• Tryntsje Nauta, omslach 'de Moanne' 02-2024

    26 april 2024

    Yn de nijste edysje fan 'de Moanne', ûnder mear Skelte Braaksma oer syn striplân, keunstferbiner Louwrien Wijers oer wat se learde fan keunstners en fotograaf Johannes Bosgra yn wurd én byld.   ynhâld 'de Moanne' 2024 - 02 tekst Janita Baron, Jetske Bilker, Willem Bosma, Tsjerk Bottema, Joana Duarte, Hielke van Duuren, Yvonne Feiten, Anne Graswinckel, Bert de Jong, Marita de Jong, Martsje [...]

  • 13 augustus 2023

    "Wiene we allegear mar in lyts bytsje mear Aggie" ARJAN HUT - Sneon, wylst de sûndfloed oer it lân losberste, is Aggie van der Meer op 95-jierrige leeftyd ferstoarn. De skriuwster kaam op lettere leeftyd literêr op gong en bleau oant de ein ta warber. Se lit in grut en yndrukwekkend oeuvre nei, mei titels as Wachtsje op it daagjen, De oerfeart (Piter Jelles Priis [...]

  • 11 mei 2023

    De Dichter fan Fryslân is te gast, mar Sigrid Kingma sjocht Kriebelvisje op tafel lizzen en kin al gau net mear ophâlde fan lêzen. Hoe sjocht se werom op de earste oardel jier, wat is har favorite snack?   Tegearre mei Gabrielle hat Sigrid de earste offisjele Fryske Slam organisearre, en we sjogge ek foarút nei de útfiering fan Katharsis takom wike yn De Gouden [...]

  • 26 januari 2023

    Wat binne eins ús ambysjes, noch wichtiger, wat binne de ambysjes fan ús gasten? We prate mei Gurbe en Peter fan Stoflik Omskot. Fierder prate we oer ESNS, De Fryske God Mika, en bestiet Jorwert no wol of net? Hetfield yn de Wâlden. Foto: Bart Dooijes Ek oer de films Banshees of Inisherin en it einleas lange Babylon yn it filmhûs, oer Metalkafee [...]

  • 12 januari 2023

    Yn dizze ôflevering ha we it oer lieding jaan oan artysten, de Fryske popawards, it ferstjerren fan Baukje Wytsma, dry january en oer ús fakânsjes. Aart Staartjes yn in erotyske film. Wat ha we lêzen en dien? (Spoiler Alert: Net safolle) Spesjale gast: Amarins Geveke! Underwerpen diskear ûnder oaren: Boeken: Baukje Wytsma - Noch ien slach om de buorren, Suzanna Jansen - De Omwenteling, Murat [...]

  • 22 december 2022

    Harkje nei: Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard Gabrielle liet A.I. in blackmetal-tekst skriuwe, it risseltaat liket derop! Te goed? En wat bard der as it Mr. Roboto-programma jins redaksjonele taken oernimt? Yn de podcast #NetFerkeard giet it fierder oer de moaiste films fan it jier en Henk Dillerop fertelt oer De Vrienden Van De Bres Live. In weromblik op Nazareth yn de stêd [...]

  • 26 augustus 2021

    RAYMOND MULLER - ‘It giet my om de oaren’, seit David oer syn wurk as teätermakker. Syn kantoar yn De Groene Weide yn Ljouwert sjocht út oer in ûnstopber gean fan fytsers, dravers, rinners en fan alles wat beweecht. Soest sizze kinne dat dat by útstek in plak is foar ien dy’t altyd op syk is nei ferhalen fan minsken. Wiere ferhalen. Want, sa seit [...]

  • 25 november 2020

    WENDY KENNEDY -  Lânskipsskilder Doet Boersma hat it skilderjen fan de boaiem ûntdutsen en dat is te sjen yn har nije wurk Fertile Soil. Kommende wiken kinne minsken har wurk bewûnderje tidens de Iepen Atelier Dagen. “Ik wol minsken fia myn wurk sjen litte dat de lytse en oannozele dingen yn de natuer grutte betsjutting hawwe.” Nei jierren fan it skilderjen fan lânskippen, wurdt Boersma’s [...]

  • 28 oktober 2020

    WENDY KENNEDY -  It springt gelyk yn it each: in grutte treurwylch yn waarme oranje, reade en giele hjerstkleuren yn in parkje. Op de eftergrûn wurdt in ûle achternei sitten troch in ein. It is omke ûle, de haadpersoan yn in nij printeboek fan Paul van Dijk. "Ik woe hiel graach in boek meitsje foar myn soan Hidde (6)."   "Der is flink wat konkurrinsje, [...]