fotografy: Tom van Huisstede

Thús mei de Homesick

ANNE-GOAITSKE BRETELER – 

Oars soe ik Jaap van der Velde (23 jier) moetsje tusken syn optredens troch yn Frankryk, Dútslân, Lúksemboarch en Ingelân. Jammer genôch kin de release tour fan syn band The Homesick net fierder gean fanwege it coronafirus. Dus belje ik op ôfstân mei de fan oarsprong Dokkumer dy’t no yn in kreakpân yn Culemborg wennet.

Twa jier lyn hat de bassist en sjonger fan The Homesick derfoar keazen om yn it suden fan it lân wenjen te gean. Hy woe dochs wat sintraler, sadat it makliker wie, ek foar de oare twa bandleden, om te repetearjen en te spyljen. Wêr’t se elkoar oars wol om ’e twa wiken seagen, is ek dat kontakt no efkes firtueel wurden. Dochs fynt Jaap it net hiel slim dat alles no wat stilleit: ‘It hat ek wol wat, it jout je ek wol tiid om nei te tinken. Wy binne allegear wol in protte dwaande altyd, no kin dat efkes net.’ Hy fynt de optredens eins ek net it belangrykste. It skriuwen en opnimmen fan nije muzyk hat syn foarkar en gelokkich hat er dêr no alle tiid en plak foar.

 

In echte trochbraak, ik wit net oft dat oait echt barre sil.

 

The Homesick makket al in pear jier namme yn de wrâld. Mei Jaap as basgitarist en sjonger, Elias Elgersma as sjonger en gitarist en Erik Woudwijk op drums, wienen se bygelyks al by De Wereld Draait Door te sjen. Se toere troch hiel Europa en steane sûnt 2019 ûnder kontrakt by de Amerikaanske platemaatskippij Sub Pop. Yn febrewaris dit jier kaam harren twadde studio-album út, mei de namme The Big Exercise. As it allegear trochgean kin om it firus, dan sille se fan ’t simmer harren earste Amearika-toer meitsje. Te begjinnen yn Seattle, de basis fan harren platemaatskippij, ferneamd as bertegrûn fan de grutste grungebands op ’e wrâld.

Dochs passe sy wat dat oanbelanget net hielendal yn it strjitsje. The Homesick is gjin grunge. Hokker styl oft se wol oanhâlde is net sa swart-wyt. Se fine it ‘sjenreferhaal’ mar lestich. ‘Do soest sizze kinne dat it om alternative popmuzyk giet. Mar wol alternatyf yn in brede sin: myn âlders kinne der net nei lústerje.’ Neffens Jaap is de muzyk dy’t sy meitsje krekt wat oars as normale pop, krekt wat komplekser en somtiden wat mear ferstoppe. ‘It is tink ik muzyk dêr’t minsken wol muoite en tiid ynstekke moatte om alles te hearren en te begripen.’ Opfallend is ek dat de Ingelske teksten, skreaun troch Jaap en Elias, net prominint oanwêzich binne. ‘It giet ús foaral om de klank.’ Se kieze dêrom ek bewust foar teksten yn it Ingelsk. ‘Ik bin sels gewoan yn it Frysk grutbrocht en eins is it best gek om dan yn it Ingelsk te sjongen, want dan setst in soarte barriêre tusken dysels en de harker. Mar it makket it ek abstrakter. Der is minder referinsje nei dy taal.’

De trije Fryske jonges kenne elkoar sûnt 2012. ‘Best wol in saai ferhaal eigentlik’, seit Jaap as ik nei de oarsprong fan de band freegje. Yn harren middelbereskoaltiid learden Elias en Erik elkoar kennen fia de muzykskoalle. Jaap kaam der letter fia freonen by. Se hienen deselde muzyksmaak (lústeren nei Joy Division of Radiohead) en woenen graach in band oprjochtsje. It begûn mei wat optredens yn kroegen en oare lytse poadia yn Dokkum. ‘Us freonen fûnen dat wol leuk en wysels ek, mar eins wie der yn Fryslân net safolle animo foar. Wy hienen ek gjin idee dat der in merk wie foar de muzyk dy’t wy makken.’ Om’t Elias fan syn eigen band Yuko Yuko in soad fideoclips makke by de nûmers – mei VHS-kamera’s en âlde fideorecorders – begûn hy dat ek te dwaan foar The Homesick. It resultaat belâne op ynternet en doe, sa’n twa jier nei de oprjochting fan de band, krigen se ynienen mails út Amsterdam en Grins. ‘Sa kamen we út it neat op hiele folle plakken en gienen we nei allegear stêden. Dat wie echt bizar, ik siet noch op ’e Havo. It wie de earste kear dat ik yn Amsterdam kaam.’ Dochs wie Jaap dêr net iens sa bot fan ûnder de yndruk. ‘Ik wie foaral dwaande mei it spyljen, no haw ik mear senuwen. Doe wie it noch wol wat ouwehoeren en wie ik minder kritysk, mar no bist echt oars mei de muzyk dwaande. It is in ûndernimming wurden.’ Fragen lykas ‘hoe wurde we grutter?’ spilen earst noch net in rol, mar stadichoan kaam dêr wat feroaring yn. Sa waard harren earste album yn 2017 presintearre yn de Vera yn Grins. Dat wie foar Jaap altyd al in belangryk poadium, ‘mar dat is sûnt dy tiid dochs altyd wol wat ús plak bleaun, dat fielt as in thúswedstriid’. Yn de jierren dêrnei folgen de grutte festivals en belangrike nasjonale en ynternasjonale optredens.

Wat itselde bleau sûnt de begjintiid fan The Homesick, is dat de trije mannen net libje kinne fan harren muzyk. Sa wurket Jaap ek noch yn in tankstasjon, Elias hinget posters op foar eveneminten yn Grins en Erik hâldt him dwaande mei evenemintetechnyk. Dat se der net oan fertsjinje kinne, biedt harren ek in grutte frijheid, seit Jaap: ‘Ik wol eins ek net de ambysje ha om jild te fertsjinjen mei de band. Dan wurdt de druk foar dysels ek heger. Dan moatst allegear dingen dwaan dy’tsto net leuk fynst. Dat minsken dy mear hearre moatte fia ynterviews en sa. Foar ús is dat no net sa wichtich, want dat hat net mear safolle mei de muzyk te meitsjen.’ Hielendal frij fan dy druk steane se ek net mear. De band hat in team om him hinne sammele fan bookers en management, dat derfoar soarget dat The Homesick yn ’e media komt, dat se boekt wurde en dat de sealen fol komme. ‘Dat is ek sa leuk oan ’t begjin, dan hast mei net ien wat te krijen. Dan is der gjin druk en bist net ôfhinklik, mar we kinne net werom nei dy posysje mei de band.’

Dêr skûlet ek in oar gefaar neffens Jaap, want troch in protte dwaande te wêzen mei de optredens ‘bist dochs wol mei dyn holle op it poadium. Dan is it gefaarlik om nije muzyk te meitsjen’. Hy bedoelt dêrmei dat de uteringsfoarmen dan faak itselde binne, ‘dan sitst hiel gau fêst. Wy binne mei syn trijen, dus bas, gitaar en drums. Mar ast dat loslitst, dan hearst dat oare ynstruminten derby ek hiel leuk binne’. Eins fynt Jaap dy konsekwinsje fan it coronafirus dêrom ek wol weardefol. Hy hoecht no hielendal net mei de optredens dwaande te wêzen en hat alle tiid om dy nije muzyk te betinken, sûnder fêst te sitten oan it standertbyld fan de band. It ideaal foar Jaap is dat muzyk foar elkenien is, net allinnich mar foar leafhawwers. Dêrom soe er it leafst in nije plaat meitsje wolle dy’t noch krekt wat universeler is, ‘mar dan net op de klassike popmanier. In soarte muzyk dy’t iderien snappe kin, mar wêr’t iderien himsels wol yn ferlieze kin’.

Oer it algemien is it publyk dat op The Homesick ôfkomt wat minder universeel. Alteast, it grutste diel bestiet út jongere minsken, ‘faak wol wat mear keunstsinnige typkes’. Somtiden binne harren fans ek wat âldere minsken dy’t graach lústerje nei muzyk út de jierren 70/80. It bart ek wol dat de twa doelgroepen harren ferienigje, trochdat âlders mei bern in goed kompromis fine yn de styl fan de band. ‘Mar it ferskilt wol per lân. Trije jier lyn bygelyks hiene we in toer troch de Balkan, dat wie soms hast allinnich mar foar jeugd. Yn Ingelân, oan ’e oare kant, dêr spylje we foaral foar âlderen.’

Under de optredens sels hawwe se net in soad ynteraksje mei harren tahearders, mar se fine it wol belangryk om nei de tiid yn petear te gean. Trochdat de band besiket om safolle mooglik los te bliuwen fan in fêste styl, binne de lûden nei oanlieding fan nije muzyk faak wikseljend. Sawol dy fan resinsinten as fan harren oare harkers. ‘It makket my net in hiel soad út wat minsken derfan fine. Ik hear ek graach de negative dingen, want ik fyn it leuk as se kritysk binne. Mar it is net sa dat ik dat per se meinim as feedback.’ Jaap leit út dat dy mieningen just te meitsjen hawwe mei dat elk sa’n yndividuele belibbing hat by it hearren fan muzyk. Elkenien lústeret dêr oars nei. ‘Ik tink dat it in bytsje pretinsjeus klinkt, mar it giet my foaral om it jaan fan ferbylding, in soarte fan transendintale ûnderfining. Dus dat der romte is foar in harker om der wat fan te meitsjen. Dêrom hawwe wy net echt in boadskip, alteast net polityk of romantysk.’ In goed optreden waacht Jaap dan ek net ôf oan útsprutsen mieningen, it giet him om in abstrakter gefoel. As hy it hiele optreden yn syn fokus bleaun is en nei de tiid fielt dat de sfear goed sit, dan is de jûn foar him slagge.

Foar Jaap persoanlik leit de grutste foldwaning fan muzyk dochs echt by it betinken en meitsjen derfan. ‘Dat is tink ik ek de iennichste manier wêrop’t je grutter wurde kinne, troch noch bettere muzyk te meitsjen. En troch dwaande te bliuwen mei datjinge dêr’t we sels yn leauwe.’ Fan in echte trochbraak is neffens him dan ek noch net sa bot sprake. ‘Ik tink dat wy yn ús soarte merk – yn ’e alternative muzyk-niche fan Nederlân – wol serieuzer naam wurde as eartiids. Mar in echte trochbraak, ik wit net oft dat oait echt barre sil’. Hy hat der wol fertrouwen yn dat se mei harren muzyk yn ’e takomst mear minsken berikke kinne. Net allinnich yn Europa, mar oer de hiele wrâld. ‘It is fansels idioat dat jo oait yn Dokkum begûn binne en dan yn Amearika steane. Mar dochs sjoch ik dat net as boarne fan kreativiteit. Mear as in oanmoediging. Uteinlik falt it allegearre werom op de kwaliteit fan ’e muzyk sels.’

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2020

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.