Dolly Bellefleur foar de buitenbeentjes

Publisearre op 7 augustus 2020

TIALDA HOOGEVEEN – 

Hast wie Ljouwert de gaststêd fan Ljouwert Roze Zaterdag, wie it net dat dat rotfirus – foarearst – dêr in streek trochhinne sette. Dolly Bellefleur soe skitterje op de grêften fan de Fryske haadstêd. De man achter dy ekstravagante ferskining is Ruud Douma, waans namme Fryske woartels ferriedt. Tegearre meitsje wya trip down memory lane lâns de spoaren fan syn pakes en beppes.

Ruud Douma (1961) sjocht mei grutte eagen om him hinne as er foar it earst sûnt 1980 wer troch De Gordyk rint. ‘Ik herken hielendal neat’, seit er mei in mingeling fan opwining en ferbjustering. Ek op it begraafplak dêr’t syn pake en beppe fan memmekant begroeven lizze, taast er yn it tsjuster. Eefkes is er benaud dat er it grêf net fine kin. Hy sjit fol as hy dan dochs ynienen foar it grêf stiet, de krekt kochte blommen set er derby. ‘Het emotioneert me om terug te gaan naar mijn roots en die van mijn ouders.’

 

Doe wat je moet doen en laat anderen maar rabje als ze daar iets van vinden.

 

Lit de lju mar rabje
‘Oh, wat is het klein!’ ropt Ruud as wy eefkes letter foar it hûs steane dêr’t pake Lammert en beppe Anneken Moll wennen. It is it plak dêr’t Ruud alle sneinen tahold mei syn famylje. De tsien omkes en tsien muoikes sieten mei beppe − pake stoar doe’t Ruud seis moanne âld wie − yn de rikkerige pronkkeamer. De withoefolle neven en nichtsjes brochten de tiid troch yn it achterhûs en de tún. ‘Wij werden de tuin ingestuurd met een “kladde” om kruis- en aalbessen te plukken. Iedereen sprak Fries, ik verstond het, maar sprak het niet. Nog steeds kan ik Omrop Fryslân redelijk volgen. Ik was me er heel lang niet van bewust dat de Friese taal iets speciaals was, maar de taal, mijn verleden, het betekent naarmate ik ouder word steeds meer voor me. Bij de uitvaart van mijn moeder hebben we Angústia van Nynke Laverman gedraaid.’ De hjoeddeiske bewenster nûget Ruud deryn.

Net Fryslân, mar it Noard-Hollânske Huizen wie it plak dêr’t Ruud grutbrocht is. In baan by Philips yn Hilversum soarge derfoar dat heit Douma net op it melkfeebedriuw yn Aldeholtpea bleau, mar in karriêre yn de technyk keas. ‘Hij heeft veel gereisd, plaatste voor de Wereldomroep overal ter wereld zendmasten. Later was hij betrokken bij de ANS: de Astronomische Nederlandse Satelliet. Mijn moeder wilde maatschappelijk werker worden, maar dat ging niet in die tijd. Toch was ze in hart en nieren maatschappelijk werker: er was geen collecte waar ze niet aan meedeed en ze stond altijd voor mensen klaar met een bloemetje of wat dan ook.’

Ruud groeide op yn in PvdA-nêst, mei twa susters en in broer. Yn de keuken hong in tegel mei de tekst Doch dyn plicht en lit de lju mar rabje. ‘Die tekst is van grote invloed geweest op mijn leven. Doe wat je moet doen en laat anderen maar rabje als ze daar iets van vinden. Dat plichtsbesef, dat je een opdracht hebt in het leven, weegt me zwaar. Je bent hier niet op aarde neergezet om maar wat te flierefluiten. Maar het duurde lang voordat ik wist wat ik wilde met mijn leven, ik denk dat ik mijn ouders daarmee wel tot wanhoop heb gedreven.’ De tegel hinget no te pronk oan ’e muorre yn syn eigen keuken. ‘Ik heb iets met tegeltjesteksten en bedenk ze zelf ook.’ Hy langet my in troch him makke magneettegeltsje oer mei dêrop de tekst Het haantje van vandaag is de plumeau van morgen. ‘De tekst slaat op de pesters van vroeger, de haantjes, de macho’s. Ik ben als kind erg gepest. Niet eens zozeer omdat ik homo was, maar ik was anders, kinderen voelen dat.’

As bern song er as jongessopraan by it kristlike bernekoar De Zendertjes en thús spile er elektroanysk oargel. Rust, reinheid en regelmaat wiene de kaders yn it gesin Douma. ‘Het was alsof ze dat hadden uitgevonden om de controle maar niet te verliezen. Ik vond het vreselijk, wilde uit de band springen, verzette mij ertegen.’

Doe’t er oan ’e ein fan de middelbere skoalle fertelde dat er op manlju foel, reagearren syn heit en mem rêstich mei in ‘O’, om dêrnei oer te gean ta de oarder fan ’e dei. ‘Ik kreeg het gevoel dat ze het niet serieus namen, maar het was gewoon geen issue voor ze. Mijn moeder had ook twee broers die van de herenliefde waren.’ Ruud doelt op omke Abele en omke Jaring. ‘Oom Jaring moest onderduiken tijdens de Tweede Wereldoorlog, hij wilde niet voor de Duitse bezetter werken. Maar omdat hij af en toe zijn familie wilde zien, vermomde hij zich als vrouw en fietste in dameskleding door het Friese landschap. Het was een lange man, hij moet wel opgevallen zijn.’

 

Beauty with brains
Eins soe tekstskriuwer en teäterdier Ruud Douma no jûn op jûn yn DeLaMar Theater yn Amsterdam stean mei syn jubileumshow Dubbel en dwars. ‘De voorstellingen zijn tot en met eind augustus gecanceld. Het is artistiek en zakelijk afschuwelijk.’ Yn de foarstelling soe Dolly weromsjen op tritich jier optreden as ‘Frau Antje van het verkeerde kantje door ons kikkerlandje’, en de fraach ûndersykje: wat hat dy tritich jier duorjende ‘kruistocht in couture’ opsmiten? Mei in seiskoppige band en syn fêste pianist Kees van Zantwijk soe dy selsbeneamde beauty with brains it publyk traktearje op gouwe ouwe en fonkelnije songs. Rôze striidlieten, ûndogenske smartlappen en literêre lústerlietsjes. ‘Misschien moet ik ook digitaal gaan, huiskamervoorstellingen geven via Zoom. Maar eigenlijk voel ik daar niet zo voor. Ik zou nu ook eindelijk aan mijn kinderboek kunnen beginnen, maar het lukt me niet, ik kan me momenteel slecht concentreren.’

Foardat Ruud de wille fan it teäter ûntduts, wie er lang doarmjend. Nei syn ôfstudearjen oan it gymnasium yn Bussum hie er koart in karriêre yn ’e hoareka. Hy gong nei de Hegere Hotelskoalle en rûn in healjier staazje yn Parys, wêrnei ’t er besleat om keunstskiednis te studearjen. ‘Ik had geen idee wat ik met die studie wilde gaan doen.’ It duorre noch jierren foardat Ruud op in wûnderlike wize syn ropping fûn.

‘Het was 1989, ik keek in het Anthony Theater in Amsterdam naar een optreden van een vriend, waarna theaterdirecteur Onno van Dijk mij vroeg: “Wil jij niet een revue presenteren, als vrouw?” Ik ging in op het aanbod, trad op, kreeg enthousiaste reacties van het publiek en wist: dit is het!’ Der folgen mear optredens, Ruud begûn derby te sjongen en sels teksten te skriuwen. Mear en mear groeide it fenomeen Dolly Bellefleur. ‘Dat ik als vrouw op het podium sta is voor mij een theatervorm, een expressiemiddel, net zoals de ene beeldend kunstenaar kiest voor marmer en een andere voor verf.’

En no is dus alles stilfallen. Gjin teäterfoarstellingen, gjin publyk. Allinne de strips Made in Dolland, dy’t er makke yn gearwurking mei Stripmaker des Vaderlands Margreet de Heer, rinne troch. Ek de skoalbesites hâlde foarearst op. ‘Na mijn optreden debatteer ik altijd met een klein groepje leerlingen over discriminatie, jezelf zijn. Een meisje van twaalf vertelde in zo’n gesprek dat ze op meisjes viel, ze voelde zich blijkbaar veilig genoeg om uit de kast te komen. Kijk, daar doe ik het voor. Als ik in mijn werk ook maar één of twee mensen een duwtje kan geven, dan ben ik geslaagd. Ik wil er zijn voor de buitenbeentjes.’

Mei dêrom fynt Douma de Roze Zaterdag yn Ljouwert sa wichtich. Flak foar syn komst hie ik him in stik út de Ljouwerter Krante fan ferline jier tastjoerd, wêryn’t COC-direkteur Anne de Groot seit dat it tal gastlessen mei goed 60 prosint ôfnaam is sûnt de provinsje Fryslân it COC net langer subsidiearret. ‘Ik schrok van het artikel. Zichtbaarheid is belangrijk, net als rolmodellen, voorlichting en gesprekken over seksuele diversiteit.’ Yn it ferlingde dêrfan leit fansels de lakse hâlding fan it CDA oangeande de reinbôgeflagge op it provinsjehûs. Pas nei it emosjonele ferhaal fan Sipke Jan Bousema op telefyzje, wêryn’t er útleit hoe belangryk it is om it gefoel te hawwen earne wolkom te wêzen, is it CDA oerstaach gien en hâldt it de komst fan de flagge net langer tsjin.

Werom nei de syktocht nei syn woartels. De besites oan De Gordyk waarden steefêst kombinearre mei in besite oan pake en beppe Douma yn Aldeholtpea, dêr’t ek tante Annie ynwenne. ‘Zij speelde viool, gitaar, orgel en piano. Van haar heb ik instrumenten leren bespelen. Opa is geboren in Essen, mijn overgrootvader had daar een melkzaak. Waarom hij daar werkte en waarom ze terugkwamen in 1901 toen mijn opa, Johann Wilhelm, één jaar oud was, dat weet ik niet. Nu ik ouder ben, wil ik nog zoveel weten over vroeger en zijn er vragen waarvan ik zou willen dat ik ze had gesteld aan mijn ouders of grootouders. Opa Johann zat bijvoorbeeld bij het dorpstoneel, daar zou ik het met hem over willen hebben.’

De strjitnamme is bekend, mar Ruud hat it hûsnûmer net achterhelje kind en werkent fanút de auto op gjin inkelde wize de pleats dêr’t er nei 1973, doe’t syn pake en beppe dêrwei gienen, noait wer west hat. Der binne wurksumheden, de navigaasje slacht op hol en yn in ympuls ryd ik fan de 80-kilometerdyk in ûnferhurde sydwei yn. As wy oan ’e ein fan it paad twa âldere kuierders tsjinkomme en harren freegje oft se witte wêr’t Douma syn pleats hân hat, docht bliken dat de frou Ruud syn pake en heit kend hat. Har broer wie sels in kollega fan Ruud syn heit by Philips yn Hilversum. Nei in fleurich petear wit se ús te fertellen dat de pleats dy’t hy siket oan dit paad stien hat – wy binne ’m krekt foarbyriden −mar dat dy foar in grut part ferboud is. Like wûnderlik as syn ropping fynt Ruud it hûs fan syn pake en beppe Douma.

 

Dolly Bellefleur
Dolly Bellefleur is it alter ego fan kabaretier en tekstdichter Ruud Douma. Dolly Bellefleur bringt entertainment mei in ynhâldlik boadskip. Fanwegen har bûtengewoane ynset foar de emansipaasjestriid fan LHBT+ waard se yn 2012 keazen as Roze Lieverdje, mocht se yn 2014 út hannen fan Eberhard van der Laan de Andreaspenning fan ’e stêd Amsterdam ûntfange en waard yn 2020 troch COC Nederlân de Bob Angelo Penning oan Dolly útrikt. www.dollybellefleur.nl

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels