Kykoperaasje

BOUKE VAN DER HEM – 

De earste tarieding bestie út it tekenjen fan in lange pylk nei ûnderen ta, mei in fineliner waard der sadwaande fan ’e seame fan myn slip ôf op wiisd dat it de línkerknibbel wie dy’t ûnder hannen moast. Ommers, jonges dy’t ik mei sporten ornaris royaal achter my liet, koe ik mei dy wrakke knibbel net langer byhâlde. De ynliedende suster hie my plichtmjittich frege nei it wêrom fan ‘op uw leeftijd nog zo’n ingreep’ en dus fertelde ik dat sa besteklik; wilens bewarre sy it dopke fan de stift nonsjalant yn ’e mûle.

Se holden knibbeldei hjoed.

De operaasjekeamer wie hypermodern, tinkt my, mar hie tagelyk ek wat Hill Street Blues-achtichs: der rûnen en rôpen in tsiental blauwe figueren drok troch mekoar hinne. En net fuortdaalk wie dúdlik wa’t no de ortopeed-in-charge wie. Fier yn ’t foar hie ik fansels al oanjûn dat ik gie foar de flinke en moderne oanpak: in rêchprik, oant de mul ferdôve en dan lekker jins eigen operaasje folgje op it bombidige skerm, itselde as wêr’t real time de operateur by syn hanneljen op ôfgie.

Der móát earst pisse wurde, earder mei de pasjint net nei hûs. En dat lêste dan net allínnich, mar ûnder begelieding.

It earste wurk waard dien troch in frommes mei in soartemint fan oversized sportbril op; ‘Dit is zeg maar ons grijpertje; en nu werkt als het ware de haak beter, ziet u wel? Nog even het zaagje en spoelen maar, jongens!’ Yntusken koe ik út wat toch myn knibbel wie, gjin wiis wurde.

Op in stuit frege – of wie it roppen? – sy in sekere Bart om assistinsje en efkes letter om it oer te nimmen. Dy reus fan in fint makke beret de klus ôf – ‘Zuigen en afhechten!’ – en sloech fierders elke eksplikaasje by de bylden oer.

By it ôfriden fan de OK ferdútste de hast tradisjoneel spraakgestoorde spesjalist noch wol dat de yngreep ‘niet voor niks’ west hie. Oft dat syn knypeach wie nei de deklaraasje by myn fersekering, it boeide my allegear even net, ferstuivere troch wat ik live sjoen en ûndergien hie.

Rillegau lei ik my mei lotgenoaten op de recovery ûngelokkich te ferfelen.

Wy troffen dêr alwer in prototype. Hja wie oare moanne klear mei de baan as suster en soe dan fuortendaalks te seesilen, mei har dokter! Dat lústere ik ôf doe’t se yn petear wie mei in kollega, wylst se har bûgden oer it bêd fan in pasjinte dy’t foar algehiele narkoaze keazen hie; beide op ’e teannen steand yn fan dy heale ferplegingsklompen. Se tochten grif dat ik ek mear as pleatslik ferdôve wie…

Letter liet se in learling de sealfitraazjes iependwaan; ‘Dan krijgen jullie nog wat mee van de prachtige dag, buiten!’

Ik wie hast de lêste dy’t se gean lieten. In kwestje fan juridyske oanspraaklikens: der móát earst pisse wurde, earder mei de pasjint net nei hûs. En dat lêste dan net allínnich, mar ûnder begelieding. En – alderlêste húsregel – de begelieder moast by de resepsje in karke sjarterje en boppe nei de ôfdieling Dagopname ta meinimme.

Mar first things first: plas vóór ontslag. Ik woe stommegraach dat ik mige koe, al wie it mar fan dy ferpleging, mar leafst ek noch óp suster Slauerhoff, of dwylde ik no?

Thús bytiden sa koartmiellich as de sykte, der binne nachten dat it kopke jûnstee yn trije shifts útwetteret, mar hjir, ho mar. De suster waard suver wat diskreet en frege oft de ferdôving as lêste by de billen al wat weiluts; ‘Geduld – geduld, het komt – eens komt het!’ mûskoppe se.

It siet sjesa: alle folsleine narkoaze-gefallen wienen al ûntslein en thús, wa wit yn ’e tún, mar ik en ien oare live-sjogger leinen as lêsten oer. De man frege wannear’t je eins wer fytse mochten. Ik besocht noch mar werris de wc, wie gau werom en krige noch mei: ‘Dus voortaan luisteren naar uw knie!’

Te lange lêsten kaam der in mizerich dripke, liigde ik der in stikmannich by en die in needoprop oan myn achterwacht.

Op de einleaze gong nei de exit rieden wy hast allinnich noch mar skjinmakkers yn ’e mjitte.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014),  2 (april) s. 54-55.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.