‘Der is ynternasjonaal each foar wat wy hjir dogge’

Publisearre op 27 juli 2020

WILLEM VERF – 

Fjouwerenfyftich is er, de nije boargemaster fan Ljouwert. En o sa wiis mei syn beneaming. Dit wie syn begearen, en Sybrand van Haersma Buma woeks dermei op, mei in boargerfaar…

‘Dy publike funksje fan ús heit wie der altyd, doe’t ik jong wie. Oare bern wisten ek dat ik de soan fan de boargemaster wie. Foar my wie it net bysûnder, it wie gewoan sa. Heit naam faak op sneon yn alle rêst yn in leech stedhûs stikken troch. As jonkje mocht ik dan mei, boarte foar mysels yn in stil stedhûs, earst yn Warkum, letter yn Snits.

 

Ljouwert hat in ferhaal foar oare gebieten yn in meartalige situaasje. Wy kinne ús ferbine mei oare stêden.

 

Ja, ik moast der altyd om tinke. Ik soe bygelyks nea troch in read ljocht rinne. Ik wist net oars.’

‘Us heit tsjinne de publike saak, dat wie de basis foar ús. Ik moast witte dat yn de mienskip minsken ferskillend wienen. Ik gie, yn ferfolch op in kristlike basisskoalle, net nei it Bogerman Lyceum, mar nei de RSG. Heit en mem fûnen dat ik net allinne mar mei bern út protestantske fermiddens kontakt hawwe moast. Freontsjes út dy tiid gienen wol nei it Bogerman. Mar mem en heit hienen deroer neitocht. De wat mear frijsinnich tinkende herfoarmen keazen trouwens wol faker foar iepenbier ûnderwiis.’

It is mids desimber 2019 en Sybrand Buma praat Frysk mei my. It kostet him wol wat mear muoite, hy moat neitinke ear’t er formulearret, as hy Nederlânsk praat giet it flotter, seit er tsjin my. Mar hy wol sa gau mooglik syn Frysk ferbetterje, giet op kursus. Dit ynterview yn it Frysk is in testcase en in earesaak. Dat fyn ik fansels prachtich, mar ik bin ek bliid dat it petear net ferrint yn it moardzjend tempo dêr’t er him (wannear’t er Nederlânsk praat) ornaris fan betsjinnet. No kin ik it skriuwend teminsten wat byhâlde…

Syn heit wie fan de CHU, ien fan de trije partijen dy’t opgienen yn it CDA, dominant yn de Súdwesthoeke. ‘Dy partij hie twa pylders: de regionale herfoarme elite en de arbeiders en boeren fan dyselde tsjerke. Dy stienen neist en mei mekoar, mar fierder wie der eins gjin profyl. De AR, dat wienen mear fjochters. De CHU hie gjin takomst. Wol haw ik in mentaliteit meikrigen: men moat syn oertsjûging net oan oaren oplizze, respekt is fan belang. En foar ús heit wie it sa fanselssprekkend om it algemien belang te tsjinjen, dat waard foar my suver in natuerlik gegeven, dat hearde men te dwaan.’

Yn hoefier hat er sels noch bining mei de tsjerke? ‘Ik gean regelmjittich nei de tsjinst. Ik haw belidenis dien. Wy hawwe ús bern yn Den Haach dope litten. De tsjerke en it leauwe binne folslein ûnderdiel fan ús libben.’

Wêrom wol Sybrand Buma eins flyt dwaan op ferbettering fan syn Frysk? ‘Thús praten wy Nederlânsk, en dat moast sûnder aksint. De minsken praten altyd Nederlânsk werom. Mar ik fiel my wol hiel Frysk. Yn Voorburg hienen wy in Fryske wimpel oan de mêst. En at ik, bygelyks oer de Ofslútdyk, Fryslân yn kaam, dan wie dat suver wat emosjoneel. No’t ik myn wurk yn Fryslân haw, dat fielt as thúskommen. Wa’t sa’n sterke bining hat, moat ek goed Frysk prate, fyn ik sels. In boargemaster hat boppedat in foarbyldfunksje. En Ljouwert is nei de lêste weryndieling ek Frysker wurden. Dat ik doch myn bêst. Alle dagen komt der in wurdsje by. De Fryske les nim ik serieus. Ik wol yn de gemeenteried wol goed Frysk prate.’

‘Ik haw sa’n tritich jier mei ferskillende funksjes yn de polityk sitten, in protte meimakke, bin net sa gau mear ferrast. Nee, thús waard der eins net iens safolle oer polityk praat − ús heit wie bestjoerder. Ik bin no gjin politikus mear, en dat is goed sa. As fraksjefoarsitter krige ik dan in mikrofoan ûnder de noas en moast ik sizze wat de opfetting fan Buma en it CDA wie, ik hie faak net iens de tiid hân om goed nei te tinken wêr’t it oer gie. Hjir wie ’k oan ta.’

‘Ljouwert is mar in stipke op de wrâld. Mar de relatyf lytse skaal betsjut dat jo buerten en doarpen echt kennen leare kinne. Mienskip, dat is net samar in wurd, dat betsjut echt wat. Lêsten hienen wy in delegaasje út Sina, dy wolle dêr ek soks hawwe as in kulturele haadstêd. Dy minsken moasten wy útlizze wat dat is, mienskip, bottom-up. Kenne se net. Dan beseffe jo hoe weardefol it is en bysûnder. Dêr hoecht men net grut foar te wêzen.’

In CDA’er as boargemaster yn in gemeente mei in progressive mearheid. Is dat net ûngemaklik?

‘Nee, gjin probleem, op lokaal nivo is dat oars, der is brede oerienstimming oer it belied op lange termyn. Doe’t ik sollisitearre, hawwe wy it wol hân oer de relatyf grutte sosjale problematyk. Dat is foar ús allegearre in feit dêr’t wy kontinu oan wurkje moatte. In mienskiplike opjefte. As boargemaster moat ik ek op dat tema foar ferbining soargje.’

Wat kant moat it út mei de Ljouwerter ekonomy, freegje ik. Yn de ôfrûne desennia wie der faak in wikseling fan doelstellingen. Agri-nutri-city soe it wêze; mar al rillegau ferdwûnen de selsstannige bedriuwen en haadkantoaren. Doe waard Ljouwert in stêd foar finansjele en kommersjele tsjinstferliening. De fersekeringskantoaren krompen en ferhuzen. Ljouwert as wetterhaadstêd, sil dat bliuwe? En leveret soks wurk op?

Tsja, de tiden feroarje no ienris, seit Buma. De wrâld is in doarp. Men kin him net rjochtsje op ien aktiviteit of kluster. Hy sil, nei dit petear, op bedriuwsbesite by moalfabryk Koopmans. Aha, ik kin it net litte: dat wie earder in selsstannich Frysk bedriuw, is no fan Dr. Oetker, sis ik. Jawis, dat mei sa wêze, is it antwurd, mar de wurkgelegenheid is bleaun. En: ek foar ynternasjonale bedriuwen moat Ljouwert oantreklik wêze.

‘Underskat net dat der ek nije ûntwikkelingen binne: in slachterij lykas Vion sil him tenei dwaande hâlde mei de produksje fan fleisferfangers. De Dairy Campus bloeit. Mei Wetsus stean wy foaroan at it om nije wettertechnology giet. Op de lange termyn smyt soks wat op. In lytse osmoaze-sintrale soe in start wêze kinne fan wat grutters. Ek oare ûntwikkelingen sille, miskien yndirekt, bydrage oan de ekonomy op langere termyn. De campus Fryslân fan de Grinzer universiteit bygelyks. Dit is in tiid foar start-ups en tapaste wittenskip. En dat wy yn 2018 kulturele haadstêd wiene, sil foar de lange termyn ek ekonomysk wat opleverje.’

Hy en ik kamen elkoar tsjin by de útrikking fan de Rely Jorritsma-prizen yn Bears ferline hjerst. Syn belutsenheid foel my op. ‘Sa’n moai doarp, Bears. En dy útrikking, de foardrachten, de muzyk, ja dat die my wat. It is sa’n kontrast mei Den Haach. Yn de Rânestêd hawwe se der gjin weet fan, dat dizze kultuer der ek is.’

Wat lêst er sels? ‘Ik lês graach en in soad. Nee, ik lês net folle fiksje; meast histoaryske wurken. Ik haw sels ek in histoarysk boek skreaun, oer in âld-âldomke: Gerlacus Buma. Een Friese patriciërszoon in het leger van Napoleon en Willem I. Dat ha ik dien yn gearwurking mei in fiere neef, Wiete Hopperus Buma. It lêste dat ik lêzen haw? In biografy oer Napoleon.’

Syn piano is noch net ferhuze, dêr sjocht er nei út, dat dy komt. Hy spilet gauris even. Mozart, Haydn, net de dreechste stikken.

‘Dat wy no City of Literature binne, dat is erkenning. Foar stêd en provinsje. De meartaligens, ja, mar ek erkenning foar de folkstaal. Der is ynternasjonaal each foar wat wy hjir dogge. Fergelykje dat ris mei Ierlân. It Iersk is folslein lykberjochtige, mar foar noch mar in hantsjefol minsken de earste taal. Dat is hjir oars, it Frysk is folle mear yn libben gebrûk. Ljouwert hat in ferhaal foar oare gebieten yn in meartalige situaasje. Wy kinne ús ferbine mei oare stêden.’

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels