Leuk

BOUKE VAN DER HEM – 

Neidat de klus dêr’t er foar kaam wie klear wie, smookte er ûnder de krekt ynstallearre ôfsûchkap syn earste sigret fan dy middei. De keuken dy’t er noch yn doazen nei binnen tôge hie – ynearsten by elk ûnderdiel de wurkskuon út, sa’t de baas de ynstallateursploech opdroech, mar yn ’e rin fan it karwei allinnich foar de foarm noch wat fuotfeiend –, dy keuken stie der no prachtich by. Okee, in djoer gehiel wie it net, earder in B-klasser, mar toch seach er tefreden op it karwei en it resultaat werom.

Fan de frou hie er nei de kennismakking amper mear wat fernaam, se brocht har bern nei skoalle en frege dêrnei wat er yn de kofje ha woe; fatsoenlik frommes. Doe’t er in kear of wat nei de auto moast om ark, hie er út eigen beweging in doarskruk fêstset; soks dienen hy en syn kollega’s inkeld wolris faker foar in goeie klant.

Hy rôp troch de doar fan de wenkeamer oft se efkes komme woe om te sjen nei de rjochte hichte fan it boppeste ljochtarmatuer; de doar hold in bytsje – soe er aanst noch efkes nei sjen. Sy kaam en wiisde it punt oan, op har teannen steand, laitsjend, har eigen lingte wat begekjend. En se hie yn ’e rin wei frege oft er noch kola woe, faaks in pilske? Doe wie se ek wer fluch fuort; gewoan leuk.

Mei’t er it ark byelkoar hie, rôp er foar har hantekening op de wurkbon en it oerlangjen fan de boekjes oer gebrûk en garânsje. De tefredenheid hie er ferwachte. En de papierwinkel wie flot oprêden. Hy rûn achter har oan, se soe him útlitte.

Ja, dat mocht er wolle: ynstee draaide se foar syn eagen de bûtendoar yn ’t slot. En gong foar him stean, pontifikaal, yn spriedstân, earms demonstratyf oer mekoar hinne, boarst foarút. ‘Do bist hjir foarlopich noch net klear, no is it myn beurt!’ O, jezus, nee toch, no sille we it beleve …. De dikke ferhalen fan kollega’s dy’t dan toch wier blike! En dat dochterke dan, wêr liet se dat salang?

‘Ik haw in hearlike ynwijing foar dy, haw alles yn ’e hûs …’ Hy hikke sis mar nei de siken. Dêrtsjinoer, jou no mar ta: sa’n aventoerke, dit dinkje, it híe ek wol wat, of net soms. ‘… ik sied foar dy it hearlikste miel datst dy mar dreame kinst, liket my leuk.’

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.