• 16 mei 2023

    TIALDA HOOGEVEEN -  Willem Winters (1946) is stoarn. De dadaleafhawwer, skriuwer, útjouwer, dosint, samler, keunstleafhawwer en sosjolooch is 77 jier wurden, lit in frou en soan efter en lit in ryk oeuvre nei. Nei sa’n fiifentritich jier Parkinson wie hy geastlik en lichaamlik op. Of sa’t op de roukaart stiet: Je leven was rijk, creatief en eigenzinnig. Schrijver, lezer, gesprekspartner, uitgever, kunstgenieter, verzamelaar en reiziger: [...]

  • 24 augustus 2020

    WILLEM WINTERS -      nei G   ik gean net nei bommel om de trein te sjen ik bin ûnderweis mei it boemeltsje nei G. yn koudum dêr begjint myn dreamreis - winter '64   ik stek myn kop ta it raam út ik sjoch de snie yn ûnbidige wolkens omheech stowen in man faget in paadsje op it perron ruslân yn 'e winter [...]

  • 10 augustus 2020

    ERIC HOEKSTRA -  Der is mar Ien perron. It is it Perron by de stêd mei de namme fan it Fean. It Fean hat syn namme krigen fan it fean dat de Heare sa gol yn it Suden fan Fryslân waakse litten hat. Sadwaande ek de namme Hearefean, mar dy is letter troch oanhingers fan ôfgoaden en oare hearen yn ‘e moderne tiid ferbastere ta [...]

  • 17 juli 2020

    ALBERTINA SOEPBOER -  Op in stasjon kinst fuortgean of oankomme. Fuortgean, dat is in fierte yngean dy't net bekend is, dy't fragen opropt en miskien letter in kear antwurden jout. Fuortgean, dat is dy nuvere miks fan gefoelens op de grins fan langstme en pine. Ik wol in antwurd, dat is myn langstme, mar as dat net komt, wat doch ik dan? Dan bliuw ik [...]

  • 21 augustus 2019

    JAAP KROL -  Freedtemiddei, begjin maart. Ik bin op stasjon Deinum, in ferhege tegelstrook tusken Ljouwert en Harns. De trein hat my rêstich ôflevere en sil hjirnei noch sân kear spesjaal foar my stopje – izich kalm en op de sintimeter presiis. Fierderop, op de krusing fan de Hegedyk en de Blessumerdyk, kletse twa skoaljonges. Echte pubers, sa te sjen: de ien hinget op de [...]