten skriuwt hy oer himsels as dichter en as persoan.
jow my de gekken mar,
de idioaten en de nuvren
dy binne meast wol aerdich no?
Op de Skoattermerke rint hy folslein ferlern en yn ‘e war tusken de tûzenen minsken.
in stedsjer op skoattermerke
it sil ferdomd nea wenne
De Fryske dichter dy’t optreedt op in boekejûn is, [hysels] in idioat. Nostalgy is him net frjemd. De sfear fan de jierren fyftich wit hy op te roppen troch it simpele opskriuwen fan bekende nammen en produkten:
brilcriim
ester williams
eddy christiani
akkordiola
De dichter dichtet:
jow my dat bytsje wurden mar nedich foar ien ferske
foar dy pear
foar dy pear
byneed dy iene
sa’n ferske skriuwe falt net ta
al is it meast in trúkje
Hjir hellet hy de dichter nei beneden, set him mei de fuotten op ‘e grûn: dichtkeunst wurdt in trúkje. Welke dichter seit soks fan syn wurk?
Wichtich foar de dichter is it literêr klimaat, yn de jierren ’60-’70 liket der in soad feroare. Mar, mient Bylsma, it liket mear as ’t is:
de sinne giet wol op
de sinne giet wol ûnder
in fryske boer telt lykwols
net syn kloaten
de heare joech him twa
dêr ’t hy goed wiis mei is
en as hy telt
sa út en troch
dan is dat grif
syn molkgild
Bylsma mocht graach nei jonge froulju sjen:
twa famkes fan sa’n achttjin jier
sieten tsjinoer my yn ‘e bus
de famkes gnize en harren eagen sizze,
– sjochst dy fize
âld-keardel ús
wol biloeren…
Hy giet nei it sirkus om de akrobates
mei har weelderige
billen en har
steande boarsten
yn it sulver
Omsjouwend op de Skoattermerke sjocht ‘er hoe de minsken binne’, banaal:
iel fette woarst
petat en blommen
dronken boeren
om acht oere moarns al
En slagget it him in ferske op papier te krijen dan freget er him ôf:
wat sil dat
lytse ferske noch
dêr sit gjin
hannel yn
Bylsma wie learaar Nederlâns oan de HBS. Of hy dêr nocht oan hie? By syn 25 jierrich jubileum sei er: ‘Mijne heren, dit is geen verdienste, maar een gebrek aan initiatief.’ Yn it gedicht oer dit jubileum:
sear docht it
yn ‘e holle
as hy himsels
praten heart
Altyd like fleurich hjit ien fan Bylsma’s dichtbundels mei in skriemend masker op it omslach:
né-né-fral-net skrieme
kom jonkje helder op en altyd like fleurich
Ta beslút: Bylsma hie in boadskip foar syn literêre freonen:
as stedstjer haw ik net
ien marre rotmoer
mei jim út to stean
ik jow jim mar dit boadskip mei
dan ha jim hwat gegevens foar in treflik in memoriam
Dit yn memoriam bestiet út flarden fan de gedichten fan Jan J. Bylsma, Willem Winters en Anneke van Renssen.
Wat in prachtige samling fan typyske JJB gedichtsjes! Dat fan dy twa famkes fûn ik sa werom yn myn multomap mei oertype gedichten fan doe’t it ik ek in jier of achttjin wie:
twa famkes fan
sa’n achttjin jier
sieten tsjinoer my
yn ‘e bus
ik seach nysgjirrich
de details ris nei
want it wie de
muoite wol
fral de ljochte hie
dat hiel aparte
dat tige froulike
dat great geheim
dêr staette se de
oare oan en
gniisde efter
’t hantsje
yn har eagen stie
it boadskip
kleardernôch te
lêzen sa fan
-sjochst dy fize
âld-keardel ús
wol biloeren….
en dan bist
fiifentritich en moai
tefreden mei dysels
En dan dizze noch:
de minor poet
is lytser as
de greate dichter
it skilt sa
likernôch in
tweintich poun
syn tinzen gean
ek net sa heech
dat skilt wol
tweintich foet
yn ‘e lieteratuer-
skiednis heart hy
by de lytse letterkes
dat skilt in
heale side
hy jout wol treast
dat wol dat skilt
in trien twa trije