Feest

Publisearre op 24 mei 2013

Fan ‘e middei naam Thys Wadman foar syn boek ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’ út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries yn Twizel de Simke Kloostermanpriis 2013 yn ûntfangst. Eardere priiswinner, freon en kollega-skriuwer Mindert Wijnstra skeau foar dizze gelegenheid it ferhaal ‘Feest’. In ferhaal, mei in yllustraasje fan Babs Wijnstra, oer de haadpersoan fan it priiswinnende boek, Tido Houtsma.

 

MINDERT WIJNSTRA – 

Foar Thys

‘Noch ien kear: moarn om tolve oere pankoekite yn de feesttinte, om healwei twaen begjinne de spultsjes op it sportterrein en om sân oere ha wy optocht. De start is hjir by skoalle. Dúdlik?’
De hiele groep knikt ferfeeld. Jetse syn holle sakket foaroer op ’e tafel. Hy makket in lûd as moat er kokhalzje.
Lútsen stekt de finger op: ‘Moat it echt, master?’
Master Tsjerk sjocht him freegjend oan. ‘Wat bedoelst, jonge?’
‘No, dy spultsjes en sa. Wy binne gjin kleuters mear!’
‘Jim dogge slachbal. Tsjin de kristlike skoalle. Dat is echt gjin kleuterspultsje.’
‘Slachbal… pfff. Dat is foar famkes… dêr doch ik net oan mei, dan bin ’k wol siik.’
Master Tsjerk suchtet. ‘Noch mear dy’t der gjin nocht oan ha?’
Jetse bliuwt foaroer op ’e tafel lizzen, mar stekt de hân omheech. Achter my hear ik Froukje gycheljen. ‘Ik ek net, master, en oan de optocht doch ik ek net mei.’
Ik snap har wol. As Lútsen net meidocht, dan wol sy ek net. Se sit leaver mei him yn ’e sweef as op ’e fersierde wein. Ik soe ek leaver mei har yn ’e sweef sitte, mar dat doar ik net te sizzen. Dochs haw ik de hân al omheech, ik wol net achterbliuwe.
‘Tido? Do ek net?’
Ik skodholje. ‘Gjin spultsjes en gjin optocht. En ik hoech ek gjin pankoeken.’
‘Moaie boel,’ seit master. Hy sjocht ús wat ferwitend oan. ‘Hoe moat it no? Ik ha tsjin de âlderkommisje sein dat alle bern meidogge oan de optocht.’
‘Ik wol ek wol meidwaan,’ ropt Froukje, ‘dêr giet it net om. Mar ik wol net by de kleuters op ’e wein.
Ik betink sels wol wat, as ringroep!’
‘Ja!’ fearret Jetse oerein, ‘ik ek. Ik bin ek in ringroep.’ Master knikt. It liket wol as fynt er it noch net sa’n raar idee. It is ek gjin raar idee, betink ik ynienen. Miskien kinne wy mei ús fjouweren noch wol wat fersinne.
‘Tido?’
‘Ja, ik betink wol wat mei Lútsen, master. Wy kinne noch wol in fersierde karre meitsje.’
Lútsen sjocht my ferheard oan.
‘In karre meitsje?’ Master sjocht fan de iene nei de oare. ‘Wannear wolst dat dwaan?’
‘Moarntemiddei, as de oaren spultsjes dogge.’
‘Yes!’ Jetse is wer hielendal wekker. ‘Goed idee Tido. Ik doch mei!’

It is stil op it plein de oare middeis. Frjemd stil. Elkenien is op it feestterein. Ut de fierte wei hear ik flarden muzyk. De doar fan de skoalle stiet iepen, mar der is gjinien.
Lútsen en Froukje komme tegearre oanrinnen. Sy hawwe al te pankoekiten west. Lútsen hat de sjerp noch om ’e mûle. Jetse komt oanstuiterjen op syn âld fyts. Hy smyt him yn ’e boskjes, kwitst in rachel yn de sânbak en sjocht gnizend om him hinne. ‘Lekker rêstich hjirre… ha jim al wat betocht?’
Froukje knikt. ‘By Lútsen thús hawwe se in grutte karre, dy meie wy wol brûke.’
‘Okee. Wat sette wy derop?’ Wy sjogge alle trije nei Froukje.
‘Blommen?’
Allinnich Lútsen knikt. ‘Ja, wy kinne him wol fersiere mei blommen.’
Jetse lûkt de noas op. ‘Ik fyn neat oan blommen.’
‘Mar it is wol lekker maklik,’ seit Lútsen. Hy nimt it fansels foar Froukje op. ‘Dan hoege wy neat te meitsjen, gewoan in karre fol blommen. En dan gean wy der tusken sitten, of sa.’
‘Pfff…’ skodhollet Jetse. ‘Ik net, ik gean net foar gek sitten.’ Hy kwitst op ’e tegels.
Ik leau dat ik it ek wol moai fyn, in blommekarre. ‘Oars kinsto de karre wol lûke,’ sis ik,‘of witsto wat betters?’
Jetse snúft. ‘Hm…, watfoar blommen dan?’
Lútsen sjocht Froukje freegjend oan. ‘Hynsteblommen? By ús yn ’t lân stean der genôch.’
‘Nee, gjin hynsteblommen. Wy moatte roazen ha en dahlia’s en sa. Moaie grutte blommen en net allinnich giele.’
‘Dan moatst yn de Roazestrjitte wêze,’ skamperet Jetse. ‘Hjir achter de skoalle. Dêr hawwe se allegearre roazen yn ’e tún en ek wol oare blommen. Blommen sat.’
Dêr hat er gelyk oan, ik bin der niis noch lâns rûn. It binne dêr allegear grutte hûzen mei moaie tunen, mar ik tink net dat it sa maklik giet. ‘Moatte wy dan gewoan oanbelje en freegje om blommen?’
Jetse skodhollet. ‘Hat gjin doel,’ seit er. ‘Dy minsken binne allegear nei it wurk, of se sitte op it feestterrein. Der is gjinien thús fanmiddei.’
‘Wat jammer no,’ suchtet Froukje.
‘Ja, jammer foar dy minsken,’ gniist Jetse, ‘mar dêr kinne wy ek neat oan dwaan. As se net thús binne, kinne se ek gjin nee sizze. Dus wy moatte ússels mar rêde.’
‘Hoe…? Wolst dan gewoan…,’ besiket Lútsen noch, mar Jetse jout him in dúst yn ’e ribben. ‘Net piipje, helje do dy karre mar op, dan gean wy wol om blommen.’

As Lútsen ôfset is, rint Jetse de skoalle yn. ‘Eefkes wat ark helje,’ ropt er.
Froukje en ik gean op ’e râne fan de sânbak sitten. ‘Doarsto wol?’ freget se, ‘by in oar yn ’e tún?’
‘Ja, fansels wol,’ liich ik, ‘as der dochs gjinien thús is… makky. Do?’
‘Ik wit net… ik fyn it wol wat eng.’
Dat hast mei famkes, tink ik. Dy kinst der better net by ha, by soks. ‘Do kinst wol op ’e útkyk stean,’ sis ik. ‘Bliuw do mar op ’e dyk. Jetse en ik redde wol mei de blommen.’ Froukje knikt. ‘Okee,’ flústeret se, ‘dat is goed.’ Se glimket eefkes nei my. Ik ha ’t gefoel dat ik in kleur krij en dat is net fan de waarmte. Gelokkich komt Jetse wer nei bûten, it ark hat er yn ’e hân. ‘Roazen kinst net plukke,’ seit er, ’dy moatst knippe.’ Hy jout ús elk in skjirre.

