II. De kikkert en de flinter, yn: Oermacht
Publisearre op 19 mei 2007
Op it pompeblêd siet in kikkert en in eintsje fierder de flinter op in swanneblom. De kikkert blies sokke prachtige bellen oan wjerskanten fan syn bek dat er wat fan in generaal weikrige en begûn te kwekkerjen as spruts er in leger ta. Doe eage er nei de flinter en frege spytgnyskjend:
‘Kinsto dat?’
De flinter swijde. Har tonge gisele de blom yn. In amerij beweegde se har flerken op en del, sadat it sinneljocht op ‘e kleuren skittere.
De kikkert sykhelle djip, sette ôf en ferdwûn mei in swide sprong ûnder wetter. Even letter dûkte er op neist de flinter. Syn griene rêch gluorke fan wille, doe’t er frege:
‘Kinsto dat?’
De flinter sei neat. Mar ynienen djoeide se boartlik boppe de bolle eagen fan de kikkert en nei in pear rûntsjes siet se samar mei trinten triljende wjukjes op in barchjeblom.
De kikkert sette in krop, blies ôfgryslik grutte bellen, kwekkere as in ein, makke noch in alderheislikste sprong en bleau wol in minút ûnder wetter. Doe’t er wer njonken de barchjeblom opdûkte, hie it der wol oan dat er syn laitsjen ynhâlde koe, wylst er sei:
‘Dat kinsto net hè’n?’
De flinter hold har katoen. Al har oandacht wie by in rûp dy’t dwaande wie om him te ferpopkjen.
Earder publiseard yn de Moanne, 6 (2007), 4 (maaie), s. 32-33.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Proaza
MINDERT WIJNSTRA - In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]