Troch it each fan de kamera oer Skier

Publisearre op 30 september 2020

TSJOMME DIJKSTRA –

It Internationaal Kamermuziekfestival op Skiermûntseach giet oar wykein (2-4 oktober) yn oanpaste foarm troch. Neffens oprjochter Georges Mutsaerts hat de organisaasje alle war dien om de basis fan it festival, de kombinaasje fan muzyk en de natoer, oerein te hâlden foar de bysûndere kommende edysje. Sa as alle jierren komme der muzikanten nei it eilân en sil der rûnom op it eilân, op smûke plakken, trije dagen lang fan alles barre.

 

“Je gaat eigenlijk door de ogen van de camera over het eiland. De boot komt eerst op het eiland aan en we doen de voor iedereen bekende plekken aan.”

 

Dochs wurdt it in hiel oare edysje as alle edysjes út it ferline. Want der is gjin publyk fan de wâl by. It festival is yn stee dêrfan it hiele wykein út de húskeamer wei firtueel te folgjen. Yn goed oerlis mei de boargemaster fan Skier, Ineke van Gent, hat de organisaasje besjoen wat der mei alle beheinings mooglik wie om dochs, yn koronatiden, wat op it eilân te organisearjen. “In het COS (Cultureel Ontmoetingscentrum Schiermonnikoog) kunnen normaal 300 mensen naar binnen. Dat zouden nu 50 mensen zijn. Moet je dan voorrang geven aan vrienden van het festival? Of eilanders?”, wiist Mutsaerts op de dilemma’s en fragen dy’t by de organisaasje op it board leinen. “Je wilt zulke keuzes niet maken. We hebben er daarom voor gekozen er voor de wal een virtueel festival van te maken. Zodat er zo min mogelijk mensen van de wal naar het eiland komen.”

De beslissing om it festival firtueel trochgean te litten, naam de organisaasje op 14 maaie al. Eilânbewenners kinne as se wolle wol by de optredens wêze, mar foar wâlbewenners binne gjin kaartsjes te keap. Sa bliuwt de situaasje op it eilân folle oersichtliker. “We zijn daarna een beetje ingehaald door de versoepeling van maatregelen in de zomer. Maar we zijn hier nu wel heel blij mee”, stelt Mutsaerts. It firtuele festival is fergees te folgjen. “We hebben een hele trouwe achterban. We hebben al zoveel donaties ontvangen, dat we vinden het niet kies om nog meer van mensen te vragen”, leit Mutsaerts út. “Elk festival kiest z’n eigen weg in deze tijden. Mensen kunnen het festival (op de webside) wel waarderen met een gift.” De organisator seit dat it gegeven dat der gin publyk op it festival is, wol konsekwinsjes hat foar de folgjende edysje, yn 2021. Wat dy úteinlik wêze sille, kin hy yn dit stadium noch net oanjaan.

Georges Mutsaerts, dy’t út Bussum komt, is ek de ynisjatyfnimmer fan it Festival Jong Talent op Skier en it bûtenfestival Wonderfeel, yn ’s Graveland. Beide eveneminten koenen dit jier net trochgean. Op 14 maart stie it Festival Jong Talent plend. Twa dagen dêrfoar, op 12 maart waard lykwols it ferbod op eveneminten mei mear as hûndert minsken ynfierd en moast it festival op it alderlêste momint ôflast wurde. “Daar krijg je geen energie van”, sjocht Mutsaerts derop werom. Bliid wie hy mei de reewilligens fan publyk en fûnsen om de earste evidinte klappen foar it ôflaste evenemint op te fangen. “De fondsen hebben goed meegedacht en de artiesten zijn schadeloos gesteld. En 80 tot 90 procent van de mensen heeft het kaartje gedoneerd. En Wonderfeel (16-18 july), daar waren we op tijd voor om de schade beperkt te houden.”

Yn dizze drege, ûnwisse tiid foar de kultuersektor besiket Mutsaerts om pragmatysk te wêzen en mei de mooglikheden dy’t der binne plannen te meitsjen. “Dit seizoen heb ik als verloren beschouwd, we richten ons op 2021.”

Mar kommend wykein is der dus earst noch in alternative – en dêrmei ek wol hiel orizjinele – ferzje fan it Internationaal Kamermuziekfestival, dêr’t de organisaasje allegear fernimstige ideeën foar betocht hat. Minsken koenen yn it foar in pakket mei produkten fan Skiermûntseach bestelle, om sa it eilân in bytsje yn hûs te heljen. “En ook om de eilander bevolking, die veel inkomsten zijn misgelopen deze zomer, een beetje te helpen, natuurlijk”, seit Mutsaerts. De muzikanten dy’t optrede op Skier – ûnder mear Hannes Minnaar, it Busch Trio en Duo Serenissima – binne allegear fan Nederlânske boaiem. Dêrnêst binne der fia flessepost muzikale boadskippen fan bûtenlânske muzikanten te sjen dy’t oars op it festival spile sild hienen.

It programma, dat op de festivalwebside al rieplachte wurde kin, is foar in grut part ‘live’ en de measte ûnderdielen sille op spesifike tydstippen te sjen of folgjen wêze. “Je gaat eigenlijk door de ogen van de camera over het eiland. De boot komt eerst op het eiland aan en we doen de voor iedereen bekende plekken aan. We gaan naar Hotel Van der Werff. Misschien dat we nog ergens een visje zullen eten”, seit Mutsaerts. “En we sluiten zondagavond af met vier eilandzangers, die, begeleid door een strijkorkest, het eilandvolkslied zullen zingen, in een bewerking van Marijn van Prooijen. Als een gebaar van dank naar de eilanders toe.”

 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels