Tinkst oan Feite

HIDDE BOERSMA – 

1.

Denise sjocht nei Adriaan syn hûd. Hy hat krekt sein dat er fan har hâldt en doe hat se him oer it wang strutsen. Dat wang wie wer hielendal glêd, want Adriaan is in fint dy’t him altyd op ’e tiid skeart. Hy is mooglik noch bedeesder as sysels. Mar se hawwe nea rúzje. Mei Feite, har foarige freon, hie se suver alle dagen rúzje en fleach de húsrie betiden troch de keamer.
Der is oer it gehiel wat mei dy hûd fan Adriaan. De hûd fan syn earms liket wol dea. Syn earms binne bleek mei wiid útinoar steande swarte hierren.
‘Sille we noch wat drinke, of wolst fierder?’ freget er har.
Hy lit it altyd oan har wat der barre sil. It makket dat Denise har hieltyd minder in frou fielt, en ek minder kreas. It is as wjerspegelet Adriaan mear en mear yn har.
‘Litte we in bierke nimme,’ seit se.
Se hawwe krekt in gleske fris dronken en moatte noch in ein werom kuierje nei de camping.
‘In bierke?’ seit Adriaan.
Denise seit neat, mar knikt.
‘Okee,’ seit Adriaan en hy stekt de hân op nei de famkes fan ’e betsjinning. De kreaste, tafallich.
Energyk rint se nei harren tafel een glimket Adriaan útnedigjend ta. Se is echt moai, sjocht Denise. Mar Adriaan liket it net te sjen en sûnder mar in swiem fan flirterij bestelt er twa glêzen bier.
‘Grosse oder kleine?’ freget it famke wylst se ek Denise even oansjocht.
Adriaan sjocht Denise even oan en seit dan: ‘Kleine, Bitte.’
‘Okee,’ seit it famke en as se fuortrint sjocht Denise dat se ek in pear goedfoarme billen hat. Mar Adriaan taalt der net in tel nei om. Is er sa opteien mei har, Denise, dat er neat mear sjocht, of sjocht er deagewoan neat? Syn desynteresse yn it famke fan ’e betsjinning makket dat Denise har ôffreget oft er har dan wol sjocht, oft er har wol begeart.
Feite hie it famke ynpalme mei syn eagen en har by it fuortrinnen neisjoen as immen dy’t net litte soe wat koe. Dat makke Denise dan wol altyd wat lilk en jaloersk, mar se fielde har tagelyk ek begeart. Want se wist wat Feite fan har lichem fûn. En Feite hie seker gjin lytse bierkes bestelt, alteast net foar himsels.
Oardel jier lyn makke Feite it út. Dat wie yngripend en om Denise hie it net hoecht, mar se wit noch dat se sei: ‘Do hast ús ferlosse fan ús.’

2.

Djip ûnder de ruten rûze de stream griisfertroebele berchwetter lâns de rotsen. Beskieden wie de stream no, mar ek dit foarjier hie de lawine oan smeltwetter de hege rinbrêge meinaam yn har geweld. Der wie sels in hoeke berch losrekke dêr’t lju ferline simmer noch ûnbesoarge kuieren, wylst harren bêrn blier in eintsje foarút giene. Feite harke nei it rûzjen en socht nei libbensnocht om út bêd te kommen. Oer in heal oerke soe it moarnsiten wer klearstean yn de ytseal fan it pension, in âld kuuroard mei geneeskrêftige mineraalbronnen. Neist him hearde er Denise sykheljen. Se sliepte net mear en like te wachtsjen oant hy einlik yn aksje komme soe, en dat makke him noch mismoediger. Se soe ek neat sizze, wist Feite. Se soe wachtsje oant hy lûd joech. Hy die de eagen ticht en helle djip nei siken en hy fielde dat er de lucht, sa lizzend op ’e rêch, útblaze soe op it ritme fan syn ergernis. En dat soe alles allinne mar slimmer meitsje. Lokkich dat er dat op ’e tiid yn ’e gaten hie. Hy ûntspande him en mei in kwike sprong stie er neist it bêd.
‘Soa, do hast der nocht yn hjoed,’ sei Denise wylst se har op in earmtakke oerein triuwde, en de glim dy’t se derby makke like fan itselde skaai as Feite syn sprong út it bêd. Achter har ophelle noastergatten huzen de opsteapele ferwiten en Feite seach it. Hy fielde him lilk wurden mar mei it besef dat der yn al dy ferwiten ek in passy omgie sprong er by har op bêd en tute har.
‘Kom, litte we genietsje fan ’e dei,’ sei er, ‘kom oerein, we moatte hast te iten.’

