Omke ûle doart mear as er tinkt

Publisearre op 28 oktober 2020

WENDY KENNEDY – 

It springt gelyk yn it each: in grutte treurwylch yn waarme oranje, reade en giele hjerstkleuren yn in parkje. Op de eftergrûn wurdt in ûle achternei sitten troch in ein. It is omke ûle, de haadpersoan yn in nij printeboek fan Paul van Dijk. “Ik woe hiel graach in boek meitsje foar myn soan Hidde (6).”

 

“Der is flink wat konkurrinsje, dus it moat écht goed wêze ast opfalle wolst tusken al dy printeboeken foar bern.”

 

Nei trije berneboeken en ien dichtebondel foar folwoeksenen komt Paul van Dijk mei in printeboek: Omke ûle past op. It wie altyd in dream fan Van Dijk om in printeboek te meitsjen. Hy tekenet al fan jonge leeftiid ôf, sels al foardat hy oan it skriuwen begûn. In printeboek liket dus in hiel logyske stap, al wie it noch in hiele útdaging. “Der is flink wat konkurrinsje, dus it moat écht goed wêze ast opfalle wolst tusken al dy printeboeken foar bern.”

It ferhaal giet oer omke ûle dy’t it leafst lekker thús sit yn syn waarme en feilige cocon. Hy is benaud foar alles en doart de doar net út. Op in dei bellet syn sus dy’t him freget om op syn neefke Eppy te passen. Omke ûle stiet hjir net om te springen, mar it moat mar. It jonkje ferfeelt him al gau en wol de doar út. Omke ûle komt der net mear ûnder út. Sa geane se nei it park om de eintsjes te fuorjen, mar omke ûle wurdt oanfallen troch in ein. Dan geane se te boatsje farren, mar omke ûle falt yn it wetter. Dan wol it jonkje nei de merke foar in ritsje yn de achtbaan. No brekt it swit omke ûle pas echt út. Doart hy dizze stap te nimmen?

“It idee achter it boek is dat der yn bern in soad inisjatyf sit en dat se folwoeksenen oantrune kinne om dingen te dwaan. Faak is it oarsom, mar ik haw it omdraaid: it giet der om dat in folwoeksene fan in bern leare kin”, fertelt Van Dijk. “Bern sjogge gjin apen en bearen op de dyk. Uteinlik beseft omke ûle dat it ek in goed gefoel jaan kin om enge en ûnbekinde dingen te dwaan.”

Van Dijk hie ûnderfining mei it skriuwen fan berneboeken en skreau doe lekker troch. Mar by in printeboek leit dat dochs oars. “It is hiel lestich, want fertel mar ris in ferhaal yn tolve siden. It moat kompakt en ûnderhâldend wêze en in kop en in sturt hawwe. It is al gau tefolle dus ik moast in soad skrasse.” Om te sjen wat wol en net wurke lies hy it ferhaal faak foar oan syn soan Hidde. “Sa moast Eppy spuie doe’t hy yn de achtbaan siet en dat fûn Hidde hilarysk. Ik tocht: dat hâlde we der yn.”

De tekeningen yn it boek binne waarm en kleurryk, mar net hiel fel. Van Dijk hat der bewust foar keazen om de tekeningen fotografearje te litten troch in litograaf. “Dat gebeurt hast net mear, it wie ek noch in hiele toer om in litograaf te finen.” Wat him oansprekt is dat in yllustraasje net hielendal perfekt makke wurde kin, sa as op de digitale wize wol it gefal is. “De ambachtlike ferve draagt by oan in waarme útstrieling.”

Van Dijk hat de yndruk dat der bêst noch wol in soad yn it Frysk foarlêzen wurdt oan bern. De measte Fryske printeboeken binne oerset út it Ingelsk. “Ik fyn it belangryk dat der ek printeboeken yn it Frysk skreaun wurde. It is te gek dat ik in ferhaal yn myn eigen taal skreaun haw en hjir ek de tekeningen by meitsje koe. Sa kinst it ferhaal ek yn byld de Fryske sfear meijaan, en dat hast by oersette boeken net.” As foarbyld neamt hy de yllustraasje fan it parkje mei de treurwylch. Ik fyn dat in typysk Frysk parkje.”

 

 

Omke ûle past op is fan 5 novimber ôf te keap yn de boekhannels en yn de websjop fan de Afûk: www.websjop.afuk.frl

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels