Ferset en ferried as teatrale ‘thúsbeleving’

ELSKE SCHOTANUS – 

Dit jier, 75 jier nei de befrijing, soene rûnom yn Fryslân tal fan teaterstikken opfierd wurde dy’t mei de Twadde Wrâldoarloch te krijen ha, lykwols útsteld wurde moasten om tefoaren te kommen dat it coronafirus him ferspriedt. De Kraak van de kluis giet ál troch, al is it yn in oare foarm as oarspronklik de bedoeling west hat. Yn plak fan nei in foarstelling yn ’e iepenloft, kin it publyk in kaart oanskaffe foar in ‘teatrale thúsbeleving’.

Foar €19,43 krijt de taskôger op 26 septimber om 19.43, fia ynternet, net allinne tagong ta de livestream fan De kraak van de kluis, mar ek in jutesek mei dêryn ien en oar oan attibuten dat fan it online barren in wiere beleving meitsje sil. Toch, fertelt skriuwer, ynisjatyfnimmer en organisator Hein Jaap Hilarides, is der in risiko dat it firus mei de klompen yn it spul komme kin. Mocht ien fan de tritich spilers en meiwurkers test wurde moatte, dan kin der nammentlik net spile wurde. As ik by by him oanbelje is it earste dat er seit dan ek: ‘Earst even de regels: we hâlde oardel meter ôfstân, okee?’ (Opm.: Hilarides wurdt yn it Frysk sitearre, hy praat lykwols Bildtsk.)

 

De jûn fan de 26e septimber sil it heve. It tal sitplakken is ûneinich, en it publyk sit oant yn Washington.

 

It wie yn 1943 dat mannen fan achttjin jier en âlder troch de besetter oproppen waarden om, yn it ramt fan de arbeitseinsatz, twongen yn Dútslân oan it wurk. In knokploech dy’t, ûnder lieding fan Lolle Rondaan, fanút Liauckemastate operearre, die in oerfal op it gemeentehûs fan de gemeente It Bildt yn Sint Annaparochie, en krige sa it befolkingsregister yn hannen. Ien fan de ûnderdûkers op de state wie lykwols lid fan de SS, en ferrette de groep.

Yn 2017 publisearre Hilarides de roman De trekker fan Troje, in ferhaal dat him ôfspilet yn it boerefermidden fan It Bilt. It manuskript fan in roman dy’t oan De trekker fan Troje foarôf giet, en yn de oarlochsjierren spilet, is fierhinne klear. It heucht de skriuwer, dat doe’t er sels noch mar in jonkje wie, de soannen fan ien fan de ûnderdûkers – in Belg – op Liauckemastate wol by har op de pleats kamen te wurkjen, en altyd noch tankber wiene dat harren heit dêr de oarloch oerlibbe hie. ‘Op skoalle learst fan alles oer Napoleon’, seit er, ‘mar de skiednis leit rûnom om ús hinne, flak foar jins noas.’ It is de skiednis fan de eigen omjouwing, dy fan It Bilt, dy’t him fassinearret en sa kaam it dat hy op it ferhaal fan de knokploech stuite.

Alles kaam by elkoar: Hilarides syn al jierren slommerjende winsk om ris in teatertekst te skriuwen, syn fassinaasje foar pleatslike skiednis, ynbegrepen dy fan Liauckemastate, syn ferbjustering oer wat der yn de oarloch barre koe: in folk dat achter Hitler oanrûn, de miljoenen minsken dy’t ombrocht waarden. As er wat woe mei it ferhaal fan ‘de kraak’, wist er, dan moast it no, yn it befrijingsjier.

Hilarides fûn Sjoeke Marije Wallendal ree om de regy op har te nimmen. Doe’t se los soene mei de repetysjes, rekke it lân lykwols yn de ‘yntelliginte lockdown’. Troch mei de repetysjes, mei it risiko dat der, om in twadde útbraak, yn septimber net spile wurde kin? Dat wie gjin opsje, mar útstelle wie dat foar organisator en regisseur likemin. Ek fanút de kant fan provinsje en gemeente as meifinansiers wie der de winsk dat de foarstelling op ien as oare wize trochgean soe.

De kraak van de kluis as ‘einprodukt’ bestiet no út in miks fan live spile sênes, harkspuleleminten, yn it foar opnommen filmbylden en, net te ferjitten, de jutesek mei ynhâld. Sa is de oerfal op it gemeentehûs filme, en ek op Liauckemastate en de state Barrahûs binne filmopnamen makke. It op de jûn fan de 26e septimber sels live streamen fan de spilers, mei Romke Gabe Draaijer as KP-er Lolle Rondaan en Eline de Vries as syn Amsterdamske ferloofde Riek, makket mooglik dat ek de mimyk yn byld brocht wurde kin, sadat it publyk thús toch ticht op de hûd fan it teaterbarren sit. Dêrfoar is Faber Audiovisuals ynskeakele, in bedriuw dat grut wurden is mei ûnder mear ‘firtuele oplossingen’ foar live eveneminten. En hiel tafallich yn Sint Anne sit … Der wurdt mei meardere kamera’s wurke, en, sa seit Hilarides: se leverje topkwaliteit.

Op de fraach oft it stik net tefolle oer ‘helden’ gean sil, wyls ek in man as Frans Michon, de SS-er dy’t de groep ferrette, in nijsgjirrich figuer west ha moat, jout de skriuwer oan dat it lestich is dêr foarm oan te jaan. ‘It sit net yn ús holle dat soks kín. Der is ál besocht om dêr wat mei te dwaan. Michon hat in ‘troublearre’ jeugd hân, syn mem ferstoar, en ek syn twadde mem … Hy hie yn Dútslân west, doe’t er werom kaam woe syn heit him net thús ha.’ Gedachteleas, mar net dom, neamt Hilarides Michon. ‘Der is gjin swart en der is gjin wyt, it jildt foar de SS-ers, mar gauris likegoed foar fersetslju.’

Nei ôfrin fan de foarstelling sil der foar him en alle meiwurkers gjin applaus te hearren falle. Foar Hilarides sit de beleanning yn oare ûnderfiningen. Sa lies er de brieven dy’t Lolle Rondaan oan syn ferloofde Riek skreaun, en dy’t bewarre bleaun binne. It kontakt mei har dochter, dat mei oerlibjenden en neibesteanden meitsje dat it ferhaal foar Hilarides hiel tichtby komt. De bysûndere ferhalen dy’t er yn de tarieding te hearren krige, dát, sa is de skriuwer fan miening, dat is foar him it applaus. De opset, ynbegrepen it ‘stappeplan’ dat yn de jutesek sit om fan De kraak van de kluis in beleving te meitsjen, en de goerie om de foarstelling mei meardere minsken by te wenjen, meitsje dat it ferhaal foar it publyk likegoed tichtby komme sil. Sterker noch: dat it publyk dêr ûnderdiel fan wêze sil. De jûn fan de 26e septimber sil it heve. It tal sitplakken is ûneinich, en it publyk sit oant yn Washington.

 

Foar kaarten en mear ynformaasje: www.dekraakvandekluis.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.