Se giene elk mei in handoek de gong op en groeten de oare gasten dy’t harren, al of net noch yn pjama, ek opmakken foar it moarnsmiel. De plankenflier kreake âlde toanen. Under de douche fielde Feite him goed. Hy hie de moarn rêden – of: net ferbruid – en de dei in slinger yn de goede rjochting jûn. Boppedat wie it waar goed en hiene se harren net opjûn foar in kuiertocht. De dei wie oan harren sels. En Feite fielde der ynienen foar om dêr te sjen dêr’t de stream fan lâns it pension útkaam yn ’e gruttere stream dy’t ûnder yn it dal troch de doarpen en de stedsjes rûzet.

Fris yn ’e klean namen Feite en Denise elk oan in kant plak oan de itenstafel dy’t se dielden mei in fêst klupke oare gasten.
‘Moarn,’ sei elk.
Se sieten no al in goede wike mei deselde lju oan tafel en de sfear wie goed. Moarns waard bepraat wat elk de deis foar plannen hie foar de dei, en jûns waard de dei besprutsen. Ek middeis koene je ite yn de ytseal, mar dat hiene Feite en Denise noch net dien. Se wiene deis op in paad en smoarden by it moarnsmiel in stik as wat broadsjes foar de lunch.
‘En, Feite, hawwe jimme al plannen?’ frege Joost oan Feite, wylst er Denise ek even oanseach.
Feite wie bliid dat Joost dat die en hy joech Denise in knypeach. Se moast der ferlegen fan glimkje, al spanden ek doe har noastergatten wat oan.
‘Nee, noch net,’ sei feite, ‘mar ik ha wol in idee.’
‘O,’ sei Joost.
‘Mar dat moat ik earst mei Denise beprate,’ sei Feite en hy ferwûndere him oer himsels. As er him no ris altyd sa opstelde, dan soe it mei him en Denise grif stikken better gean.

3.

Denise kin har noch goed foar de geast helje hoe’t Feite op in jûn de tillevyzje mei oerkrêft fan it tafeltsje tilde en út de oanslutings skuorde. Hy smiet it apparaat net troch de keamer, mar sette it wer teplak.
‘Ik wurd hielendal gek fan dy,’ sei er rêstich, ‘en sá wol ik my net gedrage.’
Mar ‘sa’ die er altyd. Hy waard altyd gek fan har, wat se ek die. Alteast, sa kaam it op Denise oer.

4.

‘Smoarre we lunch?’ frege Denise oan Feite.
‘Ja,’ sei dy.
‘Wat wolst dwaan dan?’ frege se.
‘Ik wol dêr sjen dêr’t de stream fan hjir útkomt yn de stream ûnder yn it dal.’
‘O, dat is leuk,’ sei Joost.
Dêrnei eamelen Feite en Joost in skoftke oer Feite syn plan en ûntstie by Feite de yndruk dat Denise ek foar it plan yn wie.
‘Sille we dit plan hjoed ûndernimme?’ frege er foar de wissichheid oan Denise.
‘Ja, dat is goed,’ sei Denise wylst se wat tefolle knippere mei de eagen.
‘Echt in leuk plan,’ sei Joost nochris.
Hy tearde in pear servetten om in broadsje dat er foar de lunch meinimme soe en frege syn soantsje oft dy noch in extra broadsje foar de middeis hawwe woe. It jonkje skodholle en dronk syn glês sûpe yn ien teuch leech.

Mei de tassen fol iten en drinken op ’e rêch stutsen Feite en Denise it brêchje oer it streamke oer en sloegen it paad yn dat heech op ’e rotsen de stream nei ûnder folge. Dat paad soe úteinlik liede nei in doarpke en de stream fierder net mear folgje. Se moasten it doarpke troch gean en dan de autodyk folgje oant de autobrêge oer de stream. Dêr hiene se in pear dagen earder al oan ta west en fan de brêge ôf de djipte ynsjoen hoe’t it streamke oer de rotsen glide, hobbele en spatte. Heech op ’e linker ouwer wie noch in soarte fan yndustryterrein en dêr soene se dan in tagong ta de ouwer fine moatte. It wie lang net wis oft de ûndernimming slagje koe.
‘Wêrom praatst do altyd safolle,’ klonk ynienen Denise har stimme achter him.
Har stimme klonk brutsen en feninich.
‘Wat?’ frege Feite ferbjustere, want hy hie echt mient dat it hjoed wol goed komme soe.
‘Feite is sa leuk, Feite is sa gesellich,’ sei se teatraal, ‘elkenien wol mei Feite prate.’
‘Ja, en?’ sei Feite, ‘dat is dochs moai?’
‘Ja, mar mei my? Mei my prate se net!’ sei Denise skel.
‘Jawol, se prate mei ús, mar ik praat mear as dy,’ besocht Feite de angel út har stikeligens te heljen.
‘Do praattst tefolle, juster ek. Wêrom kinne we net gewoan fuort nei iten fan tafel. De hiele seal wie al leech, mar do siest dêr mar te praten.’
‘O, ik wist net dast dêr juster in probleem mei hiest.’
‘Jawol,’ sei Denise wylst se har mûle skeef luts om it skriemen noch even tsjin te hâlden.
No haatte Feite har. Hy naam him foar it nei de fekânsje út te meitsjen. Wat in oanstellerij.
‘Sis dan tsjin my: Feite, sille we gean,’ sei Feite.
‘Dat ha ik dien, mar do heardest my net iens,’ sei Denise mei in djippe sucht. It wie der út.
En Feite skrok der fan.
‘O, dat spyt my dan in hiel soad,’ sei er.
Hoe wie it dochs mooglik dat er it altyd sa bjusterbaarlik goed ferpeste koe. Hy hope dat syn skrikreaksje en ekskuses genôch wiene om yn ridlike harmoany fierder te gean mei de kuier. Se wiene noch mar healwei it kuierpaad troch de bosk nei doarpke fierderop. Mar Denise feide in trien fan it wang en sette troch. Se wie echt oantaast yn har weardigens.
‘Do sjochts my noait,’ sei se, ‘Noait!’
Feite wist sa gau neat te sizzen. It foarfal fan juster joech har gelyk.
‘En oaren sjogge my ek net,’ gie se troch, ‘net ien!’
Feite suchtte. No oerdreaun se wer. Al koe se heus wat oanwêziger wêze.
‘Lit dysels dan ek wat mear sjen,’ sei er.
En dat hie er net sizze moatten. No wie se hellich en segene se him út foar alles dat moarnsbetiid noch skûlhâlde achter de oplutsen noastergatten. Der wie neat tsjin te begjinnen. Hy hie gjin poat mear om op te stean. Juster hie er har net stean sjoen en no die er har in ferwyt. Hy rekke har twa kear op it seare plak. Hy haatte dat seare plak en waard no sels ek lilk.
‘Hâldt dochs op fan janken, wat berikke we dêr no mei,’ raasde er, ‘ik ha al fan sorry sein, wat wolst noch mear?’
Mar se woe net mear. Se wie lilk en dat woe se wêze.
Yntusken stiene se al in skoftke stil op in trijesprong fan kuierpaadsjes.
‘O,’ sei Feite, ‘litte we dit paad besykje, misskien komt dat wat leger út.’
‘Do lústerst net iens,’ raasde Denise en se biet op har tosken, ‘ik bin lilk en do wolst fierder kuierje.’
‘Ach,’ sei Feite en hy sloech it paadsje yn en rûn hurd fierder. Achter him hearde er de boaze stappen fan syn freondinne. Al naam er him foar dat se dat net lang mear in stel wêze koene.

5.

Adriaan en Denise sitte net oan ien fan de trije tafels op it terras fan wêrwei’t je in geweldich útsjoch hawwe oer it dal, mar moatte it dwaan mei in tafel oan de sydkant fan it restaurant. Se sjogge út op de berchwân en it keale ûnderste diel fan ’e stammen fan in pear ûnbiedich hege spjirren. It is harren earste fekânsje tegearre en se steane no al in wike op in camping yn in djip dal en alle dagen kuierje se wat yn de bosken der omhinne om, en ien dei hawwe se swommen yn de mar dy’t der net fier by wei leit. Adriaan is leaf foar har. Se hawwe oan no ta om ’e dei itensean op de gasbranners en hawwe alle kearen tegearre de ôfwosk dien. Yn de tinte hawwe se ien kear frijt, mar yn de bosk of yn de mar rekke er har noch mei gjin finger oan. As se harren yn ’t iepenbier bejouwe is it krekt as oft se gewoan mei in goede freon op in paad is. In freon dy’t se net iens spesjaal oantreklik fynt. As se der oan weromtinkt frijde Feite eins noait yn de tinte mei har, mar as se yn de bosk wiene socht er altyd stille plakjes op en yn it wetter woe er altyd wol. Yn de natoer koe Feite somtiden op it bisteftige ôf bronstich wurde. Dêr mocht se wol oer.
Op in dei wiene se ris te kanofarren yn in marregebied mei in hoeke mei smelle streamkes en lytse petgatten. It rûkte dêr nei rotsjende planten en sa no en dan kaam in swiem lucht fan in bloeiende blom foarby. It wie in hite dei en Feite hie it shirt útlutsen en sy hie in himtsje oan en de beha der ûnderwei helle. Op in stuit seagen se op mar oardel meter in falkje sitten op in hekkelbult. Hy seach harren net om’t er te drok dwaande wie om stikken fleis los te skuorren fan de proai dêr’t er boppe-op stie. Je koene prachtich sjen hoe moai oft sa’n bist wol net is, sa perfekt útsnien en krêftich yn syn elemint. Oft it no fan it falkje kaam, of fan Denise har skjintme, mar Feite skode de kano njonken har en begûn har pasjonearre te tútsjen en sei dat er har sa net-te-leauwen begearlik fûn.

6.

It paad dat Feite foar Denise út ynrûn wie, wie net it harren bekinde paad nei it doarpke, mar gie wat tichter by de steile râne lâns. En djip dêrûnder dendere de stream. Op de oare ouwer wie in útsjochpunt en dat hiene Feite en Denise ek al ris besocht. Dêrwei koene je sjen hoe’t de rivier djip tusken twa steile rotswanten trochbrûze. De stream wie dêr frijwat smel en it wetter foel oer de iene nei de oare dikke stiene dy’t ea tusken de rostwanten klem rekke wie. Feite rûn stevich troch, mar doe’t er op in iepen plak útkaam dat útsjoch bea oer in stik fan it dal fan de gruttere stream en se yn it sinneljocht stiene hâlde er stil en draaide him om nei Denise. Troch it rinnen en de tiid wie se al aardich kalmearre. Hy hie it oan har stappen heard.
‘Denise, it spyt my oprjocht fan juster en ek myn opmerking fan sakrekt wie net goed,’ sei er.
Denise ferbite noch in pear triennen, mar sei doe: ‘okee.’
Feite suchtte en sloech in earm om har hinne. Hy seach oer har holle út oer it dal en naam him foar der nochris goed oer nei te tinken wat se no moasten, want it wie faaks dochs in goed idee om it út te meitsjen. Altyd dy rúzjes. Altyd dat gegryn. Hy altyd sa lomp. Sy altyd kwetst.
‘Kom, litte we mar fierdergean,’ sei Feite, ‘fynst it wol in moaie ûndernimming?’
‘Jawol,’ sei Denise wylst se in lêste trien fuortfage.

It paad kaam út yn in speldebocht fan de dyk nei it doarp en dêr stie in bankje. Fol yn ’e sinne en mei in geweldich útsjoch oer it gloaiende griene beamkrunetek op de flanken fan de bergen. Feite en Denise giene op it bankje sitten en dronken wat wetter en ieten in broadsje. Feite sloech nochris de earm om Denise en joech har foarsichtich in tútsje. Al fielde it heal om heal noch wat as toniel, want yn syn holle hier er ûnderweis al ôfskie fan har nommen. En no like alles wer de oare kant op te gean. Denise har gesicht wie noch wat bleek fan de lilkens en de triennen, en dan wie se net op har moaist, mar likegoed fielde Feite in seksuele lust opkommen.
Hy snijde noch twa grutte stikken fan in hompe tsiis en dêrnei folgen se de autodyk nei ûnderen. Hy liet Denise foarrop rinne en seach nei har lange krêftige skonken en har rûne billen yn it rôze ultra-koarte broekje. Goeie billen hie se seker. Stadichoan seach er ek wer it goeie fan har yn. Se wie kreas en yntelligent. Wie se mar wat minder gau fan it stik, dat soe in hiel ein skele.
‘He, lekkere kont,’ rôp er har ta. Ferlegen laitsjend seach se om en koe er moai har moaie profyl sjen. Har gesicht wie fan alle kanten besjoen kreas. It strielde in soarte fan prînseseftige klasse út. Feite herinnere him in dei dat se nei see giene om te flanearjen oer de boulevard. Denise droech in jurkje en wie dy dei geweldich moai. Hy fielde him hielendal teplak.
Krekt foar de brêge dy’t heech boppe de stream oer de kloof en de rotsen lei, moasten se de ôfslach nei it yndustryterrein op de ouwer yngean. Fierder dan dit punt wiene se noch net west en no wie it ôfwachtsjen oft se dêrwei in mooglikheid fine koene om by de fuuzje fan de twa streamen te kommen. Op it terrein leine grutte steapels kappe beammen en steapels peallen en planken dy’t hja dêrfan makke hiene. Der stie ek in hiele rige hokjes en doe’t se dêr tichtby kamen begûngen in stel hûnen mâl en driigjend te blaffen en die bliken dat it om in asyl gie. Feite en Denise bliuwen even stean en seagen ris om har hinne om de fierdere koers te bepalen. Denise wie wer hielendal op skik, se hâlde altyd fan paadsykjen.
It like derop dat de dyk oan de oare kant fan it terrein ek fierder gie. Se hiene gelok en koene in slingerjend paad nei haadstream troch it dal folgje en dêrnei lâns de ouwer nei it fuuzjepunt rinne. It wie prachtich om te sjen hoe’t it grize wetter fan de lytse stream him fermong mei it blauwe wetter fan de haadstream. In meter as tritich lang hâlde it wetter in grize kleur, mar dan wie it ynienen blau. As oft it grize wetter ta de oarder roppen waard. Ho, net fierder! Feite en Denise stiene der in skoftke nei te sjen en bearden der even oer.
It fuuzjepunt blykte frijwat breed en de stream wie goed krêftich. Hjir en dêr moast it wetter wike foar in grutte stien of stuts de tûke fan in beam as in om help roppende earm boppe it wetter út. In meter as tweintich streamopwaarts leine grutte stiennen en beamstammen yn it wetter. Feite en Denise rûnen derhinne om te sjen hoe ’t it der dêr by lei. Fia in beamstam koene se healwei de stream komme, mar yn ’e midden jage it wetter mei geweld tusken twa grutte stiennen troch. De beamstam wie heakjen bleau efter ien fan de stiennen, mar om fan de ien op de oer te kommen wie in sprong nedich dy’t hiel min ôfrinne koe. Boppedat wie it noch mar de fraach hoe’t it derby lei as se op de twadde stien bedarren.
‘Foar sa’n sprong moat ik achterfolge wurde troch in bear,’ sei Feite, ‘hjir stekke wy fuort net oer, we sille sjen moatte oft it earne stream op wol kin.’
Denise wie altyd in kriichshaftich famke dat hâldt fan soksoarte fan jongenseftige avontoerjen. Enthousiast gie se foar Feite út oer de stiennen op de ouwer op syk nei in plak om oer te stekken. In soad famkes soene nea meigean yn sa’n avontoer, besefte Feite him. Hy stie even stil om te genietsjen fan de omjouwing en it momint.
‘Misskien kin it hjir wol,’ rôp Denise him. Feite sette gau op har ta en tegearre beseagen se it plak dat Denise fûn hie. It like moaier as it wie. De sprong dy’t fan harren frege waard wie noch behypliker as de sprong by it krúspunt, om’t se dêr noch fan heech nei omleech moasten.
‘Nee, hjir kin it ek,’ sei Feite en se giene mei tanimmend entûsjasme fierder. Underweis waarden se likernôch hieltyd ôfled troch de moaie patroanen dy’t it oerflak fan de stiennen hiene. En sa no en dan fûnen se it restant fan in objekt dat de stream meisleurt hie oan it begjin fan it foarjier. Se fûnen ferskeidene skuon, mar ek dikke balken en grutte metalen beugels dy’t brûkte wiene foar de hingbrêgen boppeoan de berch by it pensjon. Sa no en dan liken se it idee om de stream oer te stekken hielendal te ferjitten, mar dan ynienen brocht in fersmelling yn de stream har werom by harren plan. Op in stuit hie Denise it mei in grutte ynspanning en help fan in stok foarinoar krige healwei de stream te kommen, mar se koe net fierder en rôp Feite om har te helpen om werom te kommen. Hy pakte har by har tengere mar krêftige earm en holp har werom op de ouwer. It fysieke kontakt en it inoar help brocht harren wer wat tichter by inoar. Denise har earms wiene krêftich troch de klimsport dêr’t se oan die. Dat wie op de ien as oare manier behoarlik sensueel. Doe’t se ris te kanofarren wiene op in hite dei en Feite har mei dy earms peddeljen seach, woe er neat leaver as mei har op de wâl lizze. Hy liet de kano njonken har glydzje en begûn har fol fjoer te tútsjen en treaun syn hân yn har brûkje. Itselde brûkje dat se hjoed oan hie.

7.

It famke fan de betsjinning set de glêzen bier foar Adrian en Denise del. Se proaste en sjogge inoar oan. Adriaan glimket wat flautsjes nei har en Denise fielt neat as se yn syn eagen sjocht. Se nimt in slok bier en sjocht ris nei it útsjoch dat se hawwe fan it terras ôf: de berchwân.
‘Moai net,’ seit Adriaan. It is dúdlik dat er oanfielt dat der fielt dat it net hielendal goed sit en dat er ek mei oan is. It útsjoch moai? Feite hie demonstratyf wachtte oant ien fan de trije tafels oan de foarkant frij kaam. Dy soe en moast altyd op it bêste plak sitte. Denise hellet har noastergatten op en swijt. Alles yn dizze omjouwing docht har tinken oan Feite, sels Adriaan, trochdat er yn alles net op him liket.

Hie se Feite te maklik gean litten? As se op harren relaasje werom seach, hiene se úteinlik alles oprêden. Se hiene tegearre in soad trochstien en opbrocht. Mei Adriaan kuiere se braaf fan A nei B oer de paden, wylst Feite altyd fan de paden ôfbôge om sels in wei te finen nei B.. Se mist him, fielt se. En dat wylst se eins al in heal jier suver net oan him tocht hie. Justermiddei wie it begûn. Se sieten yn de bus nei it doarp om dêr wat op it terras te sitten en letter om boadskippen út te gean. Op in stuit ried de bus oer in brêge oer in lyts streamke en Denise herinnere har fan de foarige kear dat se dêr lâns kamen dat der rillegau in bushalte wie.
‘Sille we hjir útstappe en dan by it rivierke lans strune?’ sei se entûsjast.
‘Eh,’ hie Adriaan sein, ‘is dêr in paad dan?’
De moed sakke har troch dy fraach al hast yn ‘e skonken, mar se hâlde fol.
‘Dat makket net út,’ sei se en se skuorde Adriaan mei de bus út.
Mar de tocht stream ôf oer de rûge ouwers hie neat foar Adriaan west. Hy hie mar wat skiterich achter har oan sukkele en wie sels in kear hurd fallen doe’t er útglide oer in stien. Syn broek en shirt wiene oan ien kant hielendal wiet wurden en hy seach der út as oft er wol gûle koe. En doe’t Denise him sa sitten seach op in stien en him oer de seare skonk wriuwde, miste se as by tongerslach Feite. Mei him wie se in jier as wat lyn in stream oerstutsen troch sels stiennen en beamstammen yn de stream te smiten.
‘Wy kinne alles wol trochstean,’ hie Feite doe optein sein doe’t se elk feilich op de oare ouwer stiene. Se wie him yn de earms fallen en hy hie har tute mei in sêfte krêft. Earder dy dei hie se noch bang west dat er it út meitsje soe, om’t er har gûlen wer ris net ferdrage koe. Want foar it fertriet dat Feite har ek faak oandie, hie er folslein gjin begryp.

‘Tinkst oan Feite?,’ freget Adriaan wylst er har hân mei oprjochte belutsenens beet pakt.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.