• 30 september 2020

    TSJOMME DIJKSTRA - It Internationaal Kamermuziekfestival op Skiermûntseach giet oar wykein (2-4 oktober) yn oanpaste foarm troch. Neffens oprjochter Georges Mutsaerts hat de organisaasje alle war dien om de basis fan it festival, de kombinaasje fan muzyk en de natoer, oerein te hâlden foar de bysûndere kommende edysje. Sa as alle jierren komme der muzikanten nei it eilân en sil der rûnom op it eilân, [...]

  • 16 september 2020

    ELSKE SCHOTANUS -  Dit jier, 75 jier nei de befrijing, soene rûnom yn Fryslân tal fan teaterstikken opfierd wurde dy’t mei de Twadde Wrâldoarloch te krijen ha, lykwols útsteld wurde moasten om tefoaren te kommen dat it coronafirus him ferspriedt. De Kraak van de kluis giet ál troch, al is it yn in oare foarm as oarspronklik de bedoeling west hat. Yn plak fan nei [...]

  • 17 augustus 2020

    AMARINS GEVEKE -  Houkje Rijpstra, sûnt 2017 algemien direkteur fan Circulair Friesland (CF). In echte âlderwetske idealist, sa blykt út ús petear. Al wie dat ek net echt fernuverjend, nei in loopbaan as sjoernalist en wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel, dan moat der wol wat oars wêze dat ien driuwt as allinne de sinten. In petear oer kânsen om mei-inoar better op de wrâld te [...]

  • 14 augustus 2020

    ANNE-GOAITSKE BRETELER -  Oars soe ik Jaap van der Velde (23 jier) moetsje tusken syn optredens troch yn Frankryk, Dútslân, Lúksemboarch en Ingelân. Jammer genôch kin de release tour fan syn band The Homesick net fierder gean fanwege it coronafirus. Dus belje ik op ôfstân mei de fan oarsprong Dokkumer dy’t no yn in kreakpân yn Culemborg wennet. Twa jier lyn hat de bassist en [...]

  • 7 augustus 2020

    TIALDA HOOGEVEEN -  Hast wie Ljouwert de gaststêd fan Ljouwert Roze Zaterdag, wie it net dat dat rotfirus – foarearst – dêr in streek trochhinne sette. Dolly Bellefleur soe skitterje op de grêften fan de Fryske haadstêd. De man achter dy ekstravagante ferskining is Ruud Douma, waans namme Fryske woartels ferriedt. Tegearre meitsje wya trip down memory lane lâns de spoaren fan syn pakes en beppes. Ruud Douma (1961) sjocht mei grutte eagen om him hinne as er foar it [...]

  • 31 juli 2020

    KAREN BIES -  Yn syn film ‘Enjoy poverty’ toant keunstner Renzo Martens hoe’t earmoed yn Afrika in ekonomyske wearde hat. Grutte bedriuwen, mar ek helporganisaasjes, sjoernalisten en keunstners fertsjinje deroan. Earmoed is in boarne fan ynkomsten. Lykwols, de earmen bliuwe earm. Yn ‘Enjoy Poverty’ sjochst honger, geweld, ferwoesting en gjin útsicht op ferbettering. ‘Oan de ein fan de film sitst mei lege hannen’, seit Janke [...]

  • 27 juli 2020

    WILLEM VERF -  Fjouwerenfyftich is er, de nije boargemaster fan Ljouwert. En o sa wiis mei syn beneaming. Dit wie syn begearen, en Sybrand van Haersma Buma woeks dermei op, mei in boargerfaar... ‘Dy publike funksje fan ús heit wie der altyd, doe’t ik jong wie. Oare bern wisten ek dat ik de soan fan de boargemaster wie. Foar my wie it net bysûnder, it [...]

  • 24 juli 2020

    WENDY KENNEDY -  Kreatyf multytalint Koen Haringa (34) fielt him thús yn Ljouwert, yn Fryslân. Hy hie fan tefoaren nea foarsizze kind dat hy yn de kultuerwrâld telâne komme soe. Hy is de baas fan poppoadium Asteriks yn Ljouwert, ien fan de oprjochters fan brûsplak de Stadsoase, betinker fan Mooiedingenmakers en ien fan de grûnlizzers fan festival Welcome to the Village. It skeelde net folle [...]

  • 20 juli 2020

    BAUKJE ZIJLSTRA -  Nina Hiddema is sûnt jannewaris 2019 direkteur fan Omrop Fryslân, neidat se dêr al trijekwart jier wurke hie as ynterim-direkteur. Heech tiid dus foar in ynterview mei de frou dy’t lieding jout oan ien fan de byldbepalende ynstituten fan Fryslân. Oer kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan de Omrop en it fertellen fan ferhalen. ‘We willen die [...]