• 25 juli 2014

    BOUKE VAN DER HEM -  De earste tarieding bestie út it tekenjen fan in lange pylk nei ûnderen ta, mei in fineliner waard der sadwaande fan ’e seame fan myn slip ôf op wiisd dat it de línkerknibbel wie dy’t ûnder hannen moast. Ommers, jonges dy’t ik mei sporten ornaris royaal achter my liet, koe ik mei dy wrakke knibbel net langer byhâlde. De ynliedende [...]

  • 15 februari 2014

    ANNE FEDDEMA -  Een boom van een vent, zo’n beetje twee meter, stond bedachtzaam om zich heen kijkend, tussen nog niet zo lang geleden geplante sparren, waarschijnlijk bedoeld voor het komende kerstfeest, waarvan de hoogste toppen nog steeds niet tot navelhoogte van de fors uit de kluiten gewassen man kwamen. Tenminste als je ervan uitging dat de navel óók op die hoogte zat waar hij [...]

  • 1 januari 2014

    BOUKE VAN DER HEM -  Neidat de klus dêr’t er foar kaam wie klear wie, smookte er ûnder de krekt ynstallearre ôfsûchkap syn earste sigret fan dy middei. De keuken dy’t er noch yn doazen nei binnen tôge hie – ynearsten by elk ûnderdiel de wurkskuon út, sa’t de baas de ynstallateursploech opdroech, mar yn ’e rin fan it karwei allinnich foar de foarm noch [...]

  • 12 november 2013

    HIDDE BOERSMA -  1. Denise sjocht nei Adriaan syn hûd. Hy hat krekt sein dat er fan har hâldt en doe hat se him oer it wang strutsen. Dat wang wie wer hielendal glêd, want Adriaan is in fint dy’t him altyd op ’e tiid skeart. Hy is mooglik noch bedeesder as sysels. Mar se hawwe nea rúzje. Mei Feite, har foarige freon, hie se [...]

  • 24 mei 2013

    Fan 'e middei naam Thys Wadman foar syn boek 'De oerwinnings fan Tido Houtsma' út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries yn Twizel de Simke Kloostermanpriis 2013 yn ûntfangst. Eardere priiswinner, freon en kollega-skriuwer Mindert Wijnstra skeau foar dizze gelegenheid it ferhaal 'Feest'. In ferhaal, mei in yllustraasje fan Babs Wijnstra, oer de haadpersoan fan it priiswinnende boek, Tido Houtsma.   MINDERT WIJNSTRA -  Foar Thys [...]

  • 19 februari 2009

    HARMEN WIND -   It wie in drokte fan komsa yn Fûgelwrâld. In keppel guozzen wie yn de skrep om in toaniel op te bouwen, in swarm swellen sylde troch de loft om oeral it nijs te bringen fan de wedstryd dy’t kommendewei wie. Hinnen stoden hinne en wer om romte foar it publyk te meitsjen en oeral klonk getsjotter en geskatter, en saaiden trillers [...]

  • 19 mei 2007

    Op it pompeblêd siet in kikkert en in eintsje fierder de flinter op in swanneblom. De kikkert blies sokke prachtige bellen oan wjerskanten fan syn bek dat er wat fan in generaal weikrige en begûn te kwekkerjen as spruts er in leger ta. Doe eage er nei de flinter en frege spytgnyskjend: ‘Kinsto dat?’ De flinter swijde. Har tonge gisele de blom yn. In amerij [...]

  • 19 april 2007

    ‘Goeie, ko,’ sei de protter. ‘Hâldst it noch wat kôgjende?’ De ko slokte en grommele: ‘Wat moat dat, lyts bretaaltsje?’ ‘Do weidest hiel wat ôf,’ gong de protter fierder, ‘foar dy pûde molke en dy hûd fol fleis.’ De ko swypke yn ien klap trije miggen dea en grânzge: ‘Hasto wolris in traap fan in kowepoat hân?’ Se sei mar wat, se wist sa gau [...]

  • 2 maart 2007

    HARMEN WIND -  ‘Wa seist dat kloppe?,’ frege it mantsje. Mei syn kastanjebrune plomsturt wiuwde er himsels en it wyfke koelte ta. It wie near yn it ferboude ûlenêst. ‘Dy bûnte!,’ snaude se, ‘dat hammeret mar gatten yn ús beam, in ûnderminende misliksma is it. Noch even, dan stekt er syn snaffel yn ús keamer!’ De mantsjesiikhoarn wie justjes dôf en waard dus altyd al [...]