As Lútsen in oere letter weromkomt mei de karre, ha wy deblommen al yn it fytshok lizzen. Froukje hat wol acht kear op en del west mei in earmfol roazen, dahlia’s en oare blommen. Trije tunen ha wy sa goed as keal knipt. Ik hie it wol wat mear spriede wollen, oeral in pear tuskenút, mar dat fûn Jetse tefolle gedoch. ‘It hinderet ommers neat, it groeit fansels wer oan,’ bewearde er, ‘nije wike sjochst der neat mear fan.’
‘Hoe sette wy se op de karre?’ freget Froukje. Se sjocht my oan, mar dêr haw ik earlik sein noch net oer neitocht. ‘Amers… miskien?’ Ik sis mar wat.
Jetse komt oandraven mei in ein tou. ‘Watte? Ha wy amers noadich?’ himet er, ‘dy ha wy thús wol, in hok fol! Nimt ús heit altyd mei út de snackbar.’
‘Ut de snackbar ?’
‘Ja, hat mayonêze ynsitten. ‘
‘Getfer…’ griist Froukje, ‘dy fette troep.’
‘Ja, lekker, fanke,’gniist Jetse, ‘miskien sit der noch wol wat foar dy yn. Wachtsje mar, ik bin hjir sá wer.’ Hy skuort syn fyts út de boskjes en jakkeret it plein ôf.
‘Hoe sille wy ús karre neame?’ freget Lútsen, ‘wy moatte al in namme ha, foar de sjuery.’
‘Blommen, gewoan, hiel simpel,’ seit Froukje, ‘dat fyn ik it moaiste. Wy kinne it der wol opsette op in stik kleurd karton. Ik helje wol wat út skoalle.’ Se is al ûnderweis. ‘Ik gean mei om filtstiften,’ rop ik har nei. ‘Lútsen, sykje do de blommen mar eefkes soart by soart.’ Mar Lútsen lit him net kommandearje. Hy bliuwt op de karre sitten en sjocht stúmsk foar him út.
As wy wer ta de skoalle útkomme, stiet Jetse al yn it fytshok mei in fracht grutte mayonêze-amers om him hinne. ‘Dit moat mar genôch wêze,’ monkelet er, ‘pleur de blommen der mar yn.’
Yn in omsjoch ha wy de hiele karre folstean. It sjocht der út as in kleurich gehiel, sels de fjoerreade letters fan fritessaus wurkje der oan mei. Ik kin amper mear in plakje fine foar it stik karton mei de namme derop. ‘Hoecht ek net,’ fynt Jetse. ‘Wat in ûnnoazele namme. Ast net sjochst dat dit blommen binne, dan bist blyn.’
‘Wêr moatte wý no sitte?’ freget Lútsen him lûdop ôf, ‘wy kinne der noait alle trije op.’
‘Froukje allinnich miskien?’ sis ik foarsichtich, ‘is dat in idee? As blommekeninginne?’
‘Ja! Goed betocht Tido. Dat dogge wy!’ ropt Jetse. Tagelyk jout er Lútsen in klap op ’e rêch. ‘Dan kinsto de karre moai lûke, want jim ha ferkearing, of net soms?’ Lútsen skoddet ferheftich fan nee, Froukje skodhollet ek. Se stekt de tonge nei Jetse út. Ik sjoch hoe’t se in kleur krijt. Jetse gniist mar wat en kwitst op ’e tegels.
‘Wolst dat wol, Froukje?’ freegje ik. Se lûkt oan ’e skouders. ‘As jim net sa flau dogge.’
‘Wy ha yn skoalle wol in keninginnejurk,’ sis ik, ‘dy kinst moai oanlûke.’ Froukje knikt.
‘Hee ja, de ferklaaiersklean!’ raast Jetse, ‘al wer in goed idee, Tido. Dan ferklaaie wy ús as ridders en dan neame wy it de befrijing fan de blommekeninginne.’ Jetse krijt de smaak te pakken, al kin ik him net hielendal folgje. ‘Hoesa befrijing? Wêrfan?’
‘Fan ’e eh…. fan de… ja! Fan de draak! Wy ha ommers ek in drakepak op skoalle. Lútsen, do dochst it drakepak oan, do ûntfierst de keninginne en ik en Tido drave der achter oan as ridders om har te befrijen. Machtich! Dit wurdt de klapper fan de optocht!’

Kertier foar sânen achter it fytshok, sa ha wy ôfpraat. De ferklaaiersklean lizze ûnder de karre. Wy hoege se allinnich noch mar oan te lûken, dan binne wy der klear foar. Thús ha ’k ferteld dat wy in karre makke ha mei ridders en draken en sa. Us memmendy binne tige benijd. Oer blommen ha ‘k it mar net hân, like my better fan net. Dat sjogge se aanst wol. Ik ha fiif euro meikrigen om nei ôfrin noch eefkes wat op it feestterrein te dwaan. Miskien wol Froukje wol mei my yn ’e sweef, as se doart.
De keninginnejurk stiet har prachtich. Se hat ek noch in kroantsje meinommen dat har wat bryk op ’e holle sit. Mar dat sjakt neat. Jetse en ik helpe har op ’e karre. Der is noch in lyts plakje frij tusken de blommen. It kin krekt. Wy ha de ridderklean al oan, allinnich Lútsen is der noch net. Stom. It is al fiif foar sânen, wy moatte ús hast opstelle. Foar de skoalle sjoch ik oare weinen stean, ik hear it korps al spyljen, se sille hast los.
‘Hoi!’ klinkt it ynienen om de hoeke fan it fytshok. It is Grytsje, Lútsen syn suske út groep sân. ‘Is dat ús karre?’ freget se. Se gychelet. ‘Moai hee. Mar eh… Lútsen komt net, hy is siik.’
‘Siik? Wat hat er dan?’ ropt Froukje.
‘Pinebúk, dat moast ik eefkes sizze. No hoi! Ik moat op de wein.’ Fuort is se wer.
‘Wat in sloppeling!’ raast Jetse, ‘pinebúk? Ha…! Meitsje dat de kat wiis! Hy doart net! Bangeskiter!’
Ik bin bang dat Jetse gelyk hat. ‘Mar wat moatte wy no?’
‘Wat moatte wy no? Tido, popke… Wy moatte neat! Wat tinkst, dat ík dy karre lûk? Bist gek? Dat ferrek ik. Ik doch net mear mei! Jim sykje it mar út.’ Jetse kwitst in rachel tusken de blommen en skuort de ridderklean út. ‘Ik gean nei hûs!’

De optocht rydt al. It lûd fan it korps ferdwynt stadich yn ’e fierte. Ik help Froukje fan de karre ôf.
‘De befrijing fan de blommekeninginne,’ laket se, mar ik sjoch de triennen yn har eagen stean.
Mei de ferklaaiersklean noch oan rinne wy nei de yngong fan de skoalle. De doar sit op ’t slot.
Froukje sjocht om har hinne. ‘Wat no?’
‘Wy lizze de klean hjir gewoan del, se fine se aanst wol.’
Der is gjinien mear op it plein, ek op ’e dyk is it stil no. Elkenien set achter de optocht oan.
Yn it fytshok klaaie wy ús om. ‘En wat dogge wy mei de karre?’
‘Dy ride wy nei de Roazestrjitte,’ sis ik, ‘dêr wette wy him del. Dêr hâlde se wol fan blommen. Kom mar mei.’
Ik helje de karre achter it fytshok wei en lûk him it plein op. Dat falt noch net ta. Hy rydt swierder as ik tocht hie. Froukje sjocht my wat benaud oan. ‘Mar… it is Lútsen syn karre…’ besiket se noch.
‘Ja, presys. Dêrom.’ Ik pak har eefkes by de hân. ‘En dêrnei gean wy yn ’e sweef. Doarst dat wol?’
Froukje knikt. Ik rydt de karre de dyk op. Hy fielt ynienen in ein lichter. Wy ha him samar te plak.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels