It ferskil meitsje

Publisearre op 17 augustus 2020

AMARINS GEVEKE – 

Houkje Rijpstra, sûnt 2017 algemien direkteur fan Circulair Friesland (CF). In echte âlderwetske idealist, sa blykt út ús petear. Al wie dat ek net echt fernuverjend, nei in loopbaan as sjoernalist en wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel, dan moat der wol wat oars wêze dat ien driuwt as allinne de sinten. In petear oer kânsen om mei-inoar better op de wrâld te passen, sa midden yn de coronakrisis.

‘Dat ik mysels ynset foar duorsumens en spesifiker sirkulêre ekonomy kin allinnich mar om’t ik dêr yntrinsyk foar motiveard bin. Ik fyn dat we dy kant útmoatte, dat kin net oars. En it kin allinnich meielkoar, it hat gjin doel om allinnich fan alles by de ein te hawwen, der moatte ketens foarme wurde om grûnstoffen hieltyd wer op ‘e nij brûke te kinnen. Ik kin dêroan bydrage om’t ik in grut bestjoerlik netwurk yn Fryslân haw en dêrtroch maklik skeakelje en ferbine kin. Ik begryp hoe’t amtlik en bestjoerlik tocht wurdt en wêrom’t guon saken sa muoisum ta stân komme. Mar ik wit ek wat wol en net wurket om soks fierder te krijen.’

 

Ast rekkenst mei wat der beskikber is oan grûnstoffen per jier, hawwe wy op 29 july wrâldwiid de ierde opbrûkt.

 

We moetsje mekoar begjin maart yn de Kânselarij, oan de Turfmerk yn Ljouwert, dêr’t earder it Fries Museum húsfeste wie. Krekt op de râne fan de krisis. Rijpstra frege oft we fûstkje koene, it waarden trije tuten. Om’t de krisis dêr’t we no yn sitte, noch wolris sjoen wurdt as kâns om te ferduorsumjen, praten we nochris op 24 april. Dy eardere moeting liket no hast út in oar tiidrek te kommen.

‘Ja, dat is hiel hurd omslein, we kinne ús no net mear foarstelle dat we dat doe sa dien ha. Op dat stuit fûnen we it eins noch wat oerdreaun om dy ôfstân te hâlden, mar dat is samar gewoan wurden. As ik no âlde bylden sjoch fan in protte minsken ticht byelkoar, bygelyks by in festival, dan hast suver al fernuvering dat dat samar koe. Apart hoe’t je troch alles wat der bard is, foaral yn de súdlike lannen en yn súdlik Nederlân, deroan wend reitsje dat dy 1,5 meter dertusken sitte moat. It wurk oan de sirkulêre ekonomy giet wol troch, al wurkje alle meiwurkers út hûs wei. Wy skriuwe blochs oer hoe’t wy de “lessen” fan corona sjogge, hawwe kontakt mei leden om te sjen hoe’t it derfoar stiet en oft wy behelpsum wêze kinne.’

It kantoar oan de Turfmerk stiet no leech. Mar begjin maart is it in brûsplak fan jonge, ynnovative ûndernimmers, ûnderwiis en oerheid. Ien fan de organisaasjes dy’t dêr in wurkplak hat, is Circulair Friesland.
‘CF is begjin 2016 oprjochte nei in inisjatyf fanút it bedriuwslibben’, sa fertelt Houkje. Under oaren John Vernooij fan Omrin, Biense Dijkstra fan Bouwgroep Dijkstra Draisma en Alex Bonnema, doedestiids direkteur fan Elkien, troffen mekoar en kamen derachter dat se allegear dwaande wiene mei duorsumens, en dat dat folle mear opleverje kinne soe as se it mei-inoar dwaan soene, yn stee fan elk foar himsels.’
De manlju hiene net lang nedich om yn aksje te kommen, en fûnen in entûsjaste politike partner yn deputearre Sander de Rouwe, mei in plan foar de hiele provinsje. Der waard yn 2015 in grûnstoffe-analyze makke.
‘Dy hat derta laat dat der no yn 11 tema’s, sa as lânbou, enerzjy, plestik of rekreaasje, sjoen wurdt hoe’t wy sirkulêr wurkje kinne. CF is begûn mei 23 leden en hat der no 105. It unike is dat it út it bedriuwslibben komt, en dat it sa allesomfettend is, mei skoallen, bedriuwen en oerheid. Oare provinsjes slagget dat noch net. Om’t se dêr net fan ûnderop begûn binne, dan mist in yntrinsike motivaasje. Ik bin der grutsk op dat it hjir sa kin; we binne dwaande mei in revolúsje. Elkenien sjocht dat we sa net fierder kinne, de ein fan bygelyks fosfaat is al yn sicht. Wat binne de útdagingen fan ús leden, wat kinne sy dwaan. We helje op wêr’t ús leden tsjinoan rinne, en sykje dan út wa’t dêrby helpe kin. Bygelyks in advokatekantoar kin oare leden helpe om romte te sykjen yn de regeljouwing. Sa kinne wy ek nije fertsjinmodellen betinke: in oergong meitsje nei in nije ynrjochting fan de ekonomy. Us leden binne sa de koprinners fan Fryslân, guon fan Nederlân.’

No stiet alles stil. De ekonomy leit op syn gat, bedriuwen geane massaal ûnderút. De ekonomyske krisis dy’t folget sil lang en djip wêze. Dochs binne der ek optimisten, sy sjogge in kâns om no stappen te meitsjen nei in bettere wrâld. Is dit no wat nedich is om de revolúsje in stap foarút te helpen?

‘Dat tink ik wol: we sjogge troch dizze krisis wêr’t de weeffouten sitte yn de hjoeddeiske ekonomy. Bygelyks hoe’t we mei produkten oer de hiele wrâld slepe en hoe kwetsber oft wy dêrtroch wurden binne. Beäzemingsapparatuer dy’t foar in part út Sina komme moat, dy’t yn Amearika bliuwe moat omdat se der dêr ferlet fan hawwe, floeistof om te testen dy’t út Wuhan en Noard-Italië komme moat… Fierder wurdt it ek wol dúdlik wat no echt krúsjale beroppen binne: krekt dy minsken dy’t de ôfrûne jierren de measte besunigingen oer harren hinne krigen ha. De managers sitte thús, mar sûnder de ferpleechster, de plysjeman en de jiskemannen soene wy it in stik minder ha as no. As we daliks wer opbouwe kinne, soene we dy lessen meinimme moatte en it systeem oars ynrjochtsje moatte, mei each foar dat soarte fan saken. It feilichst is aanst sa hurd mooglik werom nei wat we kenne, mar dat is net folhâldber. Ut dy komfortsône: we moatte fan mear nei better.

Us generaasje en de generaasje dêrfoar hawwe tefolle brûkt fan de ierde. De fuotprint is te grut. Ik bin tige motiveard om te soargjen foar in leefbere ierde. We brûke de ierde op. Ast rekkenst mei wat der beskikber is oan grûnstoffen per jier, hawwe wy op 29 july wrâldwiid de ierde opbrûkt en op 4 maaie al it Nederlânske part, we libje op de pof. Dat kin sa net trochgean, hoe lestich oft it ek is. Ik doch thús ek net alles perfekt duorsum, en ik hâld fan reizgjen. Mar we hawwe in sinneboiler, sinnepanielen en it hûs is isoleard. Ik fyts safolle mooglik, we ite net safolle fleis mear en we besykje produkten te keapjen mei sa min mooglik ferpakkingsmateriaal. En dan skriuw ik ek de fabrikant oan om te freegjen oft dat oars kin. Mar ik wit ek dat net elkenien dy keus hat. Witst? As it maklik wie om it oars te dwaan, hiene we dat allang dien.’

Yn Fryslân docht it wurk fan Circulair Friesland fertuten, der binne duorsume inisjativen rûnom yn de provinsje en dy leverje nije arbeidsplakken op. Stapke foar stapke giet it de goeie kant út.
‘Der ûntstiet in moai klimaat, we hawwe in enerzjykampus, in briedplak foar enerzjytransysje, in WetterCampus, yn Dokkum is der de boukampus, in proeftún foar sirkulêr bouwen, yn Easterwâlde stiet it Biosintrum. En in keunststofkluster op it Hearrenfean, dat goed is foar sa’n 120 nije arbeidsplakken.’ Yn dat ‘Circular Valley’ sit Omrin, dêr’t it plestik sorteard wurdt, Morssinkhof bout dêr no in fabryk foar plestik korrels, saneamd granulaat, en dêr makket Ikea dan wer meubels fan. In prachtich foarbyld fan in sirkulêr systeem. ‘It ryk hat sein, dat fine wy sa bysûnder, dat dêr no ek it nasjonaal testsintrum foar keunststoffen komt. Dêr kinne dan wer bedriuwen hinne mei nije ideeën foar bygelyks ferpakkingen. Talintfolle, jonge minsken wollle impact hawwe, ferskil meitsje. Sy moatte witte: wy moatte yn Noard-Nederlân wêze! Dit is in transysje mei de omfang fan de yndustriële revolúsje, en it is net sa dat we der hast binne, der moat noch safolle gebeure. En oft dizze krisis no wier it ferskil makket dat we nedich binne, kinne we spitigernôch allinne mar achterôf besjen.’

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels