fotografy: Christo

Christo’s lêste pakjes

WILLEM WINTERS – 

1968, mei ús fjouweren ride wy nei de 4e Dokumenta yn Kassel: Thom Mercuur, Sies Bleeker, Hylke Wierda en ik. Dêr waarden wy ûnderdompele yn de moderne, hiel moderne keunst. De bek foel ús iepen by it sjen fan de weake objekten fan Claes Oldenburg en de blikjes ‘poep fan de keunstner’ Piero Manzoni.

 

De triennen sprongen my yn ’e eagen.

 

Ik helje de katalogus fan souder. Dy is slim oanfretten fan’e mûzen. Sa net de kuenst fan Edward Kienholz, Tom Wesselmann, Joseph Cornell, Robert Indiana, David Hockney, Donald Judd, Martial Raysse en in soad oaren. En fansels Christo de ynpakker, dy’t in gigantyske fallus oprjochte hat, fan 85 meter! Sûnt dy tiid hat er hieltyt gruttere projekten úttocht, assistearre troch syn frou.

Ik haw der noch twa fan sjoen: ‘Floating Piers’, fan in pear jier tebek. Dat wie wol megalomaan, mar troch de tûzenen toeristen ferbroazele it byld. In soad yndruk makke dêrtsjinoer de ynpakte Reichstag. Doe’t ik út de bus stapte oerweldige my dat wite, ‘ûnskuldige’ bouwurk. De triennen sprongen my yn ‘e eagen.

Christo (1935-2020) hie syn wurk dien.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.