XIII. It iikhoarntsje en de spjocht, yn: It Boadskip

Publisearre op 2 maart 2007

HARMEN WIND – 

‘Wa seist dat kloppe?,’ frege it mantsje. Mei syn kastanjebrune plomsturt wiuwde er himsels en it wyfke koelte ta. It wie near yn it ferboude ûlenêst.

‘Dy bûnte!,’ snaude se, ‘dat hammeret mar gatten yn ús beam, in ûnderminende misliksma is it. Noch even, dan stekt er syn snaffel yn ús keamer!’

De mantsjesiikhoarn wie justjes dôf en waard dus altyd al krêftich troch har tasprutsen, mar de ekstra lading fan diskear ûntgie him net. Hy klom nei it gat en loerde by de stam lâns nei ûnderen. En ja hear, healwei siet it kring fol oerjefte te hakken. It hie de gong der sa alderheislikst yn, dat er it troch syn hiele lichem triljen fielde. Dat sloech om yn in soarte fan ferlamming doe’t de spjocht even ophold. It trilgefoel like wol wat op benaudens. Maar dat wie it net, it fielde wol lekker, eins.

De iikhoarn liet him sakje oant er by de fûgel wie. Pas doe’t er neist him hong, krige dy him yn ‘e smiis en ûnderbruts syn gehammer wer. It triljen waard sûzjen. Hy kaam dalik op syn ûnderwurp.

‘Jo klopje nammentlik op ús beam,’ spruts er. ‘En wy, myn frou en ik, meitsje ús dêr, sis mar, soargen oer.’

Ta syn ferheardens lake de fûgel koart en skel.

‘Jo beam, jawis, wat oars. Mar witte jo net dat ik beammen ynspektearje op har solidens en hâldberens? En ik bin bang dat ik in tige ferfelend boadskip faor jo ha: dizze beam, dy fan jo dus, is ryp foar de kap. Ik ferklearje him ûnbewenber. Foar de aardichheid, sjoch ris…’ Hy begûn wer te hammerjen. De trilling dy’t no troch de iikhoarn luts, hie wól mei benaudens te krijen. Fine houtsplinterkes reinden op syn fel. Hookstrooks hold de spjocht wer op.

‘Sjochst wol? As bûter! Dat wurdt omsjen nei in nij ûnderkommen, freon!’ De fûgel gong op ‘e wjukken. Nog ien kear klonk dy laits.

De iikhoarn siet dêr, neist in pear splinterige boargatten, mei môge bestood.

Unbewenber ferklearre. Hoe lei er dit it froutsje út? Se wie swier. Se soe it ûlenêst nea opjaan wolle. En de froast kaam deroan…

‘Sa!,’ rôp er tefreden, doe’t er it hoal wer ynkaam. ‘Dy is fuort.’ It wyfke mike him erchtinkend oan.

‘Woesto sizze…’ begûn se.

‘Och,’ brimde er, ‘steil wurd, fansels, earst noch, mar it is ús beam op ’t lêst. Dat ik ha mei him ôfweefd.’ En hy krôep har noflik oan. Noch even hold it wyfke de earen spitst, mar yndie: it hammerjen bleau út. En se joech him wat er fertsjinne.

Doe’t, net lang dêrnei, it pearke út ‘e sliep helle waard troch in triljen dat sels de beam troch ieren en sinen gong, en in helsk geraas dêrboppe-út, wist it mantsje wol hoe let it wie. Mar der wie gjin tiid mear om it te fertellen.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 6 (2007), 2 (maart) s. 36-37.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels