Oer in nutteleaze doaze en wat dy op gong brocht

Publisearre op 15 oktober 2021

WILLEM WINTERS – 

Alles van geen waarde is nog niet waardeloos

vrij naar Lucebert 

Ik krige fan Hans van der Heijde in heimsinnich doaske. Dat wie it begjin fan in searje foarfallen dy’t fan grutte ynfloed op my wiene. Ik sil dêr in koart ferslach fan jaan.

It doaske fan Hans mjit 14 x 8 x 7,7 sintimeter. Op it lid stiet Useless Box. Der sit in meganyk yn dat de folgjende fertoaning fersoarget: do triuwst de knop om, it deksel wurdt omheech treaun. In meganysk hantsje komt nei bûten en triuwt de knop wer yn de begjinstân. It giet allegear supersnel, it doaske klapt wer ticht en do hast net sjoen hoe’t it krekt wurket. Dus do triuwst nochris en nochris, mar it helpt neat. It is en bliuwt in useless box.

O ja? Hy jout dochs guon in soad wille, oaren ergernis. Dat is dochs in nuttige funksje?

It is in paradoks. It is in patafysyske masine.

Nei oanlieding fan de useless box petearden wy hiel wat ôf. Hoe siet it mei it nut en ûnnut fan de dingen? It nuttichheidsprinsipe – alles wat ik doch moat bydrage ta it gelok fan elkenien – brocht de filosoof Jeremy Bentham ta frjemde ekstremen. Hy regele it sa dat hy ek nei syn dea by de diskusjes oer syn ideeën wêze koe. Mar… wat moat ik mei sa’n box? Patafysika, wat is dat eins? 

It nut fan nut

It duzelt my, wylst Hans suchtsjend útbringt: ‘Wat is it nut fan nut?’ Dêrtroch reitsje wy opnij ferdwaald yn de krochten fan de filosofy.

Hy bringt my ek yn ’e kunde mei it geweldige boek Atlas van de imaginaire verklaringen – Handboek voor de patafysicus. Tekene troch Willem Vanhuyse, krap 400 siden mei hûnderten wûnderlike tekeningen. Dat de patafysika de wittenskip fan ’e tinkbyldige oplossingen is, dy’t siket nei de wetmjittichheden fan de útsûndering, mei ik dan net fuortendaliks begripe, Vanhuysens atlas bringt dy op plakken yn de wrâld dêr’tst gjin weet fan hiest. Hans wie alhiel yn ’e ban fan dy teoryen en apparaten.

Meikoarten komt by útjouwerij Perio syn boek út mei de wûnderlike en útnûgjende titel De Orbinthokaster; mens, machine en holle taal. Hy fûn ynspiraasje by Vanhuyse en de patafysika. It boek giet oer Schoffer en syn buorman, dy’t yn gearwurking in masine konstruearje dy’t fan beliedsnota’s mei kromme ûnlogyske redenaasjes bakte lucht makket.

Willem Winters

De Nederlandse Academie voor Patafysica skriuwt op syn webside: ‘De patafysici trekken door de wereld met belangstelling voor alles wat op hun weg komt. Zij leggen wilde verzamelingen aan, ordenen zonder tot een orde te geraken.’

By in soad minsken sit it sammeljen yn it bloed, is it in psychyske needsaak. Under fotografen fine wy bysûndere figueren, radikale samlers dy’t fan harren samling fotoboeken meitsje.

Ik krige krekt yn dizze tiid it fotoboek Scheve Palen fan Onno Blase. Brike peallen binne foar him in obsesje; sjocht er in skeane peal, dan makket hy dêr in foto fan, dêrnei bewurket hy dy sa dat de peallen wer fertikaal steane, mei as gefolch dat no de omjouwing nei ien kant oerhinget. Ut de 1400 skeve peallen dy’t er oant no ta sammele, keas er in lytse 300 foar it boek. Dêryn blêdzje is in aventoer.

En ik? Hoe kom ik út dit wylde linespul? Altyd sammele ik fan alles, mar no haw ik in aardige eftergrûn. Ik gean altyd mei myn fototastel op ’en paad. Ik sjoch wat, meitsje in foto en foar’t ik it wit is dat it begjin fan in nije samling. Sa gong it mei de wite plestik terrasstuollen, de bolfoarmige strjitlampen, read-wite ferkearslinten en geleidebuorden, en no de ôfwetteringsbuizen lâns muorren. Dêr is nochal wat kreativiteit yn stoppe. It liket wol oft de slangen oan in slangebeswarder ûntsnapt binne.

Estetika

Marten Winters

Myn soan Marten is ek sljucht op eigenaardige, dadaïstyske boeken, teoryen en dingen dy’t net kinne, sa as it bouwen fan in skip fan papier-maché. Hy skuorde him de bûsen út fan it laitsjen doe’t ik him de skeane peallen fan Onno sjen liet. Hy die in greep yn syn foto-argyf: om de safolle tiid makket hy in foto fan de klep fan syn ôfwaskmasine, foldript mei smoargens. Mar ast goed sjochst, is der dochs sprake fan estetika. Ek by de skeane peallen, de wite plestik terrasstuollen ensfh. Earst tinkst dat dat simpel is. Dat is net sa.

 
 
 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels